| |
| |
| |
Joaquim Molas:
Panorama fan de hjoeddeiske Katalaenske literatuer
Sûnt 1939 ûntjowt de Katalaenske literatuer har yn omstannichheden sa ûngaedlik, dat hja op 'e rânne fan de ûndergong rekke is. Doe't de boargeroarloch fan 1936-1939 in ein naem wie der in tragysk fakuüm ûntstien. Yn en troch de oarloch wiene in pear fan har meast bitsjuttende yntellektuélen stoarn. De radikaelsten spilen de wyk nei Frankryk en Ingelân of stieken de Atlantyske Oaséaen oer en setten har op forskate plakken yn de beide Amearika's nei wenjen. Guodden binne yn de diaspora stoarn, party, folslein ûntwoartele, libje der jitte, guon gyngen, ynerlik alhiel foroare nei it bertelân werom. Mar o sa'n bytsje fan harren biwarren it progressive en revolúsjonaire élan, dat har yn de jierren fan en foar de oarloch op liedende plakken brocht hie. Hja, dy't trou bleaune oan de memmetael, it Katalaensk, hast allegearre forklibbe oan de meast réaksionaire boargerlike bigjinsels, lutsen harren op harsels tobek, lytse formiddens fan ‘woltinkende’ groepkes foarmjend. Yn forbân mei de politike hâlding, dy't hja oannommen hienen, namen oaren in folslein negatyf stânpunt yn foar de literatuer oer, dêr't hja yn opwoechsen wienen en har earste boeken yn skreaun hienen. Noch wer oaren lieten har om driuwende finansiéle needsaken yn de steek. En de jongsten oanfurdgen dizze findelflecht sûnder euvelmoed, de tastân akseptearjend sa't dy likernôch bistie, doe't hja berne waerden. Tagelyk fordwounen ynienen alle organen, dy't it kontakt tusken lêzers en skriuwers ta stân bringe en yn lêste ynstânsje it bistean fan in literatuer mûglik meitsje, kranten, tiidskriften ensafh. Ek waerd it Katalaensk út it leger, middelber en universitair ûnderwiis forballe. It tal immigranten út oare Spaenske gebieten naem ta, immigranten dy't òf plakken bisetten
yn it amtnerskorps fan de oerheit òf oan de frage nei arbeiders yn de greate yndustriéle sintroms fan it Katalaenske lân, binammen Barcelona, foldienen. Sa net, ek yn it bigjin fan dizze ieu wie der al in immigrantestream. De Katalaen, yn in sljucht formidden berne en tein nei plakken mei in hwat heger libbenspeil, wurdt fakarbeider, lyts keapman of kantoarman. De leechte, dy't dêrtroch ûntstiet, wurdt oanfolle mei arbeiders- en plattelânsfolk út it suden. En wie der foar 1939 rûme mûglikheit dizze lju soasiael en kultureel to assimilearjen, sûnt dat jiers is dy suver alhiel fordwoun.
Al dy dingen laetten ta in folsleine ûntheistering, dy't earst o sa stadich wer hwat oerbettere is. Dy slimme situaesje kin op de folgjende wize werjown wurde. As risseltaet fan de greate forstruijing fan 1939 kamen de liedende plakken yn hannen fan de meast konservative eleminten, dy't de lju, dy't fan om utens weromkamen, bisochten to assimilearjen - dat harren soms ek slagge - en de lytste symptomen fan réaksje ûnder de jongerein toneate dienen. It aesthéticisme út de jierren tusken de beide oarloggen, dat nei de ekonomyske krisis en binammen troch de oarloch fan 1939-1945 forgoed de knoei wei hie, libbe wer fleurich op, àl minder
| |
| |
tagonklik en àl mear biheind ta selekte lêzersformiddens. Yn in katastrofale tiid lei de Katalaenske yntellektueel him ûnbiwitten út op de literaire wurkwizen, typysk foar it l'art pour l'art. En sa koe men sjen, hoe't it klandestine Ariel, dat fan 1945 oant 1948 útkaem, oars net die as it prinsipe fan de selekte, autonome kunst to postulearjen en him frjemdernôch fan de ûnmidlike réaliteit folslein losmakke. Mei't it ûnderwiis yn it Katalaensk, op iepenbiere en partikuliere skoallen beide, útfoel, waerden de skriuwers langer ûnfoldwaende op harren taek en birop klearmakke en boppedat kamen ek de lêzers foar talrike taelkundige en kulturéle biswieren to stean, dy't it opnimmen fan de eigen literatuer slim tsjinkearden. As wy dan yn it tredde plak jit oanmerke, dat in gaedlik bifoarderingsmedium ûntbriek, dat is to sizzen de propagandamachine, dy't yn ús tiid foar in normale ûntjowing fan de literatuer perfoarst nedich is, èn