De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 352]
| |
Tjitte Piebenga:
| |
[pagina 353]
| |
Sa is it net tafallich, dat der op itselde stuit nozems en eksperimintéle dichters binne. It binne twa manifestaesjes fan deselde libbensskôging, mar beide dochs eksperiminteel. Yn de forhannelingen oer beide forskynsels wurdt dan ek in min ofte mear lyksoartige útliz brûkt, is de terminology ûngefear itselde, en wurde identike foaroardielen lânsearre; by de eksperimintélen literair biskaet, wylst it nozemisme mear sosiologysk oanpakt wurdt. Dêrom is it eksperimintalisme in streaming, boun oan in biskaet tiidrek mei in eigen tiidsfielen en in eigen moade, en dêrmei is dan ek sein, dat it eksperimint yn 'e hjoeddeiske literatuer ta in manierke forwurdt, mei alle gefolgen keppele oan manierkes en arrivisme. Dêrby komt noch, dat it eksperimintéle fers technysk frij maklik ‘leit’, en dêrtroch is it, mei syn brokkelige opbou en de gauris ûnlogyske wurdkar, tige maklik nei to folgjen. En it wurdt maklik en noflik neifolge, mei om't der mear oandacht bistege wurdt oan, en mear herje makke wurdt om de eksperimintélen as oan en om de net-eksperimintéle hjoeddeiske literatuer, en soks forskaft de epigoan in greatere rounte fan lêzers. Sa leit it der alteast yn Hollân hinne. Hjirmei is it eksperimintalisme noch net foroardiele. Ek de net-eksperimintéle dichter is biskaet troch de eigen tiid, sels yn de neidruk, dêr't er him mei fan de eigen tiid distânsiearretGa naar voetnoot**). Men kin, hoe't it ek bisjoen wurdt, net nèt fan de eigen tiid wêze, en dêrom is men altyd, hoe'n lyts krûmke ek, bïynfloede troch de eigen tiid. Nou is it de kwestje, hoe't dy ynfloed fan de eigen tiid forarbeide wurdt, en hjirby mei mar ien kriterium ta jilding brocht wurde. Net, is dat forarbeidzjen eksperiminteel bard ja ofte né, mar is dat forarbeidzjen earlik bard foar eigen oanliz en foar eigen middels oer. Sa hifke, sil der gâns fan hwat it eksperimintalisme opbrocht hat falle, lykwols net mear as der falle soe fan eltse oare streaming út hok tiidrek ek. En dêrmei wurdt de iensidichheit fan de eksperimintélen ôfwiisd, as soe it eksperimint de iennichste mûglike foarm fan literatuer wêze hjoed-de-dei, hwant de mear tradisionélen as Tienhoven, Van der Graft, Aafjes en Van der Plas binne sûnder mis like modern as Andreus of Lucebert, en sprekke perfoarst net minder sterk oan. Hja meitsje sels de yndruk in bredere visy to hawwen, en binne yn elts gefal minder bistjurre yn slogans en théoryen. Dat der sa in antithese tusken tradysje en eksperimint ûntstean moast, is sa klear as glês. De oant 1948 ta frij kalme literaire merk waerd linkenoan fan it eksperimint oerstreamd, in eksperimint, dat alles bistoarme en bifocht hwat de tradysje sjoen hie as goed en fol wearde. Dat de oarloch sa gau foarby wie, leit him lykwols minder oan de eksperimintélen as oan de tradisionélen, om't de lêsten, ek yn deselde tiid steande, min ofte mear fan deselde wanhopigens en itselde negativisme bifongen wiene as de eksperimintélen. Dêrtroch joegen hja to gau bilies, en dêrmei ûntstie in stiltme, dy't de eksperimintélen de kâns joech, yn allerhande literaire tydskriften troch to kringen. Foar de avant-gardistyske dichters hat dizze stiltme lykwols fatael west, hwant de nedige krityk en polemyk bleau fierders út, hwertroch it eksperimintalisme to gau arrivé rekke, en to gau | |
[pagina 354]
| |
pronke yn de goed ôffrede tún fan de blomlêzing. Dêrom duorre it net sa lang, dat de fraech steld waerd: ‘Experimentelen, wat nu?’Ga naar voetnoot***), in fraech, dêr't Rodenko mei oan wie, en dêr't in skerp andert op útbleau. Rodenko bisocht wol in andert to finen, mar seach de problematyk net skerp genôch; it andert bleau dêrom breklik en slop, fan dy gefolgen, dat it avant-gardisme fan '50 sa stadichjesoan stomp roun is. De théoryen bisteane noch wol, mar de dichters fan de avant-garde hawwe de linigens krige, en ûntsiz dizze bitinksels de allinnich-sillich-meitsjende wurking. Sels Lucebert hat al rym en logika brûkt: de wurklikheit oerlibbet eltse théory.
