| |
| |
| |
Tjitte Piebenga:
Soldaet op 'e doele
Fan it Anker Slein
Paulus Akkerman
A.J. Osinga N.V.
Omslach: Jan v.d. Bij
It is ornaris wenst, de nijste roman fan in skriuwer by forskinen to bisprekken. Soks giet troch foar de normale gong fan saken, en as sadanich sit der neat gjin geheim- of djipsinnigens oan, tominsten net, as de to skôgjen matearje gjin djipdollende fraechstikken oanroert. Nijsgjirrich wurdt it lykwols, byhwannear't in roman al jierren yn hânskrift ré leit, mar letter publisearre wurdt as it boek, dat hjirnei ûntstie. Men soe dan prate kinne fan in omkearde folchoarder. Dit is nou it gefal by Fan it Anker Slein: skreaun yn 1952, kaem it yn 1960 earst út, wylst In Man Allinne nèi 1952 skreaun, yn 1956 al útjown waerd. Nijsgjirrich wurdt it, om't de ûntjowing yn it wurk neigien wurde kin oan de earder útkommen roman, mar tagelyk wurdt it gefaerlik, hwant der bistiet in forlieding ‘hinein zu interpretieren’ nei de al bikende folgjende stap ta.
Paulus Akkerman bitsjinne him yn syn earder wurk (û.o. De Erven fan Freark Japiks Hindrikje, 1941, It Freark Jabiksfolk, 1946, Hessel Ypma, 1949) fan in deechlik, lyts en goed-notearre réalisme, dêr't de almeast knap-observearre uterlikheden in wichtiger rol yn spilen as de psychologyske konflikten yn 'e figueren, en dêrtroch makke syn wurk mear yndruk, opbuorrele to wêzen út de ‘copieerlust des dagelijksen levens’, as ûntstien út in forheftige, djippe drang ta skriuwen. Hjir gie in net al to glêdde oerflakkigens mei mank, dy't syn karakters lytser en binypter makke as se wêze kind hiene, byhwannear't Akkerman in mear psychologysk en breder réalisme brûkt hie. Der waeide troch syn wurk in koele, technyske geast, dy't des to dúdliker yn it each sprong, om't Akkerman almeast de ‘kleine luyden’ biskreau, typearre yn alle uterlikheden eigen oan it milieu, hwerby't in gemis oan it eksistinsiéle engagemint opfoel, en mei dêrom waerd syn wurk gjin binende klacht. Tagelyk wie Akkerman drager fan in biskate religieuze oertsjûging, dy't syn wurk ta klacht meitsje kind hie, yn 'e sin fan in negative relaesje dy't bistiet tusken it materiéle lijen hjir en de eskatologyske hope. Hjir miste Akkerman de kâns, en liz in tsjûgenis del, dy't èn binend èn skrinend wie, hwant ynsté fan in religieuze hûd, joech er syn figueren almeast in religieus jaske mei, hwermei't syn wurk net wint oan sizzenskrêft.
Boppedat hat it wrâldbyld, dat Akkerman stal jowt in archayske tendinsje, dy't foaral to merkbiten is yn 'e lânskips- en natuerbiskriuwingen, mar net minder út 'e tekening fan soasiale tastannen, dy't op syn sêftst sein net alhiel liket op it byld fan de wurklikheit, dy't dochs èk al oan it foroarjen wie yn 'e tiid, dat Paulus Akkerman syn earsteling publisearre. (1936, As de bern great wurde, pseud. Paul fen Nijenborn). Net, dat soks
| |
| |
in yngeand biswier hoecht to wêzen, mar it typearre Akkerman yn syn huver foar in aktuële problematyk, en boppedat forliest it boek oan sizzenskrêft, om't de archayske tendinsje wol in biskaet byld by de lêzer opropt, in byld dat lykwols gâns fan syn ‘wierheit’ kwyt rekket, krèkt troch it archayske dêrfan. Mocht it der nou lykwols eat fan ha, dat Akkerman in skriuwer is, dy't mar in bytsje fan alles hwat by it skriuwen fan in goede roman oan 'e oarder komt ta syn foldwaen hat, dan is soks in net krekt werjaen fan de feiten, hwant foar de minder sterke fasetten fan syn wurk steane goede eigenskippen oer, dy't like dúdlik opfalle.
