De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 349]
| |
Steven de Jong:
| |
[pagina 350]
| |
mar ek irreéle. Hy bringt, om mei Kloos to praten, de skyn ta libben mei as gefolch, it libben ta skyn, hwat Kloos dan wer op 'e religieuze minske tsjin hat. (Om't Kloos de skyn ta libben bringt, sille ek de religieuze en de poëtyske minske wol skyn wêze. Lokkich foar Kloos). Van der Ploeg stelt him as doel it wêzen fan it bisteande (hwat is dat? miskien it bisteande fan it wêzen?) ta libben to bringen. Hat dat dan gjin libben? Is miskien Durk van der Ploeg ek dea? Lit dan de eksperimintéle biweging yn Hollân in flokkende mankrêft west hawwe, it wêzen fan it bisteande ta libben to bringen is in fiksje. En in flokkende mankrêft sit dochs mear libben yn as yn in fiksje. Van der Ploeg lit him troch mear fiksjes bihearskje, ntl. troch de geast fan it Fryske folk, dy't wer bihearske wurde troch in romantyk en in religy, dus in bihearskjende fiksje yn it kwadraet. De ynfloed fan de Hollânske eksperimintélen op 'e Fryske poëzij bleau op forskate punten neffens Van der Ploeg in swak forskynsel. Wy meije oannimme dat er dit as feit konstatearre hat, mar dêrom bliuwt it spitich foar Fryslân. Lokkich foar Fryslân is, dat it eksperimint yndividueel fuortset waerd, as men alteast oannimt, dat op it eksperimint de avant-garde folge. Sadwaende rekke de réaliteit der mei mank en net de fiksje, om't de réaliteit (dy't wy niis in minske neamden) yndividueel bilibbe wurdt. Elts minske hat syn eigen libben. Dy réaliteit is yndividueel, mar ek kollektyf; dy twa binne net to skieden. Miskien wurdt er yndividueel bilibbe en libbet er kollektyf. Yndividueel leit de gefoelsektor yn Hollân njonken dy yn Fryslân, kollektyf lykwols net, hwant dan soe ik de wrâld as ien gehiel sjen wolle. Yn 'e moderne poëzij is it kollektive aspekt fan 'e réaliteit, dat yndividueel bilibbe wurdt, gâns wichtiger as it yndividuéle aspekt, dat kollektyf bilibbe wurde moat (b.g. Waling Dykstra). Lit ús hjir dan net prate oer de fiksjes (hjoed de dei alteast fiksjes): it Fryske folk en it Hollânske folk, mar oer de kollektive réaliteit ‘in minske’, dy't yn Hollân en Fryslân en hwêr ek op 'e wrâld itselde is.
Hwat is in minske? Soe it it irrasionéle forskynsel wêze kinne dat Durk van der Ploeg poëzij neamt? Hjir komme wy op in ûnderskied tusken de s.n. tradysje en de avant-garde. Of neffens Fryske bigripen tusken De Tsjerne en quatrebras. Van der Ploeg hellet der in pear sitaten by oan: ‘Poëzie ontstaat in dien toestand der ontroerde ziel, waarin de ingeboren schoonheidsbehoefte en schoonheidsdrang werken’ (Poelhekke). Fan dyselde Poelhekke soe men oanhelje kinne: ‘Kunst is het maken van mooie dingen.’ Dêrfoaroer set Van der Ploeg it sitaet fan Lucebert:
Ik tracht op poëtische wijze...
De ruimte van het volledige leven
Tot uitdrukking te brengen.
It essinsiéle forskil is nou neffens Van der Ploeg dat de poëzij fan estétysk, romantysk en lyrysk forskynsel wurden is ta in cerebrale biskriuwing fan 'e romte fan it folsleine libben. Dat is wier. It giet der nou om hoe't men dizze twa dingen ethysk wurdearret. Yn 'e earste twa sitaten is it doel: ‘poëzij’. Poëzij is foar de tra- | |
[pagina 351]
| |
disionalist de iene of oare dizige godheit, miskien wol it troch de dichter ta libben brochte wêzen fan it bisteande. By Lucebert is it doel gjin poëzij, mar de romte fan it folsleine libben. Al is er dan irrasioneel, men moat al op 'e Olympus sitte om de romte fan it folsleine libben as in dizige abstraksje to sjen. Nou sil Lucebert it tocht ik wol út it hert litte om dy romte bihearskje to wollen, sa't Van der Ploeg mient. Praet er yn itselde gedicht net oer ‘momentopnamen’? Hjirút folget in oar forskil dêr't Ter Braak yn syn Démasqué der schoonheid al op wiisd hat, ntl. de kwestje fan de ‘gravité’. Gravité soe men in soarte fan libbenseangstme neame kinne, in flecht út 'e réaliteit. De minske skept himsels in godheit troch alle mooglike objektive noarms, om mei dy godheit himel en ierde bihearskje to kinnen. (Men soe soks de kearn fan 'e sûndefal neame kinne). Hwannear't nou dy godheit yn gefaer komt, wurdt der alarm slein en de jounsklok ynsteld. It gefaer moat op in ôfstân hâlden wurde. Dit bart troch kode en kultus (b.g. dit is àl en dat is nèt poëzij), de gravité. It is in minske to forjaen dat de gravité him yn 'e macht hat. Net to forjaen is him lykwols, dat er de gravité as it goede en de banalité as it kweade sjocht. Hy soe in bytsje biskiedenheit leare moatte. Fan gravité stjonkt it essay fan Van der Ploeg. It docht bliken dat er in tradisionalist pur sang is. Spitich foar in jonge dichter. Nim b.g. it folgjende sitaet: ‘Poëzij is taelkunst, dy't yn it foarste plak in relaesje siket mei it folk, mei de mienskip, mei de wrâld...’. Poëzij stiet dus los fan it folk, de mienskip, de wrâld. (Is dit in essinsieel kenmerk fan 'e Tsjerne-poëzij?). It siket lokkich kontakt ‘om it bistean to distânsiearjen fan it banale’. Amen. ‘Hier staat een man die het goede wil’, soe Wim Kan wol sizze. Ja, dan is de cerebrale ynfloed fan de Nederlânske avant-gardisten sikerwier libbensgefaerlik. Fan dy ynfloed moat quatrebras him dan ek mar gau distânsiearje, dan komme der miskien net mear fan dy urinoir-wurden yn, dy't sa deadlik binne foar ús teare godheit poëzij. It sil tiid wurde dat dy deade godheit ‘poëzij’ yn Fryslân ûntmaskere wurdt. It sil in greate bifrijing bitsjutte foar gâns jonge dichters. En dêrom is it to hoopjen dat quatrebras him noch jierren op in ôfstân hâlde kin fan de sentimintéle romantyk fan de earnstige religy fan dy Fryske poëzij, dy't it wêzen fan it bisteande ta libben bringe wol. |
|