| |
| |
| |
A. Jousma:
Beafeart nei Nijtsjerk
Unwennich
En eltse maeijemoarntiid leit opnij in neare
forlamjende feale doem oer ider ding.
‘Hoe komste los út dizze tsjoenstersring?
Dêr giest wer hinne en hwer silste keare?’
En alle maeijedagen, as hja glinsterjend geane
oer 't nije sprútsel fan it bûnte beamt' -,
en al dy bliere minsken binn' my frjemd
en alle fûgels, dy't hjir fluitsje en fleane.
En alle maeijejounen ropt it my fan fierren
en sjogg' de dunen my as frjemden oan:
de Noardsé rûzet mei in oare toan
as 't Waed, dat boldere yn dy fiere jierren.
Allinne yn de nachten dûk ik feilich ûnder
yn dat leaf lân, dat libbet yn 'e dream
en dat ik mei gjin neamb're namme neam:
men ken it en men ken it net -, 't is wûnder.
| |
Roppen
Jowt dan net eltse nije maitiid
fan winnend ljocht, as yn de deitiid
En sjongt der net troch alle jounen
dat al it bern bitsjoenende en boun en
dat noch net ien forstiet?
En liede moarntiids net de klokken
fan de geheimen, dy't jin lokken
Soe earne 't âlde lân noch lizze
De toer syn selde boadskip sizze,
dat er my eartiids brocht?
| |
| |
| |
Ljouwert
De Aldehou hat nije buorlju krige.
Moderne toer en heechbouflat
stean eptich pronkjend mei him yn de rige:
hy glimket gotysk en forbrekt him net.
En op 'e Nijstêd - slim om oer to stekken -
gean' pettycoatsjes by de fleet
en hâlde ringburdfeintsjes yn 'e rekken.
In filmstjersnorke docht it ek byneed.
De wide grêften, dêr't de stêd mei pronke
sûnt hwa wit hoefolle ieuwen lyn,
hja spegelje yn it sinneljocht -, mar stjonke
as stie der jarre út de groppe yn.
Brûkt men yn dizze stêd de eigen sprake,
moai grif, dat mannich boarger jin bigrypt.
Der wurdt net iens altiten om jin lake,
mar ‘heech’ hat mear sukses as 't knypt en knypt.
It is itselde en it is foroare.
De tiid - o, Tetman - hâldt gjin skoft.
Moarn sykje ik fierderop dat âlde oare,
dêr't wite wolkens sile oer blauwe loft.
| |
Strjitwei
Dy lizze toar en hjit nei
Sjoch, dûnkergriene rânnen,
d' Aldtsjerkster toer: it is in
| |
| |
doe't in jongfeint weromkaem
doe't dit lân him weromnaem
dat dy't it nêst forlitte
Dat dy't fan fiere lieten
Dat wy mar swalkers binne,
| |
Efter Dokkum
Mar grien en goud en read
noch altyd slanke reiden.
de fromme sneinske lânnen.
leit Wetsens der noch jimmer,
| |
It nije alde
Dêr daget Nijtsjerk mei syn kantige toer,
ús toer, dy't ik sa faek yn sang bitocht.
Hy hinget jimmer mear nei 't westen oer:
in wurge bodder, dy't de ierde socht.
Mank nije huzen set de bus my ôf.
Hwer is it skoallepaed? It skoallehûs?
| |
| |
Hwer is de toer? De tsjerke? 't Alde hôf?
It ljocht, de kleuren slagg' my yn 'e sûs.
Troch dizze buorren roun lang lyn in bern,
Flechte nei 't feilich hûs oan stille wei.
Nou giet in man yn romte en ljocht forlern,
ien, dy't net flechtsje wol, noch kin, noch mei.
It tsjerkestek stiet los. Dit ken ik wer:
troch bôgefinsters skimeret wyt en goud
it oargel mei syn ingeltsjes en dêr
de koopren kearsekroanen, âld-bitroud.
Gjin minsken, - hwat gerûs fan wyn - en dan
de stiennen mei ús namme, dy't omslût
hwat oerbleaun is út earder tiden fan
hwa't jierren langjend stoarren troch it rút,
it rút, dat der noch altyd wêze moat
oan de âlde wei, dy't nei omfierrens giet,
dêr't Mem sa faek forgees oer útsjoen hat
yn 't lêstoan, as hja dêr allinne sief.
Hwat stiennen, mei de namme dy't ik draech
mank oare - ek út earder tiid bitroud -.
En troch de finsters skimerjend wyt en goud
en om de toer in flústerjende fraech.
| |
Us hus
It hûs hat al syn feilichheit forlern:
it dreamt net mear, it stiet yn sinneljochte
glêshurde dei sa neaken, dat my tochte,
ik doarste it suver sa net oan to sjen.
De rûge wylgen, de esk, dy't heechop groeide,
de flearestrûken oan de efterkant,
de hagedoarn fol bloeisel - foart - en dan 't
wyt-roazebeamke, dat sa rûkend bloeide.
Wie dit ús hûs? Forbrede is de wei,
de trijhoek jowt rûm baen nei alle siden.
Hat mei my noch dit sté aen fan de tiden,
doe't it sa smûk en sa biskûle lei?
Doe't reiden riss'len yn twa smelle sleatten
- hwer binn' dy keard? - en doe't ús reed dêr roun...
| |
| |
De reed! Ik hie de reed, ús reed, net foun!
'k Foun hûs en wegen, 'k hie de reed forgetten!
| |
It forleine paed
Doe haw ik socht en foun wol 't âlde paed,
mar it bigjin lei net oan 'e hússide,
dêr kinn' de boereweinen net mear ride:
it hûs is fan syn fjild en romte skaet!
Mar ik bin gien, lyk op langline sneinen
by reiderûzjen troch it simmerljocht,
dêr't ik as jonge ûnwennich doarme en socht;
en 'k seach de pleatsen, dy't der doe al leinen.
Deselde ljurken songen en it doarp
lei ûnbiruorre bûten alle tiden;
doe bin ik yn deselde dream forgliden,
deselde wyn song by deselde harp -.
| |
Fortreasting
De dagen komme en de tiden geane;
wy kinne ússels yn dizze wrâld net kenne.
Der is in better lân, dêr ha wy wenne.
Sykje 't forlerne paed, it lokket earne:
dan wurdt ús frede ûnbigrepen berne.
|
|