Mein Kampf
Mein Kampf, in seldsum knappe Sweedske montaezje fan dokuminten út it Hitlerdrama, mei sprutsen tekst fan de bikende dr. L. de Jong, lûkt de tsientûzenen. Wylst it greate publyk sa stadichwei genôch hat fan oarlochsfilms, biseft it yntuïtyf, dat de wierheit oangeande dizze rampsillige tiid aktueel bliuwt. Hja ropt de binearjende fraech op, hoe't minsklike skepsels ta dizze steat fan misdied-as-heechste-wet forfalle koene. Hoe't it mooglik wie, dat yn de 20ste ieu in Europeesk folk fan 70 miljoen âljend efter it findel draefde fan in dwylsinnige demagooch en sadist, him as god foreare en blynwei syn fordylgingsplan útfierde. Alle praetsjes oer it ûnrjocht fan Versailles en de ekonomyske need fan it Dútske folk, hoe wier op har sels, falle hjir as ûnbitsjuttend wei, om't dy omstannichheden yn gjin inkelde forhâlding steane ta de hel, dy't dit skaei op 'e wrâld losliet.
De episoden fan Hitler syn bernejierren oant 1945, binne sa keazen en oardere, dat dizze nachtmerje as ien sletten en ta syn krisis driuwend drama foar jins eagen lâns tsjocht, hieltyd markearre en aksintuearre troch it hystearysk geblaf fan it opperhaed, de paradepas en it heilgerop fan in folslein hypnotisearre massa. As er in wrak is en wylst it fjûr en stiel reint op 'e ruïnen fan Berlyn, litte earme bern fan 15 en 16 jier harren noch fan him opswypkje, om mei in gewear tsjin fijânnige tanks op to fleanen, mei de religieuze oertsjûging, dat de Führer winne sil. Bern, dy't op in oare manear syn slachtoffers waerden, wiene dy út it getto fan Warschau. De tafrielen, dy't men dêr fan sjocht (offisiéle dokuminten!) knipe jin de kiel ticht.
Fan bisûnder bilang is hwat dizze film jin sjen lit fan de yntriganten efter de skermen, dy't Hitler oan de macht holpen, doe't syn biweging efterút gyng: de jonkers, de bankiers, de yndustrybaronnen, de wapenfabrikanten, de legerlieding. Mefisto Franz von Papen hat dêrby sûnder mis de biskiedende rol spile. Syn diplomatike yntriges hawwe de oerfal op Eastenryk taret en doe't Hitler syn kânsen faei waerden hat er Hindenburg ompraet en Hitler en Goering yn de regearing helle. It forfolch hat Hitler sels regisearre. De slûchslimme Von Papen hat lykwols mear gelok hawn as syn master: hy is nou keamerhear by de paus.
Hwat my ek opfoel, wie dat û.o. de namme Ost-Friesland twaris neamd waerd as symboal fan trou en tawijing oan de Führer.
INNE DE JONG