Dat it Hollânske eksperimintalisme net in op himsels steande streaming wie, mar in sydstreamke fan in greatere Westeuropeeske biweging, seit himsels. It avant-gardisme fan de fyftigers liket in lette fariaesje fan it surréalisme to wêzen, sa't it tusken de beide greate wrâldkrigen yn Frankryk bidreaun waerd. Hwerom't it earst yn '50 yn Hollân kaem, is net alhielendal to forklearjen; in wichtige faktor yn dizze fortraging soe it feit wêze kinne, dat Nederlân út 'e oarloch '14-'18 bliuwe kind hat, en mei dêrtroch sil it goede psychologyske klimaet dêr't it surréalisme op bloeije koe, ôfwêzich west ha, wylst it dêrfoaroer wol yn Frankryk oanwêzich wie. Ek in reden kin wêze, dat de greate Westeuropeeske streamingen ornaris letter en stadiger yn Nederlân trochkringe as yn de lânnen dy't om ús hinne lizze, hwat wer in gefolch fan it frij stadige, sekundaire en erchtinkende folksaerd wêze kin. Bliuwt lykwols it feit, dat eksperimintalisme en surréalisme gâns fan elkoarren wei ha, net allinne yn de wize fan útdrukking, foarm en faek ûnlogyske wurdkar, mar ek, en dan tige sterk, yn de théoretyske eftergrounen. Beide ismen wolle troch it skriuwen komme ta in bredere en ynhâldriker kennis fan de minske, binammen fan syn psychologysk aspekt, en fan syn ‘umwelt’, hwerby't it fansels de fraech bliuwt, oft soks mûglik is. Bitsjinne it surréalisme him fan de ‘écriture automatique’, it eksperimintalisme liket itselde to dwaen, al is hjir de ynfloed fan de rede gâns sterker as yn de Frânske rjochting. Boppedat biroppe de Hollânske avant-gardisten har op Artonin Artaud, René Char en Henri Michaux, dy't se as foargongers biskôgje, hwat op himsels al in sibskip ûnderstelt. It surréalisme is lykwols al gau, lykas it surréalisme yn de skilderkunst, forwettere ta in nij esthétisisme, hwat sa stadichjesoan ek al fan it eksperimintalisme sein wurde kin, nettsjinsteande it libbensskôglike aspekt dêrfan. Dat it eksperimintalisme in jier of fjouwer letter yn dizze oarde trochkrong as yn Hollân, kin as oarsaek ha, dat de homo-intellectualis yn Fryslân yn in mear isolearre sitewaesje forkeart. It greate artistike barren giet him sa licht foarby, en gauris sil sok barren hjir dan ek út 'e twadde hân oerwaeijen komme. Dêrby komt dan noch, dat de fiedingsboaijem hjir minder ryp foar it eksperimintalisme wie, om't de literaire ûntjowing fan de Fryske literatuer oars forroun is as de Hollânske. Yn Hollân wie it radikael-nasionalistyske elemint yn de literatuer sûnt 1880 forspijd, wylst Fryslân, ûnderweis nei literaire mounichheit, noch oantangele siet | |
[pagina 355]
| |
mei nasionalistyske préokkupaesjes. Wol kamen romantyk, ympressionisme en in weak ekspressionisme hjir ek foar, mar ornaris letter en minder heftich as yn it greatste part fan West-Europa; de ûntjowing is dus wol likernôch lyksoartich forroun, mar yn inkelde opsichten oars, trager, minder yntins en mear ûnfruchtber, binammen yn it literaire klimaet. Boppedat hat de Fryske literatuer in gâns koartere tradysje, dus minder mûglikheden, en sa koste it mear ynspanning en muoite, dizze literatuer fan de tradysje los to weakjen, krekt om't der noch to min eksperimintearre wie. In visieuze sirkel dus, dêr't min út to kommen wie, en dêr't de hjoeddeiske eksperimintélen by uzes ek noch knap mei tangele sitte. Tsjintwurdich leit de problematyk der noch krekt sa hinne as jierren forlyn: it kulturéle elemint moat fêst yn it Frysk forankere wurde, en om't soks noch gjin feit is, sil dizze problematyk to'n earsten bistean bliuwe, net allinne yn 'e literaire, mar ek yn 'e wittenskiplike taelrounte. De tael hat yn dit stik fan saken eat fan klaei: hwat minder der yn omknypt en dien is, des to mear is it ûnbrûkber. Uteraerd krige it Fryske eksperimintalisme sa in