De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 338] [p. 338] Wybren Veeman: Kontakt forbrutsen trams ride troch u- en s-baen fan east nei west yn 'e inge poarte hinget de spanning fan 'e leafde as iennichste grins de volkspolizei keart de hertstocht ik kin net bigripe hwerom astou as wachter fan 'e märchenbrünnen alle reade roazen telle en rapportearje moast dy lokkich fielst oan 'e stjer fan it park mei alle banken by uzes binne it allegearre aparte banken mar dêr wurdt net frijd sa ticht oan 'e grins moandei kom ik wer oer as ik net djipper kin wit ik dat der gjin leafde is moandei is boadskipdei en tiisdei roazetelle by uzes is gjin fanke mei dyn sjipskjin boarst dyn suvre seane molke lippen hja waerden earder de grins oer treaun dou silst bliuwe as griene manlju spanning stêf omheech zoll nei de forbeane nacht yn it hotel is der frijheit oer de grins alle manlju binne grien hwant se waskje har net sjoch dêr ris nei ast snein by dyn kommandant roppen wurdst [pagina 339] [p. 339] as wy wekker wurde komt it géografysk probleem lit wy de kaert bistean douane lit my foar de safolste kear as toerist rinnende by dy jildt myn ausweis net wy ha gjin roazen miskien roazebledtsjes yn 'e striesek mar wy bin dan ek frij Hwerom is it tsjuster ús god is de stream fan ieuwen wy kuijerje troch it bêdbosk fyn hinget it spinreach wy tsiere derom hwa't it nimme sil elts leaf boskpaedtsje forjit wite lamplekkens omklaeije dream foarmen binne allinne trochsichtich nei it takommende bifrediging bringt eltse fûgellûd sjongende muzyk fortier sûnder forline wy triuwe it forline wei ûnder de deade blêdden rounom is it hjerst yn 'e brûnst wjirms krûpe op it ritme de groun ût de bok forliest syn hoarnen wy sykje de rivier hwerom is it sa tsjuster Vorige Volgende