De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 297] [p. 297] [Nummer 11] Tiny Mulder: It wetter sei tink oer it skouder tink oan it park de beammen sliepkolommen sliepwanneljende blommen sliepdronken paden mar it wetter lei wekker it wetter praette it iepen wetter snjitte klearwekker heldere letters mei glêzen glinsters as ljochte finsters dêr't yn it slieplân tinzen dreamen op etse witst hwat it wetter sei yn dy praetske rite doe't de wyn woele yn 'e dream en in beam ûnkundich in blêd forlear it wiisde ôf de skuld oangeande keningsbern oan bar net ré oan set to let ta omtleas leavje hweromleas biminne wetter sliept yn de nacht argeleas neaken de eagen iepen spring of kear dy ôf der falt neat to skriemen [pagina 298] [p. 298] Snein amen seit de dominé gean nou mar nei hûs brún rûkt de kofje en de Hear is hear ek fan moarnskofjebeane en fan de middeisheide kraeltsjeriuwend yn in kleur dy't ik swealp neam hwát kralen seit de bij heide is hunich mjitskkleur en swietekou seit de bij en ik laket de skrobberheide mei de tyngelbeltsjes ik bin it grapke it bêste grapke fan de hiele heide in grapke mei der wier wol by en de Hear is hear ek fan de dominé amen seit de echte heide en de grize wyn komt oerein fan de knibbels en skatteret om de swarte skieppekop fan it earnstich wurd kinstou net libje bern [pagina 299] [p. 299] It oare lan ik wol touterje sei ik touterje yn wolken fan trinten sjongen en núnderjend it oare lân bitinke ik wol touterje sei ik touterje yn wolken fan faezjend fluitsjen tusken myn eagen wennet in fûgel dy't jounich fluitsjend hwat toutere jounich touterjend hwat fluite hommels swei en fanatyk toutere swingend op it steile wurd fan de heechste wyn yn de stagen en licht laitsjend troch it flues glied nei it nije lân ik wol touterje song ik touterje yn wolken fan licht laitsjen yn de faet fan 'e fûgel [pagina 300] [p. 300] Terra incognita hwat frjemd lân biminde is yn dy wurden ik ken dizze rotsen net de kleauwen en de kûlen myn fuotten roppe alarm en hwat de wâlden en de séën bergje bifangt myn fingers lianen algen pearels orchidéën gjin goede houn wiist my de wei gjin wichelroede knikt dêr't ik dy drinke mei ik ken de tael net dy't hjir sprutsen wurdt forstiestou my as ik in tael praet dy'stou net forstiest ast ûnbislein bist om myn tekens oan dyn weach to lêzen sil ik fannacht forsketten út myn skûle forwaeide fûgel wêze dy't yn dyn lome sliep dyn echokûle in kiel opset Vorige Volgende