Akkerman skriuwt in ryk, folksaerdich Frysk, dat lykwols genôch bining mei de skriuwer hat, om net ta it journalistyk ûnpersoanlike ôf to sakjen. Yn dit brûken fan de tael fordútst Akkerman syn sitewaesjes sa klear as glês, en dizze tael, keppele oan syn knappe observaesjes, jowt syn wurk eat fan de glâns fan ‘het oud-hollands binnenhuisje’, lyts, smûk en echt, hoewol't dizze echtens faker as ien en twa kear in min ofte mear wrange bysmaek opropt, krekt om't it sa forrekte echt is. Ofsjoen dêrfan, wit Akkerman mei in minimum oan wurden syn súsjetten somtiden in reliëf mei to jaen, dat o sa raek is, en plastysk tige forantwurde.
Dat de skriuwer it fakentiden mei de psychology net sa alderheislikste bêst roaide, wol út noch yn net sizze, dat syn figueren allinne bistiene út in uterlik hâlden en dragen sûnder psychologysk réliëf. Mei ûnderskate persoanen hat Akkerman it biwiis levere, djipper to sjen as it fleislik omskot, û.o. yn Hessel Ypma, en yn dizze karakters wist Akkerman minsken del to setten, dy't libben en tagelyk wier waerden.
Fan it Anker Slein: neffens de flaptekst moat it lêzen wurde as ‘it forhael fan Hidde dy't yn Indonesië de “politionele aksje” meimakke hat en sa bidroefde min de âlde paden gean kin as er wer thús is. Hy leit it libben oare noarmen oan as foarhinne, dêrom stiet er oanienwei bûten de stringen.’ En yndie, de flaptekst hat it by it rjochte ein, Fan it Anker Slein is it forhael fan Hidde, dy't min akklimatisearje kin, en om't er yn Ynje gâns bilibbe hat, gauris gefoelsmjittich alderlei útfallen docht nei eltse kant, dêr't er misbigryp of ûnearlike réaksjes forwachtet. Mar de flaptekst liicht, as dêr to lêzen stiet: ‘.... mar net fan him allinne. Der hawwe withoefolle west dy't wiene as hy. Mar de bûtewacht hat harren gjin achtslein, is der oan foarbygien en hie der gjin aen fan hwat hja trochmeitsje moasten. Dêrom dit forhael fan dy iene....’, hwant oan de jonges, dy't mei Hidde yn 'e tropen wiene (Sibe, Ynse, Douwe), docht al ridlik gau bliken, dat hja wol de âlde paden wer geane, wylst hja dochs sjoen wurde meije as de fortsjintwurdigers fan ‘dy withoefolle dy't wiene as hy.’ Dêrtroch forliest Fan it Anker Slein syn algemienens, en wurdt it in ynsidinteel forhael fan in ienling. Hawar, yn in flaptekst wurdt wol faker liigd.
Nei't Hidde thúskomt, rûgelet er fan de iene konfliktsitewaesje yn de oare. Hy forwikselet fan baes, syn forkearing rekket út, nochris roalet er fan wurkjower, en letter foar de tredde kear, en dit allegearre bart tsjin in eftergroun fan in djipsittende skuldfraech, dy't er yn Ynje skipe hat. As minsklik konflikt tige gaedlik om literair út to djipjen. Akkerman hat
| |
| |
in goede kar dien, en set it hanneljen fan dit karakter tsjin krekt dy eftergroun, mar soks ymplisearret noch net, dat sa'n prosédé yndie slagje moat. Dizze wurkwize freget in djip-minsklik bigryp net allinne, mar boppedat in fakmanskip en in psychologysk ynsjoch, dy't de haedfiguer yn syn konflikt neifiele en útbyldzje kinne, om sadwaende to kommen ta it stal jaen oan in wierhaftich minske. Dit is Akkerman meastentiids wol, en somtiden net slagge. Nou kin men mei de psychology gauris mear as ien kant op, en dêrom is de menier, hwerop Akkerman de forhâlding dy't ûntstie tusken Hidde en syn nije ûntdekking Mintsje ôfrinne lit, likegoed to fordigenjen as oan to fallen. Krekt dêrtroch wurdt dizze sitewaesje diskutabel, ek mei, om't Akkerman hjir de stelde oplossing net as de iennichste goede en mooglike oannimlik makket. Sjoen de eftergroun fan Hidde, hie er him mei likefolle rjocht en reden fêstbite kinnen yn in seksuéle forhâlding mei Mintsje, hwat in réeler flecht út it konflikt west hie as dy, dy't Akkerman nou ponearret. Dy oplossing komt yn 'e foarm fan Berghús (Bergsma stiet yn 'e flaptekst), Hidde syn fjirde baes. Yn dy syn pakhús snapt Hidde in amateur-ynbrekkerke, dat er in gisel mei in kneppel forkeapet. Troch de gjalp dy't it slachtoffer jowt, sjitte bylden út Ynje Hidde ynienen wer yn 't sin, hwat Akkerman op in filmyske wize treflik wier wit to meitsjen.
