Krityk yn it koart:
Tarzan en de se
En de sé wie net mear.
A.A. van der Werf.
A.J. Osinga N.V.
Omslach: Frits Klein.
Tarzan.
H. de Jong.
A.J. Osinga N.V.
Omslach: Frits Klein.
Mocht de titel fan dit stikje assosiaesjes oproppe oan Hemingway, de beide boeken En de sé wie net mear fan A.A. van der Werf en Tarzan fan H. de Jong dogge dat spitigernôch net, en dat is dan ek de iennichste relaesje, dy't der tusken de Amerikaenske skriuwer en syn beide Fryske konfraters bistiet. Net, dat it yn 'e reden leit soks óárs to forwachtsjen. De talinten fan A.A. van der Werf en fan H. de Jong wiene al bikend út har eardere romans, en doe die al bliken, dat men hjir net to meitsjen hie mei skriuwers fan it greate formaet. Lykwols krigen beide yn moai brede rounten wurdearring, hwat ûndertusken noch neat oer literaire kwaliteiten seit, en fan dizze beide nije skriftueren binne dyselde kwaliteiten wer frijwol nihil.
En de sé wie net mear: Sjoerd kriget de bouns fan syn faem Reinsk, dy't soks docht om't hja t.b. hat. De leafde sit Sjoerd nochal djip, hwat him net bihinderet, om mei Tsjits, in frommis mei glûpske (!) eagen, in nacht to bilibjen, dy't foar gâns K.F.F.B.-lêzers knap oer de skreef giet. As Sjoerd yn 'e rekken kriget, dat Tsjits troud is, kin er it net goedkrije, en de skriuwer soarget dus sa hurd as er kin, dat it mei Sjoerd en Reinsk wer yn oarder komt. As Reinsk yn Appelskea leit, en dêr dyselde Tsjits moetet, is dat foar de skriuwer in prachtige kâns, in pear yn-hypokrityske libbensleskes op to lêzen. Fansels komt alles knap torjochte, en de K.F.F.B.-lêzers binne wer gâns wizer wurden.
Nim it forhaeltsje foar hwat it is, de komposysje is navenant. De skriuwer hâldt him net oan it thema fan de leafde allinne, né, hy biskriuwt tagelyk de ynpoldering en de oarloch, en sadwaende wurdt dizze ‘roman’ in kronykeftich, fragmintarysk relaes, dêr't nòch it forhaeltsje, nòch de ynpoldering, nòch de oarloch yn út de ferve komt en dêrmei wurdt de roman redusearre ta in ordinair leafdes-forhaeltsje-mei-morael. Boppedat liket Van der Werf de needsaek net to fielen, syn persoanen yn har motiven en eigenaerdichheden to typearjen, hwat dúdlik foar it ljocht komt yn 'e forhâlding Reinsk-Sjoerd-Tsjits. Syn haedpersoanen wurde dan ek mear sloppe, opportunistyske wêzens as echte libjende minsken. De tael is wakker ûngelyk; de skriuwer liket net to witten, dat it Fryske skelwurd foar Dútskers ‘Poepen’ is. Dat gâns byfigueren Hylpers prate is tige nijsgjirrich, mar it is net organysk ynpast yn it ramt fan it forhael, en it makket dan