oar oansjen as it Hollânske, en it mòàst in oar oansjen ha. Boppedat bliuwt it in feit, en dêr hat Durk van der Ploeg gelyk oan, dat it eksperimint hjir net spontaen út in ‘eksperimintéle groepearring’ wei omheech kaem, mar oproppen waerd troch it foarbyld út Hollân. Nou is dat fansels gjin yngreven biswier, hwer bliuwe wy oars?, mar nou't de omstannichheden, binammen yn it stik fan de tael, oan diz' kant de Iselmar sa finael oars leine as oan 'e oare kante, moast it avant-gardisme hjir wol yn in formeagere en fortinne foarm wer foar it ljocht komme. De eksperimintélen steane sa by uzes noch tofolle yn in frontstelling fan de tael, en bûtendat kinne se har noch slim thús fiele yn 'e nije sitewaesje, dy't ûntstie, doet de spjalting tusken literatuer en Biweging stadichjesoan skerper en yngeander waerd. Hiene de tradisionélen in biskaet doel, dêr't hja foar en op oan skreauwen, dat hiene de eksperimintélen net mear, alteast lang net sa klear en persoanlik forankere - alles wie dochs oan 't foroarjen? - en dat rôp in ûnwennichheit op, dy't it fol ûntbloeijen fan it eksperimint yn it paed stie, krekt om't hja noch tofolle oanhelle wiene mei de tradysje. It eksperimint stiet hjir dus mear op in skiedingswâl, en it kin sa net oars wêze as in nuodlik bidriuwen fan literatuer, in faei bisykjen, likernôch itselde plak to bifjochtsjen as de avant-garde yn Hollân dien hat.
Ljouwert 1952: in kloftsje jongfeinten, dichters yn spé, en mei gâns wylde théoryen yn it boppest mesyntsje, hawwe heard fan Lucebert, Rodenko en Andreus, en wolle hjir eat ‘ähnliches’ prestearje. Fortuten: De Golle, in (literair) bledtsje sûnder nivo en visy, dat fuort al to kampen hie mei de ôfwêzigens fan in théoretyske en krityske lieding. It earste nûmer gie dan ek yn sé ûnder de flagge fan in a-literair skôginkje, dat neat om 'e hakken hie, en dêr't noch neat fan in antithétyske hâlding tsjinoer De Tsjerne út spriek. It net foarriedich hawwen fan krityske lieding soe de faeije kant fan De Golle bliuwe, ek, doe't it bledtsje nei trije nûmers foroare yn quatrebras, en dat de haven út fear mei in a-literair program, dat dêrby om in | |
[pagina 356]
| |
ûnbilangrike kwestje min ofte mear rankuneus foar De Tsjerne oer stean gie. Lykwols, it nivo waerd gâns heger, en de artistike winst wie, hifke oan De Golle, net lyts. Dochs bleau de krityske healens de wichtichste krupsje fan dit literaire tydskrift, en dêrmei makke it syn bistean min ofte mear diskutabel, om't de literaire needsaek fan quatrebras sa yn 'e gleone kiif steld waerd. It karakter fan in eksperimintéle rounte bleau sadwaende to sletten, en it hâldde eat fan in feilichstelling, dy't uteraerd net yn 't lykwicht lei mei doel en opset fan sa'n tydskrift of rounte, en hielendal net mei it libbenskôglike aspekt dêrfan. Dêrmei bleau de posysje fan quatrebras twifeleftich, al bisochten in stikmennich meiwurkers it eksperimint yn 'e Fryske literatuer to fundearjen en oannimlik to meitsjen. Dizze essays leveren oars neat wichtichs op as in théory fan Marten Brouwer oer hark- en sjochfersen, dy't bidoeld wie de literaire krityk in basis fan oardieljen to jaen, in théory, dy't nijsgjirrich wie, mar fierders gjin nij ljocht smiet op it eksperimint yn de literatuer. Dêrby komt noch it feit, dat De Tsjerne almeast frij traech en somtiden sûr réagearre, en dêrmei forfoel foar quatrebras de needsaek, yn essay, krityk en polemyk it eksperimintearjen in fundamint to forskaffen of byneed to rjochtfeardigjen. Faeks hat dit ien fan de wichtichste oarsaken west, dat de eksperimintélen harren nea strang-formulearre fordigene hawwe. Hjirút kin lêzen wurde, dat it mei de generaesjetsjinstellings dan ek wol hwat tafoel, in ornearring, dy't yn elts gefal foar de tradisionélen wier is, en