Dat it foarfal Hidde yn in bycht tsjin Berghús ta de katharsis bringt, is psychologysk krekt, en dêrom hie Fan it Anker Slein hjirmei út wêze moatten, om't nei de ‘suvering’ oanfurdigjen en birêsten de iennichste minsklike, dus literaire mooglikheit west hie, en dêrmei hie in réeler ein as Hidde syn emigraesje in kâns krige. Akkerman forjit hjirby, dat men syn oantinken, wjerfarrings en karakter sels is, en boppedat nimt men jinsels oeral en altyd mei, hwermei't de emigraesje fan Hidde in skynoplossing wurdt. It forhaeltsje op 'e foarflap, dat útliz docht oer de âlde noarmen, dy't Hidde net mear akseptearje kin, moat mei in kerltsje sâlt nommen wurde. Hidde makket net de yndruk fan in man, yn 'e hoeke prest fan âldfrinzige noarmen, dy't er ûntgroeid is, mar earder fan in rebel, dy't gefoelsmjittich réagarret op minsken út syn neiste omkriten, mar dit kin likegoed oan 'e redaksje fan de foarflap lizze. Foar de sakrekt oanstipte opfetting pleitet lykwols, dat in man as Berghús, op himsels in typysk fortsjintwurdiger fan krekt dy âlde noarmen, de oplossing forsearje moast. Dizze figuer makket de yndruk, in ûnsympathike ‘wisse pikker’ to wêzen, dy't himsels to goed yn 'e macht hat, en alles docht út birekkening, al suggerearret er oars, en al rint er mei ôfwaeide goerie to keap, lykas op blds. 153: ‘.... forjit it bidden net, dêr sille wy mei bigjinne moatte....’. Mar dòchs is hy de man, dy't sûnder omtinken en bitocht op eigen foardiel de polysje skillet, hwannear't Hidde de amateur-ynbrekker Theunis snapt.
It is sa nuver net as it liket, as by de minder sterke kanten fan in roman langer stilstien wurdt as by de goede. It leit der nou ienris sa hinne, dat by ôfsakjen of ûnfoldwaendes plichte wurdt to preekjen, wylst it goede foar normael troch giet. Heechút wurdt it bileanne mei in freonskiplik skouderklopke of in goed sifer, en dêrmei stiet it notearre yn it-leaflik- | |
| |
boekje-fan-forjitten. Lykwols, fan Akkerman syn (op ien nei) lêste roman bliuwt hwat hingjen: twa fûle koplampen fan in frachtwein ‘lamlindich jeijend, mei efter it stjûr in sjeffeur, neisitten fan syn eigen forline, dat him linkenoan ynhellet. In byld, dat net immún is foar fariaesjes, mar dochs wol represintatyf foar Fan it Anker Slein. Akkerman makket it wier, dat Hidde op 'e doele is, en it net roaije kin mei it hjoed en de takomst, om't er mei it forline net yn 't lyk is.
