Filmkronyk:
Jungfrukällan
Jungfrukällan (De Fammeboarne) fan Ingmar Bergman spilet, lyk as It sawnde segel, yn de iere midsieuwen, doe't Skandinavië offisieel kristene, mar Odin noch net forgetten wie. Yn in wrâld fan greate primitive hertstochten, ûnbironge gleone driften, forkrêftingen, moard en wrake, dêr't de saga's en de balladen fan fortelle. Ien fan dy âlde forhalen hat Bergman de stof levere foar dizze forbjusterjende film. Foar ûntspanning moat men der net hinnegean, hwant der wurdt jin neat bisparre.
In fleurich, suver jongfaem fan in jier of sawntjin bringt, yn opdracht fan har heit, kearsen nei de tsjerke. Op har reed op it hynder troch de bosken wurdt hja oerfallen fan in pear ûnhuere skepers, dy't har forkrêftsje en formoardzje. Se litte har heal neaken lizze en op har flecht nei it suden nimme se har kostlike jurk en mantel mei. Hja oernachtsje, sûnder dat hja it witte, by de âlden fan it slachtoffer en biede de boerinne de klean fan har dochter to keap oan. De heit makket harren ôf mei in slachtersmes en sparret ek it jonkje net, dat by harren is en tsjûge fan de misdied wie. Dan kriget er swier birou en op it plak, dêr't syn iennichst bern formoarde leit, ropt er om Gods barmhertichheit. As hja de deade optille, ûntspringt op it plak, dêr't har holle lei, in boarne fan rûzjend klear wetter.
De biseten kunstner, dy't Ingmar Bergman is, set jin dit forskuorrende drama foar yn al syn détails.
Ien fan de gefolgen fan dit réalisme is, dat de film net allinne spilet yn bioskopen, dy't it bêste jowe, mar ek yn théaters, dêr't seks en misdied troef binne. Yn sa'n théater haw ik de film sjoen en it foel my op, dat der fan goedkeape sensaesje gjin sprake wie. Der wie, ek by it jongfolk, allinne mar stilte en ûntsetting. It giet hjir net om in kommersiéle thriller, dy't de sinnen priket en dy't jin wearzgje soe, mar om in ûnmeilydsume konfrontaesje mei de razernij fan de minsklike oerdriften, dy't jin de siken binimt. En om it rûzjende wetter fan Gods genede, dy't de swierste skuld formoedsoenet. In nachtmerje, dy't útrint op folsleine bisinning en démoed. Net as happy ending, mar as iennichste mooglikheit, om dit to dragen en to fordragen. De midsieuske minske, fan de duvel dreaun en tramtearre, dy't gjin útwei sjocht as de flecht yn Gods earmen. De midsieuske minske? De minske yn syn eksistinsje tusken hel en himel.
Max von Sydou, dy't ek yn It sawnde segel de haedrol spile, is hjir de wreekjende boer. Ingmar Bergman kin mei syn útsochte troep spylders, syn fisionair kunstnerskip, syn ûntdekkende kamera, syn masterlike regy yn wurd en byld suver alles birikke. Hy komt it wêzen fan it minsklike drama deunby. Fansels bliuwe der fragen. Hwat dizze film oangiet, freegje ik my bygelyks ôf, oft dit détaillearre réalisme perfoarst needsaeklik wie. It liket my ta, dat in kunstner fan syn formaet mei hwat mear reserve en biheining yn de útbylding ta koe.
INNE DE JONG