driigjende tsjamme tsjin 'e tsjustere souder.
Bouk, meager, bienbitich, mar de griis-griene eagen fel yn it wite gesicht. It wyld bosk read hier as in lôge om 'e holle.
Hja feegde yn it stik brea, loege dêr wetterige ierappels op. ‘Hjir, ite.’ As wolven foelen se der op oan, yn in smook hiene hja it op. Hja dronken dêr sûkereiwetter ta, dêr siet ek noch hwat kofjetsjûk yn. It iten naem gjin tiid. Sels lei Bouk de lytste op bêd, dy kaem yn 'e weach. Hja hie nou de romte. Lysbet griemde mei hwat waerm wetter en in smoarge doek. De beide jonkjes waerden wei yn it oare bedsté.
Lysbet skoude nei de âld kachel, de holle heukrich tusken de smelle skouders. De wyn bearde om 'e hutte. Bouk skeukte de rêch tsjin 'e stoel, de meagere earmen oer elkoar. De lea soe jin bifalle nei it waerm miel. Nou siet it hjir goed nei in dei fan swalkjen mei in lange nacht foar hannen. As der mar gjin snie kaem, de wegen soene sa min wurde. It soe it biddeljen mooglik to'n goede komme, mar it lyts fanke soe thús bliuwe moatte...
Hja skoude tichter nei de kachel. ‘Dû moatst ek op bêd Lysbet.’ It famke skou by de jonkjes ûnder de foddeboel. Drôgjend bleau Bouk sitten. Nou wiene de minne diken fier en alle jounen krigen hja noch in stikhinne sêd. Hja rêdden it wol. Fiif moanne hie Harke nou om, noch fjouwer hie er to goede. Fan 't winter wie er dêr mei bisteld. Yn Ljouwert soe er wol bikomme, dêr wisten se wol ried mei sokke wyldemannen. Né, hy wie yn it minst net kwea. In koartkop wie 't, opljeppend, sa mar troch alles hinne dûm. In slinger oan 'e earen, hwat frommis soe soks net fan har man forneare kinne? In dúst en in skop, hwerom net? Dêr wiene it manlju foar.
Mar de lêste kear wie to bot oankomd. Harke wist fan gjin ophâlden. Nou soe er wol witte dat har net alles goed wie. Njoggen moanne, tiid to bikommen... Harke, hwat wie er sterk, de polysjes hiene wurk mei him hawn. Har jonge, it roun har waerm oer de lea...
Tsjin it sin hast kearde se har om, mei't de doar gyng. ‘Knjilles hie 'k al net tocht, doch dy doar ticht.’
Dêr stie er. Lyts, miswoechsen, fiersten to lange earmen, djip lizzende loerende eagen, in weetlik glimke om 'e brede mûle. In kobalt.
‘Ik sei, joun.’ Hy roun nei de tafel, krige de wrakke stoel. ‘Ik woe ris by dy sjen, Bouk. Dû sitst hjir mar alle jounen allinne, ik mei dat min ha. Hoe giet it, âlde?’
‘Wol goed, wy skarrelje der wol troch.’
‘De jounen wurde oars lang, dû silst wol hwat oanspraek ha kinne.’
‘Ik gean jouns yntiids op bêd moatst tinke.’
‘Dan wurde de nachten lang, ha, ha, lang en ienlik, dat sil foar dy ek net tafalle Bouk.’ Hy bûgde him hwat nei har oer: ‘Kinst nachts noch waerm wurde?’
‘Hwat rekket dy dat?’
‘Hoechst net sa lêbbich, ik missiz dy dochs neat? Ik bin hjir nammers net kommen om mei dy to tsieren, hoe liket dit?’ Hy helle in heal fleske drank út 'e bûs.
Bouke eagen ljochten op. ‘Dat sil 'k net ôfslaen.’