foar de avant-gardisten wier wêze kin. Ommers, gâns meiwurkers fan quatrebras hawwe yn De Tsjerne debutearre, in feit, dat op himsels dochs wol hwat seit, al seit it mear, dat Jelle de Jong langer yn dit tydskrift publisearre hat. Hjirby bliuwt fansels de fraech bistean, ynhoefier't in generaesjetsjinstelling biskiedend wêze kin foar de posysje fan in literair tydskrift. Dizze sloppens yn it krityske en essayïstyske wie net allinne foar quatrebras faei, mar ek foar de eksperiminteel skriuwende dichter. De literaire noarm rekke dêrmei yn it ûnlân, en soks forliedt licht ta in maklikens dy't syn ynfloed op it fers útoefenet. Dat it eksperimintalisme hjir dan ek yn fortinne foarm op 'e nij foar 't ljocht kaem, leit him wis dêr mei oan. Gâns quatrebras-dichters binne dan ek net ûntkommen oan it skriuwen fan rigels, ‘... dy't, as hja efterinoar lêzen wurde, in gewoane folsin foarmje’ (Jelle de Jong, Experimentalia, quatrebras, 5e jiergong nr. 1), hwat nou krekt net in komplimint foar in eksperiminteel dichter is. Ut dizze hoeke wei sjoen siet quatrebras lykwols faker mei twa skonken yn ien bokse, hwant ôfwêzigens fan krityske lieding liet him ek jilde yn it tydskrift sels. Net allinne, dat posysje en rjochting net nei bûten út fundearre en fordigene wurde koene, mar de redaksionéle posysje waerd sadwaende dubieus, om't de kar fan it op to nimmen wurk uteraerd slimmer en nuodliker waerd. Mei dêrtroch koe quatrebras net in duorsume kwaliteit hanthavenje, en liet it gauris fersen op syn blêdden ôfprintsje, dy't dêr qua sfear en klimaet net thús hearden. Nou kin soks fansels ek in gefolch wêze fan in to lytse kar, mar it opnimmen fan sok wurk wurdt dêr noch net mei rjochtfeardige. It ûnderskie tusken Tineke Bethlehem en Jan Dotinga oan 'e iene, en Wybren Veeman en Ella Wassenaer oan 'e oare kant, waerd op sa'n wize kunstmjittich en ôfhinklik fan de lite- | |
[pagina 357]
| |
raire eksposysjeromte, hwermei't it prinsipiéle ûnderskie in experimentalis forlern gie. Soks pleitet wer foar de ornearring, dat de tsjinstelling tusken De Tsjerne en quatrebras mear op oare, as op literaire grounen fêst lei, en dus suver literair in idée-fixe wie. Dêrmei wie de sitewaesje fan quatrebras oanfjochtber. Wol wie yn dit tydskrift to merkbiten, dat der war dien waerd in noarm to finen, hwerneffens it eksperimintéle wurk hifke wurde koe, mar dizze tendinsje wie foarlopich noch to dizenich en manifestearre him almeast noch allinne yn it bisykjen oan dàt wurk plak to jaen, dêr't út bliken die, dat it út in eksperiminteel oanfielen wei skreaun wie. Dêrmei waerd yn wêzen in a-literair kritearium oannommen, hwerby't it fersewurk mear neffens libbensskôging as neffens poëtysk gehalte bioardiele waerd. In iensidichheit, dêr't eins mei tobektaest waerd op tastânnen, sa't dy foar 1880 yn 'e literaire krityk yn Hollân bistiene. Fansels telt it libbensskôglike aspekt yn 'e poëtyske krityk mei, moat it meitelle, mar it iensidich bioardieljen op metafysyske wearde, is in selde blinens foar de poëzij oer, as it kâlde esthétisisme fan it l'art pour l'art. En sa kin dan de tsjinstelling tusken de beide Fryske literaire blêdden karakterisearre wurde mei de antithese tusken metafysika en literatuer, al waerd, binammen yn quatrebras, mar ek gauris dêrbûten, dizze tsjinstelling fakentiden opfette as revolúsje kontra tradysje, hwat perfoarst net wier wie, om't beide blêdden it eksperimint romte joegen. Hjirby bliuwt lykwols it feit bistean, en dêr binne de Hollânske literaire blêdden ek net oan ûntkommen, dat der bûten de libbensskôglike in oare iensidichheit bistie, dy't foaral útkaem yn it allinne mar opnimmen fan eksperimintéle poëzij, of hwat der foar gean moast, wylst elts oar modernisme foarby sjoen waerd. Nou kin steld