dering to kennen jaen, dat sokke ûnfolgroeide skyn-poëzij yn Fryslân blykber safolle ôftrek fynt, dat in nije printing mooglik en winsklik wie.
De syklus Heit is net earder yn boekfoarm útkommen. Dy soe dus in nij faset bleat lizze kinne fan de skriuwersfiguer Koaistra, riper wurden, forbrede en fordjippe troch de jierren hinne. De foarm, dêr't dizze 31 ‘fersen’ yn ôfprinte steane, ropt sokke forwachtingen oars wol op. Hjir gjin gefoelsútstoartingen, parse yn 'e wynkûp fan it slim to hantearjen sonnet, in prosédé dat it mislearjen fan de earstneamde bondel hast needsaeklik makke. Hjir in ‘dichtsjen út 'e frije hân’, sûnder de ballêst fan rym of ôftelde rigellangte. Dus sa't de jongere nei-oarlochske dichters ek to wurk geane? Ja, mar dan sûnder symbolyk, sûnder it assosiative, sûnder psychyske forfining.
De skriuwer jowt hjir in idéalisearre projeksje fan syn eigen jeugdyndrukken op 'e figuer fan syn heit, dy't er biskriuwt as in foarbyld fan in fûle lânwrotter en in hoekhâldend kalvinistysk Kristen, in figuer, sa't de doarpen om Frjentsjer hinne folle oplevere hawwe. Yn ôfwikseljend lange en koarte frij-ritmyske rigels, mei help faek fan in as in soarte staccato oandwaende wurdopneaming wurde de lotgefallen fan in maetskiplik him opwrottende arbeidershúshâlding op 'e Klaei hjir oproppen. Heit is sadwaende in foege komprimearre boereroman to neamen, hweryn it famylje-komôf, de groun, de drege arbeid op dy groun ensfh. ryklik har gerak krije. En dochs foldocht de oantsjutting ‘roman’ hjir net. Dêrfoar ûntbrekt it hjir oan brede, epyske skildering en in chronologysk oaninoar riigjen fan de libbensfeiten. Better soe it wêze en meitsje in forgeliking mei in film, mar dan ien dy't inkeld út close-ups bistiet. Net sûnder talint wit Koaistra dit libben fan de heit foar jin del to setten. It is allinne spitich dat er tofolle mei de noas op dy feiten stean bleaun is en, slimmer noch, dat it sentimintéle him tofolle yn 'e macht hat. Utreden dêrfan wurdt dizze heit-figuer, sjoen troch it dichtereach, net op heger niveau set, mar bliuwt er ien út 'e mannichte, ek al neamt de skriuwer him yn ien sike ‘bern fan 'e ierde’ en ‘bern fan God’. De syklus einget mei in fers dat dúdlikerwize ôfstimd is op Psalm 89 fers 7. It set yn mei geve rigels as:
Loksillich is it folk, dat libbet by it Wurd.
It Wurd dat harren hâld en libbensbrea bitsjut,
it Wurd dat as in lampe ljochtet oer har dagen,
it boadskip fan har heil, it andert op har fragen...
mar dat yn 'e sechste rigel forkrommelt en yninoar siicht, om't de skriuwer blykber mei alle gewelt syn titelwurd efteroan ha woe, in yntellektueel yngripen dat it hiele slútfers yn ien slach amputearret.
As gehiel is dizze bondel gjin poëzij wurden. Earder soe Heit in koarte famyljekronyk yn - hjir en dêr - ritmysk proaza neamd wurde kinne. De sinnen meije dan, almeast ôfgeand by aksint en ritme, op 'e blêdspegel yn stikjes kappe wêze, dit typografysk helpmiddel kin op himsels gjin poëzij skeppe. Soe men de ynhâld fan de bondel yn proazarigels printsje, gjin lêzer soe der erch yn hawwe dat hjir - sa't de ûndertitel nou dúdlik oanjowt - ‘fersen’ bidoeld wiene.
D.A. TAMMINGA