De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 329] [p. 329] [Nummer 12] Tiny Mulder: Frou mei paraplu hja draecht syn leafde as in paraplu in oranje paraplu car il pleut il pleut dans la rue hwant it miggelt yn 'e huzen hwant it stoureint op it lân mar de lytse grize frou yn it grize hielal draecht de oranje paraplu o né oranje paraplu draecht frou en hja glimket as in fearke tikjend op de nudlehakjes elle chante dans la pluie hja sjongt syn stimme út de bline muorre en blaest in tút nei de betonnen wolken hja laket om de bittere stimmen en de skiere kertieren hja laket ynfieren frou mei de oranje paraplu elle danse elle danse contre la rue yn de iepenbiere strjitte giet hja dounsjend mei de maskerleaze eagen mei de ûnneifolgbere oermoed fan de frou dy't in oranje paraplu hat [pagina 330] [p. 330] Krystlietsje de dei rint to heap tsjin de nacht hwerom tsjuster hwerom juster en hjoed nacht deinacht krystnacht nacht fan pauwefeareagen nacht fan berneeagen golgotha deinacht God rop noch ienkear der sij Ijocht Ijocht to heap tsjin de nacht hoannen kraeije sillich binne de gekken spikerman fan nazareth bartholomeusnacht apart foar bern krystnacht ingels to heap tsjin de nacht hjoeddenacht Vorige Volgende