De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 309]
| |
[pagina 310]
| |
Dou
dou bist foar my
de blauwite frou
yn it iepen hûs
op de smelle fronten
fan deistige tochten
doarmje ik faek
tusken de glêzen
dines en mines
nei de kapitulaesje
bistou foar my
de greate mooglikheid
yn bisletten rounte
| |
[pagina 311]
| |
Duet
yn dyn lytse wrâld
lizze de lûden
swier ûnder myn meldij
en eltse kear
as ik de wurden poen
ûntsteane
greate wûnders
fan fortriet
njonken de wjukslach
fan dyn eagen
fleane wite fûgels
troch dyn hier
der is in sulvren brân
yn ús to smelle hannen
| |
[pagina 312]
| |
Ynterieur
binnen it bistek
fan dit lang en breed
bitrouwen
steane de dingen
wiidskonkich yn rêst
foar it âlde each
fan in brún woeksen kast
lizze ús gebearten
núnderjend foar inoar oer
de stilte fan it hout
en de spraek fan it ljocht
lizze de glâns
fan dyn hert
taestber op myn stoel
| |
[pagina 313]
| |
Moarns
in dei
as in sêfte sliep
foar de finsters
fan it jier
wiuwt in slûge moarn
nei in dimmen hûs
slacht in sljochtwei fûgel
forhearde fûnken
út de tael
en yn it bliere wetter
skeat de snoek
in kaem
| |
[pagina 314]
| |
Bloei
dêr't de apelblossums
inoarren yn in sinnige rite
oerdwealsk en spegeljend
trou ûnthjitte
en har flanken iepenteare
foar de siedding
fan it fruchtdragend ljocht
steane de beammen
maeijefêst foar anker
yn in loftspegeling
garjend de wissichheden
út in bibelske reinbôge
mei seldsum fordrach
foar styl en tradysje
| |
[pagina 315]
| |
Werberte
lûdlêstige stimmen
minsklik oer en lâns
waekse yn stilte
ta in obelisk
fan smelle
fortrietlike
wurden
ûnderwilens
dizze meditaesje
it roeikjen fan dy
oerbilêste bigripen
skodholjend yn ûnmacht
mar as in finger
út de hichte
de wurden fan boppen
nei ûnderen biroert
leare wy de tael
op 'en nij
| |
[pagina 316]
| |
Nocturne
it wynderjende ljocht
pinsielet súntsjes
de lêste deilisskippen
tsjin de nachtlike
oerwinning
nou dreame de huzen
forware yn de deistige slach
fan it lok oer de brêge
en it feest om utens
lytse stinzen
forfalle yn it donker
mar wurde hja
moarn net wer opboud
|
|