de greate tallen net assimilearre ynkommelingen, is it fan tinken skoan to hawwen, dat it lêzend publyk gâns minmachtiger wurden is. En dat is fan grounlizzend bilang foar in literatuer: wurdt hja net lêzen, dan wurdt hja net koft, net fòrkoft, net útjown en wurdt hja net útjown dan kin de skriuwer fan syn wurk net mear libje. Yn sokke omstannichheden fordwynt de biropsskriuwer en komt de amateur nei foaren, hy, dy't allinne mar út in sentimintéle oandriuw skriuwt en eltse forantwurdlikheit foar it formidden, dêr't er ta heart, ôfwiist. De literatuer komt sa yn in bline gloppe torjuchte en de lêzers bigjinne nei oare taelkundige en kulturéle mêdden om to sjen. De logyskerwize biheinde eigen produksje fan lytse literatueren plichtet oanfolle to wurden mei oersettingen. Mar it is sûnder mis in earnstich krisissymptoom as
oersettingen alle bilangstelling fan de lêzers bigjinne op to easkjen as gefolch fan dy har remmingen foar de eigen litertuer oer. En it kin sels slimmer: mochten, as yn ús bisûnder gefal, sokke oersettingen om politike grounen net geregeldwei publisearre wurde kinne, dan nimt it publyk oersettingen yn oare, maklik tagonklike talen foar kar, in forskynsel, dat de remming foar de eigen literatuer oer noch wer greater makket. In fjirde punt is dit: as tiidskriften, kranten, de radio yn de memmetael weiwurde, wurdt ek net mear geregeld krityk levere, siket de krityk biskûl yn caférountsjes en yn partikuliere salons. De gefolgen dêrfan binne alderbigreatlikst. De libbene literatuer wurdt yn safolle hermétysk ôfsletten sektoaren dield as der rountsjes of salons binne en elk fan dy sektoaren libbet selsstannich, ûntjowt him op eigen wize. In objektive wurdearringsskeal ûntbrekt en ynsté dêrfan wurdt der operearre mei yn it forline ûntstiene mythen, koartsein, de literatuer forlammet as soasiale en aesthétyske krêft. En fyft, as hja alle organen ta forsprieding en propaganda mist, gjin gaedlik ûnderwiisapparaet mear hat en mar in bilune lêzerspublyk mear, as hja opsletten is yn de finzenis fan in precieus aesthéticisme en net mear produsearre wurdt fan biropsskriuwers, mar troch amateurs, dy't har biskôgje as in middel om oan de réaliteit to ûntkommen, dan, ja dan, sil de literatuer ynskronfelje ta mar inkelde genres, ta poëzij en histoaryske erudysjes allinne, dat wol sizze ta de genres, dy't yn it formidden fan lytse selekte groepkes ûntstean kinne en gjin greate ekonomyske en soasiale apparatuer fanneden binne. Of, mei oare wurden,
| |
| |
sokken by hwa't auteurskring en lêzerspublyk likernôch gearfalle en dy't gjin greate kaptalen easkje. Wylst oan de oare kant roman- en toanielskriuwers en essayisten, dy groepen, dy't de mjitstôk binne foar de krêft en de vitaliteit fan in literatuer, lang om let weiwurde.
Sa komt it, dat yn Katalonia it wurk fan dichters en eruditen it fond foarmet fan de produksje fan romanciers, toanielskriuwers en essayisten, krektoarsom as by hecht grounfêste literatueren, as de Frânske en de Ingelske to sjen is en twad dat de skriuwers dy't optheden yn de Katalaenske literatuer in liedend plak ynnimme har wurk biskôgje as in kultureel eksperimint en jit techniken út de jierren tweintich tobaet nimme. Sûnt in pear jier lykwols binne guon formiddens yn forset rekke tsjin dizze situaesje en is, út forskate hoeken wei, in literatuer ta stân brocht, ing bitrutsen by de minske en de mienskip, dy't him sin jowt. Ut in hjoeddeisk perspektyf kinne wy, skematyskwei, by de yn de lêste tweintich jier yn of bûten Spanje produsearre Kalalaenske literatuer twa greate, min ofte mear heterogene streamingen ûnderskiede. Oan de iene kant steane hja, dy't de rjuchtfeardiging fan har wurk yn dat wurk sèls, yn de folsleinens fan syn foarmjowing, fine. Oan de oare kant is der in streaming, dy't de literatuer net as doel yn harsels biskôget, mar as in ynstrumint yn tsjinst fan de minske en de kollektiviteit, dêr't er by heart. De earste bringt in literatuer fuort fan boargerlik en konformistysk karakter, de oare is ûnkonformistysk.
