G. Mulder:
Gebetsgenezing
Ienkear yn 'e wike komt er in joun. Dan skake of damme wy. Myn frou is dan in joun frij en meastal by in freondinne op bisite. Hja hat dan de kofje klear set en wy kinne ús rêdde mei sûker en molke, safier ha wy 't brocht. Sels soargje wy wol foar hwat smokerij.
Oft it joun wol oan skaken of dammen takomt... ik wit it net, hwant ik wol prate. Yn 'e krante ha 'k lêzen, dat der wer sa'n gebetsgenêzer út it bûtenlân wei hjir komme sil. Sokke lju komme hjir ien, twa dagen, in wike soms... en organisearje sels of litte fan oaren massa-gearkomsten tariede. En hja dogge it dan wol sa goed, dat der tûzenen op ôfstouwe - dy lju ha dêr de slach fan... òf moat men der mei oare wurden oer skriuwe? Faeks wurden dy't stal jowe oan 'e hûnger om sêdde to wurden mei wier brea? De kranten jowe fan sokke demonstraesjes opkleure of sobere forslaggen, al nei't de krante ticht by de ta genêzing op it gebet ûnmachtige tsjerke libbet óf kritysk foaroer dy tsjerke bliuwt en har ûnmacht graech skitterje lit.
Myn jounprater is in emeritus-dûminy - hy slyt syn libbensjoun by ús op it doarp. Ik ha folle mei him op en net allinne omt er âld is... né, mar omt er sa troch en troch earlik is èn omt der eat fan hwat de Heilân dreau om de earmen, de tobrutsenen en de ûngelokkigen to helpen, fan him ôfstrielet. Nei't er mei pensioen gien is, hat er de stúdzje wer opnomd - doe't er in gemeente hie, kaem dêr net safolle fan... hy hie it to drok om syn skiepkes to weidzjen en to biwarjen.
Sels ha 'k buoijen dat de ûnmacht fan de tsjerke my swier op 'e mage leit; it bigjin wie dochs sa machtich moai, doe't de learfeinten fan de Hear yn Syn namme de duvels útbanden, de siken geniezen, deaden soms libben makken. De sekten leauwe dêr noch oan, mar de tsjerke moat der net folle fan ha en is dat nou winliken wol bibelsk?
Myn jounprater lit my allinne oan 't wurd - hy smookt syn pipe en left efteroer yn in maklike stoel. Krektlyk as de tsjerke, tink ik. Hy lit my skjin útprate, knikt ris, skodhollet ris, mar hy seit gjin stom wurd werom.
As ik him jitris kofje ynskink, freget er: - Hwat dogge wy joun, skake of damme?
- Né, ik wol joun prate!
- ik ha dy dochs al útprate litten?
- Dat al, mar jo ha neat werom sein! Ik forwachtsje dat jo de tsjerke fordigenje en neat minder!
- Kom, kom... dat moatst sels dwaen, dou bist likegoed de tsjerke as hwa ek en as ik sels!
- Nou goed, as ik de tsjerke dan bin... dan sit ik mei mysels yn tizen en moatte jo my helpe!
- Nou, hwa sit der net mei yn tizen? En dat komt, ju, omt de tsjerke in great wûnder is... wy leauwe der oan, mar wy ha har net yn 'e festjebûse. Mar dat witst dochs wol?
Hy komt hwat oerein yn 'e maklike stoel en leit syn earms op 'e tafel -