De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 1] [p. 1] [Nummer 1] G.N. Visser: It lanhus Hwat fyn hifkjende architekt Sette hjir dit lânhûs krekt Hwer't it stean moast yn dit gea Ien dermei en ûnder 't leaf Fan heech opgeand ikehout As foar ieuwen, ieuwen boud? Efter himelspeegljend rút Sjuchstû fier oer 't lânskip út Iepen is 't en grien en 't leit Under lofts biweechlikheit Effen en lâns sleat en wei Tsjugge elzenbeamkes mei O, hoe smûk lei dit lyts hûs O hoe feilich is 't gerûs Fan de beammen, smûke skut As de winter wrantlich wurdt Al hoe slim de stoarmwyn beart Hjir wurdt de berserker keard Aensen komt in jonge frou Op it terras en wachtet ôf Komt er nou? noch net? hja stiet By de hage... Sinne jit Rossich goud oer fjild en wei Dien is wer de lange dei En as strak har tsjerl komt Steane hja by 't roazeblomt Geane oer it grintpaed en Dan hearst ek in júb'ljend bern Lampeglâns! Har is it ljacht, Us it skaed jown, ús de nacht Freone kom, lit ús nou gean Soene wy dit lok forstean? Swalkers bin wy, en ús paed Blyn allang en einleas waerd [pagina 2] [p. 2] D'ûnrêst binne wy ta'n bút Nearne smyt wy 't anker út Kom myn maet, de nacht is blau Kies de fage wegen nou En wês nea oergunstich net Frij en bitter is ús hert Mei de sé, o lang al lyn Sleatstû freonskip, en de wyn Mei de sé, o lang al lyn Sleatstû freonskip en de wyn Vorige Volgende