net to ûntstriden dat sok fan âld makke nij meastal in persoanlike ‘lading’ meikriget, dy't dizze opblaesde archaïsmen poëtysk oannimlik meitsje.
Dizze technyske bihearsking fan syn medium, de tael, makket Sikkema ek by útstek geskikt as oersetter fan poëzij. Hy hat dy feardichheit biwiisd yn Noarderljocht (1953), de samling Sweedske lyryk, yn De Ballade fan Reading Gaol fan Oscar Wilde en net to forjitten yn talrike sjongteksten foar lieteboeken - hy biwiist it opnij en net to min yn dizze Seinen. Net dat de bundel allinne út oersettingen bistean soe. De lytse syklus dêr't er mei iepenet en dy't de dûbelsinnige, ‘grammatyske’ titel It ûnfolslein forline draecht, is oarspronklik wurk. Elk fers bistiet dêryn út twa fjouwerrigelige strofen. It binne fersen skreaun mei in resignaesje, sa't oant nou ta yn Sikkema's wurk selden birikt wie. In wikseljende stimming fan twivel nei libbensoanfurdiging foarmet hjir de ûndertoan:
Op echopleinen falle ûnbiskamme
Us trêdden hjoed noch gear, mar 'k wit foargoed
Dy stille freon, en net fan fleis en bloed,
Wer njonken ús - en twivel is syn namme. (bls. 10).
Mar nou sil sinne him ûntwine
En bringt in nije ierde yn toai.
Slim ûnfolslein bliuwt elk forline
Mar lokjend-frjemd is 't hjoed - en moai! (bls. 13).
Ek by dizze persoanlike stimmingslyryk falt it op dat Marten Sikkema hast nea yn 'e earste persoan iental skriuwt. Syn ‘ik’ forberget er graech efter foarnamwurden as ‘hy’ en ‘him’, ‘wy’ en ‘ús’. Is dit Fryske ynbannichheit dy't it meartal siket? Is dit binaudheit foar it rjochtstreeks tsjûgjende, it konfidinsiéle? It is min to sizzen, mar hinderlik en ôfbreuk dwaende oan de direkte wurking fan syn fers is it wol. As er bygelyks op bls. 9 in rigel skriuwt as:
Us mûle hat gjin inkeld wurd mear socht
dan komt sa'n pluralis modestiae ‘ús’ al to ûnpersoanlik oan, om't hjir nei in objektivearring stribbe wurdt dy't by sokke lyryk nou ienkear net past.
Ek de twadde ôfdieling Sparkels, in ûngebrûklik wurd dêr't in eksperiminteel dichter it wetter by om 'e tosken rinne moat, bifettet alve oarspronklike fersen. Sawol yn 'e thematyk as yn 'e fersfoarm is gâns forskaet to bispeuren, al hâldt de dichter hjir ta yn 'e (plattrape?) tradisionéle fjilden fan it sonnet, it rondiel, de rederikersballade en de sljochtwei fjouwerrigelige strofebou mei peare of omearmjend rym. It sonnet Memmestêd, dêr't sûnder mis de lof fan Boalsert yn songen wurdt, liket my fan dizze rige it sterkst ta.
De helte fan de bundel wurdt ynnommen troch oersettingen. Ut it Frânsk, it Ingelsk en it Hollânsk fortalend lit Marten Sikkema hjir in bûnt selskip dichters de revu passearje (Ivor Brown, Charles d'Orléans, Baudelaire, Moréas, Byron, Elsschot). In taestber biwiis dus dat er sûnder sichtbere muoite wit troch to kringen yn fier útinoar rinnende gefoelswrâlden, sawol fan tiid as fan persoan. Men moat as oersetter wol in tige reseptive en rekonstruktive geast wêze om al dizze fûgels fan ûnderskate fear ûnder it net fan it eigen dichterlik idioom to biflappen.
De greatste technyske prestaesje leveret Sikkema hjir mei syn oersettingen fan sawn balladen fan de 15e ieuske Frânske dichter François Villon. Dizze ‘slimme’ dichtfoarm mei syn strange strofebou en syn rymakrobatyk is him wûndere bêst ôfgien. Hwa't de bikende Villon-rigel ‘Je meurs de seuf aupres de la fontaine’ wit oer to bringen as ‘'k Forlij fan toarst dêr't de fonteinen sproeije’ hat as masteroersetter in earemedalje fortsjinne. Ek it gedicht dêr't de bundel mei slút, Grêfskrift yn ballade-foarm, yn it origineel L'Epitaphe Villon, is in knap stik wurk, al moat in passus as ‘wy bingelje foar skut’ (strofe 3) in mispas neamd wurde, ûntstien al moai grif út rymneed. Forgeliking fan dizze oersetting mei in Fryskenien (fan Anne Wadman yn It Heitelân 1941 ûnder de titel Ballade fan de forhongenen) en mei trije Nederlânske fan J.W.F. Werumeus Buning, fan Raymond Herreman en fan Bert Decorte liet de dichter fan Seinen as earste priiswinner by my út 'e bus komme.
Lit ús hoopje, dat it Marten Sikkema jown wurde mei, mear seinen, en dan