De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 304] [p. 304] Gerrit Mulder: Stamboekbolle Fan de adel ûnder de minsken is net botte folle mear oer fryslân's namme wurdt nou heechhâlden fan de adel ûnder it hoarnfé: ús bollen bygelyks! Fjouwer koarte poaten in sturt in leaf fyn kopke in bonkerak op mjitte mei fral romme ribben en dat hielendal opfolle en oanfolle mei fleis swart of reabûnt fel kreas der omhinne en klear... De priis? dat kin rom in tonne wêze mar ek wol sawn bankjes en tuskenbeide is romte. Rinne docht in bolle mar slimme min drave kin er alhiel net mar soks hindert gjin grevel as er mar springe wol dat is planút sein syn fak fierder mei er ite en drinke. Smoke docht er net en soks is al jammer nou't de Lucky Strike hjirre wer to krijen binne en de arbeiders mar raek smoke it regear moast der op tasjen dat allinne de adel de adel foar de mûle komt... [pagina 305] [p. 305] In bolle hat in dûbelde namme òf men sprekt him oan mei syn fan adema of sa. Twa kear yn 't jier rydt in bolle fan namme mei de auto nei ljouwert om bûtenlanners ridder wouter swart en oare minsken to bisjen... Hoe fornaem ek - wy biïerdigje in stamboekbolle net mar ite him op as er dien hat - útsein de adel fan de skinke dy eksportearje wy nei amearika foar dollars en om ús arbeiders ôf to learen sa tier to wêzen gjin spek en fet to lêsten. Vorige Volgende