Wie Akkerman oant nou ta almeast wend, syn figueren to heljen út 'e rounte fan de ‘kleinen der maatschappij’, yn Fan it Anker Slein is dat oars. Tajown, Hidde is gjin miljonairssoan en gjin yntellektueel, mar dochs leit der in prinsipieel forskeel tusken dit, Akkerman syn (op ien nei lêste) wurk, en syn earder. Biskreau er earder fakentiids figueren, yn in sterke en binende relaesje set mei harren milieu, hjir is dat oars. Hidde is in ienling, dy't yn in antithétyske hêlding foar syn milieu oer stiet. Hjirby falt ek op, dat yn dizze nije problematyk in driuw nei aktualiteit fordiskontearre is, hwermei't Akkerman him posityf-kritysk foar syn eigen tiid oer set. En dit is in ûntjowing yn Akkerman syn wurk, dy't minder maklik to biriddenearjen is, mar dy't dêrom net minder nijsgjirrich hoecht to wêzen. Akkerman makket him op 'e iene of oare menier los fan syn (literair) forline, troch krekt dizze tendinsjes yn syn wurk ta to litten, en hjirmei sit men eins ynienen yn 'e relaesje, dy't tusken Hidde en Akkerman bistiet. It is in êld, gauris yn 'e kiif steld foefke, dêr't it lêste wurd ek noch net oer sein is, haedfiguer en skriuwer ûnderling to forwikseljen. Feit is, dat eltse skriuwer in relaesje mei syn haedfiguer ûnderhêldt, in relaesje dy't biskaet wurdt troch de mjitte fan projeksje. In feit bliuwt ek, dat in skriuwer gjin roman produsearje kin sûnder projeksje, om't er yn ûnderskate gefallen ûnder it skriuwen himsels om rie freegje moat, hwat al in min ofte mear waerme relaesje ymplisearret, en soks slút wer in biskate foarm fan projeksje yn. Gauris sil sa'n proses ûnder- of ûnbiwust forrinne, mar dat foroaret oan de projeksje as sadanich neat. Sa bisjoen, bistiet der yndie, sa't it liket, in fêste relaesje, in oerienkomst troch projeksje faeks, tusken Hidde en Akkerman. Stiet Hidde op in
trijesprong, Akkerman stiet it ek. Akkerman hat syn (literair) forline loslitte wollen, wylst Hidde syn forline-as-feit loslitte moast en op 'e nij bigjinne, hwat yn konkreto deselde opjefte wie as dy, dy't Akkerman himsels stelde. Sa hat Fan it Anker Slein in springen yn 'e romte west, in eksperimint, hweryn't Akkerman en Hidde krúslings symboalysk foar elkoarren wiene, om't hja per slot fan rekken tangele sieten mei de selde problematyk. In eksperimint om to kommen ta in mear persoanlik boun konflikt, sûnder dat it milieu der sa'n greate ynfloed op útoefenje koe, as dat ornaris by Akkerman it gefal wie. Wie Akkerman syn earder wurk in smel mingseltsje fan réalisme en naturalisme, dêr't de haedfigueren yn wiene ôf to lieden út 'e trije streamings-slogans, hjir is dat perfoarst net it gefal, om't Hidde, lykas earder sein, yn in antithétyske hâlding foar syn milieu oer stiet, yn 't foarste plak wrakseljend it forline kwyt to reitsjen, sûnder dat er it milieu ynfloed dêr op tastiet. Sa koe Fan it Anker Slein yn dit ramt nea hielendal slagje, hwant it feit, dat Hidde en Akkerman to nei bisibbe wiene, en dat Hidde symptomatysk
| |
| |
foar Akkerman wie, liet de skriuwer in to lytse romte fan biwegen oer, dêr't Hidde foar in part wol yn forkomme moast, en dêrtroch is der in Hidde ûntstien, dy't foar in part wol, en somtiden net oertsjûget. Dat Akkerman op dit smelle front noch in roman wist to bifjochtsjen, dy't, al bifrediget er út noch yn net oer alle boegen, dochs it lêzen wurdich wie, is in prestaesje, dy't net allinne op Fan it Anker Slein, mar ek op Akkerman in nijsgjirrich ljocht smyt. Dêrom moat Fan it Anker Slein dan ek net sjoen wurde as in literaire prestaesje op himsels, mar as in fase yn in ûntjowing, dy't noch oan 'e gong is. Dizze roman is gjin ‘fêst punt’, gjin halte oan 'e wei fan dy ûntjowing, mar in ekspearimint, en as sadanich geane der defekten mei mank.
Dat Akkerman syn ûntjowing trochgong fynt ja ofte né, docht bliken út In Man Allinne, in punt dat net op 'e wurklist stiet, en boppedat in roman, dy't hypothetysk noch yn hânskrift leit.
|
|