Toanielkronyk:
Mooglikheden foar it moai waer-toaniel
Der is net folle kunst, dy't it fan moai waer hawwe moat, mar it iepenlofttoaniel kin der nou ienris net sûnder. Wy kinne dus fuort al sizze, dat it iepenlofttoaniel it yn Fryslân fan 't simmer like min troffen hat as de measten, dy't har fakânsje op de eilânnen of de marren hâlden hawwe. De première op De Sweach moast nei it skoft ôfbrutsen wurde, yn Burgum binne in pear opfieringen om it reinige waer net trochgien, yn Jorwert hat de trêdde joun it sitte litten en yn Sûndel moat in great part fan it mislearjen ek op it minne waer skoud wurde.
Hwerom, soe men sizze, lizze wy ús yn in lân mei in klimaet lyk as uzes en dan noch wol yn de moannen, dêr't neffens de gelearden it measte wetter yn falt, de lêste jierren hieltyd mear op iepenlofttoaniel út? Neffens in âlde tradysje hâlde party doarpen har simmerfeesten, mar de jounsútfieringen binne dan almeasten yn tinten. Nou foldocht in djippe tinte mei in lyts toaniel mei in brede mêst der dwers foar, allerheislikste min (ploegen as dy fan Tetman en Popma kinne dêr oer mei prate!) mar it sit yn alle gefallen droech en it slimste hwat der barre kin (en ek gauris bart) is dat de spilers efkes wachtsje moatte omdat de rein mei gewelt op it seiltek fan de tinte slacht.
It is dúdlik hwat it iepenlofttoaniel tsjin hat, mar hwa't dy tinte-útfieringen mear fan de toanieltechnyske as fan de meteorologyske kant skôget, wit ek skoan hwat it foar hat. Ek winterdeis hawwe wy yn Fryslân gjin toanielen foar greate scènes en der is mar in lyts tal plakken dat op toanielgebiet oan moderne easken yn it stik fan lûd en ljocht tomjitte komme kin. Yn de iepenloftthéaters kin toaniel brocht wurde, dat oars yn Fryslân noch net sokke greate kânsen hat. De regisseurs kinne ek op it gebiet fan de massa-regy ris hwat sjen litte.
Dat binne foardielen, dy't wol tsjin de biswieren fan de risiko's mei it waer opwage. It wurdt lykwols oars, as de biswieren àl bistean bliuwe en fan de foardielen gjin gebrûk makke wurdt. Dat hat fan 't jier sa west yn Burgum, dat in knap iepenloftthéater krige hat en dêr't ek noch in kultureel sintrum yn in âlde boerepleats komt. Hja spilen dêr Jef van der Heijden's Mynhear de presidint, in troch Jannes Spyksma út it Nederlânsk oerset stik. It stik spilet foar it neist yn Hongarije, yn alle gefallen yn it lân, dat him yn de oarloch tsjin de iene (nasionael-sosialistyske) diktatuer forset hat en dan bifrijd wurdt troch de soldaten fan in oare (kommunistyske) diktatuer. Twa freonen, Laslo en Tibor, hawwe yn de oarloch foar de frijheit striden, nei de oarloch kiest de iene it nije regym. De oare giet op 'e nij de forsetsstriid oan en bidarret yn de finzenis. Syn eardere maet Tibor bringt it ta presidint en lit it ta, dat Laslo deasketten wurdt. In forhael, dêr't Jef van der Heijden hiel hwat fan makke hat, al is der it greate biswier, dat it haedkonflikt net út de ferve komt omdat praktysk it hiele stik flash-back is. Ut it forline moat it probleem fan hjoed forklearre wurde, mar dêr komt it stik krèkt net oan ta. Soms is it sterk, sober, binend, mar der binne ek geheimsinnige dreamfigueren, dy't ynienen de spannendste mominten brekke mei heechdravend praet. Jef van der Heijden - dy't ek regisseur wie - hat dit stik, dat it winliken fan de soberheit hawwe moat, mei gâns ljocht- en lûdeffekten brocht; hy gie soms sels sa fier, dat de petearen al op de bân fêstlein wiene, sadat de spilers allinne noch mar de gebeartens meitsje hoegden. Binammen de dramatyske slot-scène hat der tige ûnder to lijen hawn.
Mar it greatste biswier is wol, dat hjir foar it iepenlofttoaniel in sealstik brûkt waerd; in stik noch wol, dat foar in great part yn finzenissellen spilet. Yn de iepenloftthéaters moatte wy de romte brûke en wy hoopje foar Burgum, dat hja takomme jier in stik to spyljen krije, dat it mooglik makket om de foarsjenningen, dy't hja nou ta har foldwaen hawwe, to brûken. Hja hawwe in tal knappe spilers; dat hat út de opfiering fan Mynhear de presidint wol bliken dien.
De Sweach hat fan 't jier folle better gebrûk makke fan de mooglikheden. Friedrich Dürrenmatt hat syn stik In ingel yn Babylon net foar de Sweachster bosken skreaun, mar it wie der àl tige brûkber foar. Deselde Jef van der Heijden, dy't yn Burgum in hwat nuvere kar die (oannommen dat it oan him lei) hat