Tsjits Peanstra:
Fifty-fifty
Nou't ik út 'e rie bin lit ik my fan neat wjerhâlde. Tolang haw ik al mei 't spoek op 'e rêch roun, tofolle haw ik my liede litten fan oardiel en foaroardiel, hwat kin my der fan oerkomme, my âlde frou, as ik myn houlikslibben oaren ta in teken stel?
It giet my net sa glêd ôf as ik my foarsteld hie, ik wit net hwer't ik bigjinne en ophâlde moat, ôfsjoen noch fan it feit dat ik my it skriuwen makliker tocht haw. As famke en faem haw ik wolris dreamd fan boekeskriuwen om't ik sokke hege sifers krige mei myn opstellen. It is der nea fan kaem en dit sil ek net mear as in opstel wurde. Hoe dan ek, as it mar publisearre wurdt, as it mar de kâns kriget om ien fan myn jonge seksegenoaten to warskôgjen en, mooglik to biwarjen, foar in boartlik fortoan fan macht dat my - en hoefolle froulju fan dizze ieu net? - de houliksnekke briek, om it sa mar ris to sizzen.
Ik wit noch as de dei fan juster dat ik mei juf Holtrop it skoalleplein op en del kuijere en it haed, master Steensma, mei in ûngelokkich gesicht út 'e hûs kaem, sûnder ús syn leed to forbergjen.
Hy hat bigreatsjen mei himsels, de sukkel, sei ik. En ik foege der oan ta dat ik nea mei in ûnderwizer trouwe soe èn, mocht ik ea trouwe, in man hawwe woe dêr't ik by opsjen koe, koartsein in man dy't my oer alle boegen treast wie en fan gjin tajaen wist.
Kollega Holtrop, de juf fan 'e tredde en fjirde klasse op it trijemansskoaltsje, wie widdou en omtrint tweintich jier âlder as ik. Hja seach my fansiden oan en glimke sûnder hwat to sizzen.
- Is it in wûnder dat masterske as in masteresse foar master opslacht by sa'n master? - sei ik, greatsk op sa'n boartlike wurdkombinaesje. En ik foege der oan ta:
- Yn 'e hûs in wezeling, foar de klasse in woesteling, sa'n spultsje is it. Né, myn man sil net bang fóar my, mar baes óer my wêze moatte. -
- Astou ea trouwe mochtst -, pleage Holtrop my.
- Hwerom soe ik net trouwe? -
- Né, hwerom net, siz dat wol. Dou hast omtrint alles hwat in man by in frou siket. -
- Omtrint? -
- Ja, omtrint Jott; dou hast alles, útsein... -
- Utsein hwat, Holtrop? -
- Né, neat; ik pleagje dy mar hwat. Dou bist yn alle gefallen in kreaze en sjarmante jonge frou. It houlik kin goed wêze, moai sels, as elk syn plak mar wit. -
- Hawwe Jo lokkich west? Wie mynhear Holtrop in aerdige man om to sjen en wie er goed? -
- Hy wie beide... ik sil moarn in foto fan him meinimme. -
- Wie er sa, dat Jo nea wer de frou fan in oar wêze kinne? -
- Dou bist noch hwat dwaes romantysk, forjow my Jott, dat ik it siz.