By de dichters, dy't har wurk as kultureel ekspearimint forsteane rinne de figuren fan Josep Carner (berne yn 1884), Carlos Riba (1893-1959) en J.V. Foix der út. De poëzij fan de foarste birikt har heechste kwaliteit mei't hja fan de tael útgiet, mei oare wurden, it gedicht is it risseltaet fan in centripetale krêft, hweryn de wize fan foarstellen mei al syn fonétyske, ritmyske en oare eleminten itjinge foarsteld wurdt oerhearsket, ja wol forfangt. De dichter sels hat sein dat it skeppend proses by him mei de fynst, al of net socht, fan in wurd bigjint en dêrfan útgeand en dêromhinne bout er dan, stees wach en spand, it gebou fan it gedicht op. En sa stiet it dan foar ús: kein, objektyf, ûnforfangber, hwant syn bisteansgroun, better sein, syn iennichste bisteansgroun, leit him krekt yn it bistean yn en troch dy foarm. De literaire persoanlikheit fan Riba is gâns gearstalder. Dichter, kritikus en humanist, hat hy de greate lieder fan de Katalaenske literatuer yn de lêste tritich jier west. As dichter is er auteur fan in oeuvre fan in bûtenwenstige minsklike folsleinens, sawol yn it persoanlike as it kollektive. Geast en sintugen, wille en smert, leafde en dea, doe en nou, ûndergong en oerwinning, God en de wrâld, foarmje de stoffen, dy't syn poëzij fiede, hwaens strangens en forméle folsleinens allinne by dy fan in Valéry forlike wurde kinne. As kritikus skreau er forskate essays, dy't tusken stilistyske analyse, en persoanlik, hertstochtlik kommintaer yn steane. As humanist forskynt er yn syn prachtige fersoersettingen fan de Odyssea en Sophocles' drama's. Foix, dy't in folslein sonnet skriuwt, mar tagelyk it frije fers hantearret, hat himsels definiearre as in ‘ûndersiker in poeticis’.
| |
| |
Mar ûnder dy dimmene namme giet ien fan de rykste persoanlikheden yn de moderne dichtkunst biskûl. Mei in suver lyryske gefoelichheit bijeftige, ûnderwerpt er him oan de strangste geastlike discipline. It gedicht, dat in koart filosofysk skéma ta embryo hat, wurdt rêdden troch de verbale magy dêr't it mei ûntwikkele wurdt. In djip kosmysk libbensfielen forbynt dolmen en fleantúch, de stiennen monuminten út de foartiid en de moderne aviatyk yn fersen, dy't tagelyk de meast archaïstyske oantinkens fan de midsieuske poëzije en de nijste, oerdryste fynsten fan de avantgarde-literatuer bifetsje. Njonken harren moatte wy de eale métafysyske spékulaesjes fan Josep Ma López-Picó (1886-1959) nei foaren bringe, de tellueryske drift fan Maria Antonia Salvà (1869-1957), de transparante minsklikheit fan Josep Sebastià Pons (berne yn 1886), de seldsume sensibelens fan Marià Manent, de boeijende religieuze spirituélens fan Màrius Torres (1910-1942), de desolate klacht fan Joan Teixidor (berne yn 1913), de beevjende skimerlyryk fan Joan Vinyoli (b. 1914) en de fage romantyk fan Joan Vergés (b. 1926) en Albert Manent, dy't yn 1930 berne waerd.
Op it mêd fan de roman en it koarte forhael fine wy oan de iene kant de fine psychologyske analyse en in ûnbiskromme préokkupaesje mei de foarm yn it wurk fan Miguel Llor (b. 1894), in great master yn de techniken fan détail- en nuanceskildering, en fierders it wurk fan J.E. Martinez Ferrando, lyrysker en gefoeliger, en fan Xavier Benguerel (b. 1905), dy't syn greatste suksessen bihellet mei in type religieuze romans dy't Mauriac sines net wanlyk binne. Oan de oare kant ha wy de linige en ûnminsklike yntellektuéle bokkesprongen fan Francesc Trabal (1899-1958) en Pere Calders (b. 1912). Yn de lêste tiid hat Calders in mennich forhalen skreaun oer Mexikaenske ûnderwerpen, dy't réalistysker en sterker binne. By einsluten moatte wy de poëtyske fortellingen fan Joan Perucho (berne yn 1920) en Jordi Sarsanedas (b. 1896) oanhelje.