wurde, dat soks opsletten leit yn it karakter fan in avant-gardistysk tydskrift fan biskate rjochting, en dat dizze iensidigens syn posysje krekt rjochtfeardiget, mar dat quatrebras sa it karakter krige fan in sletten en feilige romte, is in ûntjowing, dy't net allinne op rekken komt fan de ôfwêzigens fan krityske lieding, mar ek, en net minder, op rekken fan dizze ôfslettenheit, dy't perfoarst net ynhaerint hoecht to wêzen oan dy iensidigens. It Fryske eksperimintalisme bleau sadwaende in lossteande streaming, in min ofte mear bloedleas bisykjen, sûnder fierdere konsekwinsjes as it eksperimintalisme sels. Dêrtroch ek waerden de yndividuéle ûnderskiedingen yn 'e rounte fan quatrebras to folle nivellearre, en boppedat waerd krekt troch dizze iensidigens in hechte omfetting fan de jongste generaesje ûnmûglik, en sa aksintuearre dizze iensidigens himsels. Hjirmei waerd bûtendat de kâns forsitten, in fûle, agressive pressure-group to foarmjen, en dêr sil it him grif mei oan lizze, dat it Fryske eksperimintalisme net dy status bifjochtste koe, dy't it avant-gardisme yn Hollân bi-avansearre hie. Mei dêrom bleau de posysje fan it eksperimintalisme by uzes ûndúdlik en dubieus, en roun it likernôch dea, noch foar't it ta folle ûntjowing kommen wie. Bliuwt noch de fraech, oft quatrebras wier great wêze mocht mei de kop ‘eksperiminteel’. As fêststeand feit mei oannommen wurde, dat it libbensskôglike elemint yn quatrebras (sjoch Snipperprogram, foarste jiergong, lêste nûmer), ien fan de aspekten fan it eksperimintalisme is. Fierders docht út hast alle nûmers bliken, dat de eksperimintéle fersfoarm | |
[pagina 358]
| |
fakentiids wol brûkt waerd, de fersen wiene tominsten almeast ‘foarmleas’, mar dat de ynhâld faek noch oanhelle wie mei in tofolle oan tradysje, en to min dreau op de assoasiaesje fan klank en byld, hwermei't gâns fan it suggestive elemint fan de eksperimintéle poëzij ferlern gie. Dêrby waerd it eksperimint nochal ris opfette as in ûndersiik fan it platte wurd, hwat oer 't algemien lykwols op neat útroun, ôfsjoen dan fan 'e dégradaesje fan it eksperimint. Dêr komt noch by, dat it eksperimint as eksperimint tofolle lei yn 'e sfear fan it al of net brûken fan ynterpunksje en haedstêven, wylst de ûnderskieding eksperiminteel-tradisioneel bytiden ek yn dy geast bilibbe waerd. Sa bisjoen moat sein wurde, dat lang net alle meiwurkers fan quatrebras as eksperiminteel to boek stean meije. It measte wurk bleau dan ek in tige biskieden bisykjen om ta it eksperimint to kommen, hwerby't it logysk is, dat de posysje fan ditsoarte wurk earne leit tusken avant-gardisme en tradisionalisme, al leit it qua ynhâld tichter by it lêste. Eins hat quatrebras yn al syn jiergongen as eksperiminteel tydskrift dreaun op ien dichter, dy't it neist oan it eksperimintéle klimaet bisibbe wie, en dy't it byskrift ‘eksperiminteel’ yn 'e kop fan quatrebras rjochtfeardigje moast, yn 'e mande miskien mei noch ien of twa oaren, dy't lykwols lang net oan him takamen. Dat eksperimintélen him opsierden mei de earetitel ‘greve’ kin Jelle de Jong neat oan dwaen, mar in feit is, dat hy de iennichste dichter wie, dy't it eksperimintéle nivo fan quatrebras útmakke.
Dat it Fryske eksperimintalisme net itselde plak tametten krige as it Hollânske, leit him dus net allinne oan it ûntbrekken fan in stûfe, krityske lieding, en oan de foar in part needsaeklike iensidigens fan quatrebras en syn meiwurkjende rounte, mar ek oan de taeltradysje. It lêste sil in ûnoerkomliker biswier blike to wêzen as de beide earstneamde feiten, mar it stiet fêst, dat quatrebras de tael yn 'e takomst mear foar it eksperimint tagonklik meitsje moat, wol it eksperimintearjen noch sin hawwe, en sil it himsels net oerlibje. Dit as rekapitulaesje. |
|