De dichter en romanskriuwer Josep Ma de Sagarra, yn 1894 berne, is as toanielskriuwer it bilangrykst. Hy skreau in rige fier yn de tiid weromlizzende poëtyske stikken, gelikens en oerflakkich fan opset. Yn de lêste tiid hat er bisocht religieuze stikken to skriuwen dy't minsklik en idéologysk net djip tingje, mar dêr't er by it publyk greate suksessen mei helle hat. Ynteressanter binne syn kostlike Memoires. De typysk boargerlike blijspullen fan de romancier en journalist Carles Soldevila (b. 1892) en it wurk fan J. Millâs-Raurell (b. 1896), dy't ta ‘biskieden fornijingen bisiket to kommen’ moatte ek neamd wurde.
Mank de essayisten is de meast foaroansteande figuer Eugeni d'Ors (1882-1954), dy't tsjin 1920 de Katalaenske literatuer farwol sei, nei 't er mei in sterke, kleare kultuerwil in wiidfiemjende artistike en idéologyske biweging ta stân brocht hie, in biweging, dy't er sels de namme Novecentismo joech. Hy skoep de saneamde ‘glosa’, in nij literair genre, dat bihindich en koart, sententieus as in afoarisme en ironyk as in epigram, boppe de deistige réaliteit ta in filosofysk plan útriist. Hy skreau de bêste yntellektualistyske roman yn it Katalaensk: La ben plantada. Njunken him moatte wy de Katholike essayist Carles Cardó neame, de professors J. Serra Hunter, oanhinger fan de Kalalaenske filosofyske skoalle fan de ‘common
| |
| |
sense’, en Joaquin Xirau, dy't hwat bilangstelling en metoaden oanbilanget tichter by Ortega stiet, en de literaire kritici J. Ma. Capdevila, Domènec Guansé en Joan Triadú. De eruditen Lluis N. d'Olwer en Ferran Soldevila moatte ek noch oanhelle wurde; hja habbe yn prachtich proaza reisboeken en memoires skreaun.
Sa't al sein is fine wy útsein dizze jit in oare streaming dy't mear op de minske en de soasiale wurklikheit, dêr't er him yn ûntjowt, rjuchte is. Under de greatsten fan dizze streaming kipt Josep Pla derút, dy't ús yn syn prachtich forheljend wurk in sûr en pessimistysk byld jowt fan de Katalaenske maetskippij út de earste decennia fan dizze ieu. Syn boeken, slim to klassifisearjen, ha tagelyk hwat fan romans, essays en memoires wei. Foar alleding moat de roman Carrer estret neamd wurde - dêr't er him fan de nijste wurkwizen fan it objektivisme yn bitsjinnet -, it memoireboek Gerona en de searje literaire portretten Homenots. Njonken him neam ik it dicht- en toanielwurk fan Joan Oliver (b. 1892), dy't him efter it pseudonym Pere Quart forstekt. Rationalistysk en bitter, bisibbe oan de greate Frânske skriuwers fan de Grand Siècle skriuwt er in skematysk, koel oeuvre, dat der net allinne útrint troch syn neakene en smertlike minsklikheit, mar ek troch de maetskiplike en revolusionaire wjerklank, dy't it opropt. Yn dy sin bin syn ynteressantste wurken syn Ode oan Barcelona en it toanielstik De hûnger. Jonger is Salvador Espriu (b. 1913), skriuwer fan konsintrearre en djip wurk, tagelyk burlesk en elegysk, bitter en desolaet, hwaens sintrale téma's iensumheit en ûndergong, oantinken en dea binne. Espriu is in master dy't mei in seldsume folsleinens de kunst fan de ûnforfangbere synthese en de slimme ienfâld bihearsket. Skriuwer fan bûtenwenstige forhalen en djiptingjende fersen, heart syn bilangrykst wurk oant nou ta by de toanielliteratuer: Primera història d'Esther, in flymjend skerpe karikatuer, dêr't de meast ûnderskate eleminten yn gearkomme en gearrane, fan in despotyske situaesje, dy't histoarysk yn it âlde
Persia set wurdt. Tige retoarysk en oerflakkich is de poëzij fan Agustí Bartra (b. 1910), hwaens skeppingskrêft der net alhiel yn slagget syn stribjen om greate kollektive mythen it wêzen to jaen, op bifredigjende wize to forwurklikjen. In folslein oare sin hat it tichte en tourmintearre wurk fan de dichter Josep Palau i Fabre (b. 1917) en de romancier Manuel de Pedrolo (b. 1918), hwaens problemen en wurkwizen tige nei by dy fan it Frânske existinsialisme steane. It boek Càncer fan de earstneamde wie troch syn geweltige hertstocht in treffer yn de Katalaenske dichtkunst. De forhalen fan de twade skriuwer, foar in part noch net útjown, binne fan in hallusinearjende en skrinende minsklikheit. Beide hawwe in pear bilangrike stikken foar it toaniel skreaun: de earste moatte wy Elektra fan neame, fan de lêste Cruma en Homes i No. Lluís Ferran de Pol (b. 1911) is skriuwer fan in great boek mei forhalen: La Ciutat i el tròpic, fan in fûl en wyld réalisme, dat jin tinke lit oan it bêste wurk fan Cesare Pavese. Minder slagge binne de romans en reiskroniken fan Josep Ma Espinàs (b. 1927), fan in lytsboargerlik en net striidber réalisme. Yn de katholike sektor nimme de romanskriuwer Joan Sales (b. 1912), de dichteresse Maria
| |
| |
Beneyto (b. 1925) en de dichter en romancier Blai Bonet (b. 1926) in ûnkonformistysk stânpunt yn. Mank de jongsten is de iennichste mei in moai great oeuvre de dichter Joaquim Horta, hwaens opstannichheit, earen bleat subjektyf, lang om let in útsprutsen soasiael karakter krigen hat.
By de essayisten kippe J. Vicens i Vives (b. 1910), J. Ferrarer Mora (b. 1912) en Joan Fuster der út. De foarste, professor oan in universiteit en skriuwer fan gâns skiednisstúdzjes, dêr't de modernste soasiologyske wurkwizen yn tapast binne, hat bihalven in tige yntelligint boek Noticia de Catalunya, gâns essays skreaun, dy't jit net bondele binne. Ferrater Mora, dy't greate analytyske kapasiteiten hat en spesialist is yn stúdzjes oer mathematyske logica en skiednis fan de wiisbigearte, hat yn it Spaensk in bilangrike en mânske Diccionario filosófico skreaun en in skerpsinnich essay, dat El hombre en la encrucijada hjit, en yn it Katalaensk talrike essays, dy't bondele binne yn syn boeken Formes de vida catalana en Llibre del sentit. Fuster, dichter fan fersen, spand en linich as jonge lichems skriuwt essays oer téma's fan ús tiid. Yn wurken as Les Originalitats, dat de hûnger nei oarspronklikheit ta ûnderwerp hat, Descrèdit de la realitat en Figures del temps, bihannelt er alle mûglike fragen fan de dei, dêr't wy wolle of net foar set binne.
Parallel oan de twa greate streamingen, dêr't wy niis in oersjoch fan jown hawwe, wurde der jit romans skreaun neffens de procédé's, typysk foar it foarige ieuske réalisme, romans dy't soms fan in great forteltalint tsjûgje. Sûnder mis binne de twa greatste figueren yn dit stik Vîctor Català, pseudonym fan Caterina Albert (b. 1873), en Sebastià Arbó (berne 1902). De earste skreau net allinne in sterke roman Solitud (1905), meiskien de sterkste fan ús hiele moderne literatuer, mar ek forskate koarte forhalen, dêr't in wrâld fol hate en passy yn bylde wurdt. De twade hat yn syn trilogy Terres de l'Ebre, Camins de nit en Tino Costa de lege kontreijen oan de Ebro suver ta in mythysk gebiet opheven. Njunken harren moat Joan Puig i Ferreter (1882-1956) neamd wurde, dy't in greate métafysyske oanstriid hat en hwaens meast slagge wurken sûnder mis syn autobiografyske boeken binne, dy't in lucide en dryst analitysk talint forriede (Camins de França). Syn bêste toanielstik La dama enamorada is ek autobiografysk. En as lêsten moatte wy jit de romanciers en toanielskriuwers Prudenci Bertrana (1867-1942) en Josep Pous i Pagès (1873-1952) neame.
Barcelona, 1959.
(Oersetting G.N. Visser)
|
|