De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 287]
| |
Durk van der Ploeg:
| |
[pagina 288]
| |
De eksperimintéle biweging, hweryn Lucebert, Kouwenaar, Vinkenoog en Schierbeek as dominearjende figueren op de foargroun kamen to stean, hat har doelbiwust rjochte op in radikale breuk mei de frekwinte tradisionéle poëzij. Har aktiviteit hat west in réaksje tsjin de tradysje, itjinge de bidoeling fan it eksperimint in hiel oare rjochting joech. De funksionéle nammejowing waerd ta in apokrife manifestaesje ‘van de afgrond en de luchtmens’; dy't troch in revolúsionaire dialektyk distânsje socht fan in anekdotyske en lyryske poëzij. Hja hawwe mei in ynkunabele poëzij in tiid registrearje wollen ta psychologyske analyse. Yn harren wurd wie net in berte, in bilofte, in profesije, in warskôging; it wie in rékapitulaesje fan it bisteande yn in suver cerebrale poëzij. It hat him net distânsiearre fan it bisteande om it wêzen dêrfan in libbene gestalte to jaen. En foarsafier it him wol distânsiearre wie it in yntellektuéle distânsje dy't de poëzij makke ta fakliteratuer fan psychologen en filologyske sneupers. De demonstrative taelfornijing en abstraksje hat as réaksje tsjin it forline de poëzij yn in leechte dreaun. It hat har brocht yn in sfear fan wranteligens en navrantens. It hat de poëzij fan de ekstreem-eksperimintéle biweging, dy't daliks yn fyftich de lieding naem en ynearsten bidoelde in programmatysk eksperimint, makke ta in fallende en flokkende mankrêft; ta literaire agressy. Yn de kontinuïteit fan de fryske literatuer hat de oergong fan tradisionéle generaesje nei eksperimintéle groepearring en yndividueel forwar nèt radikaal west. It dogma fan frysk tradisionéle dichtkunst, de prioriteit fan gefoelswearden ta ûnderskate nasionale eleminten, de perifeare bilangstelling ta kréative fornijing en somlike eruptive literaire konklúzjes hawwe dit yn de wei stien. Hwat lykwols in fornijing en opbloei fan de fryske poëzij folle mear bihindere hat, is dat de foarm en de gestalte fan it eksperimint net út eigen formidden opkaem, hweryn it har autonoom ûntwikkelje koe yn de foege dy't oansluting foun by de romantyk en de religy dy't de geast fan it fryske folk bihearsket. Dêr komt noch by, dat de fryske eksperimintélen elk programmatysk stribjen ûntbrutsen hat en hja as dichters foar in nije gemeente wifken tusken de mooglikheden fan de tradysje - hweryn hja tige sterk it gefoelselemint fan it folk ûntdieken - en it eksperimint - dat cerebrael it romantysk sentimint redusearre ta ûnopfallend regionalisme. De fryske eksperimintélen steane skruten yn in skaedposysje fan de moderne nederlânske literatuer. Doe't om fyftich hinne de nederlânske eksperimintélen foarm en ynfloed bigounen to krijen, waerden de fryske dichters dy't op dat stuit noch gjin generaesje foarmen oanstutsen fan de nije biweging dy't yn Hollân mei manifestaesjes en krústochten fanwegen kaem. It koe net útbliuwe dat poëzij fan in as keizer optoaide Lucebert by somliken neifolging foun. Dizze biynfloeding bleau op ûnderskate punten lykwols in swak forskynsel, yn it foarste plak omt de gefoelssektor hweryn it eksperimint har yn Hollân foltôge njonken dy leit, hweryn de fryske dichter trochstrings libbet, wilens de fuortsetting fan it eksperimint yn Fryslân in suver yndividueel ûndernimmen wie. In lytse groepearring dy't dizze literaire fornijing yn Hollân op in neijer distânsje bilibbe, bigoun doe de útjefte fan it eksperiminteel literair tyd- | |
[pagina 289]
| |
skrift De GolleGa naar voetnoot*). Dizze groep fan - neffens Fryske bigripen - ekstreem eksperimintélen, hat doedestiids mient in stjitgroep foarmje to moatten foar in nije fryske poëzij, omt de biynfloeding fan bûten út net sterkernôch wie en it eksperimintéle gedoch yn Fryslân tofolle libbe by it tradisionéle. En sûnder mis stiet it tsjintwurdige tydskrift quatrebras op itselde stânpunt en wrakselt yn 1960 noch mei itselde probleem, der't De Golle yn '52 mei úteinset is. Nettsjinsteande de aktiviteiten en goede bidoelingen fan quatrebras is der yn Fryslân in poëzij bistean bleaun, dy't mei al syn nije foarmen en taelstalling, biynfloede troch nederlânske of hokker oare eksperimintéle biweging, bisibbe is oan it wurk fan eardere fryske dichters. Ta in radikale trochbraek fan in nije generaesje is it yn Fryslân oant nou ta net kommen, sels yn de rigen fan quatrebras-skriuwers is net in kearn foarme dy't de forwêzentliking fan it eksperimint definityf stelle kin; dêrta is de hiele thematyk, dy't yn de moderne literatuer oan de oarder is to ûnfolslein en hat gjin bining mei de ekspânsje fan tiid en geast en noch minder profetyske alluere hweryn hja har distânsiearret fan it profane. It eksperimint yn Fryslân is net in selsstannige réaksje fan in generaesje, mar in neifolging fan in generaesje. Sadwaende binne der yn de moderne nederlânske en fryske poëzij parallellen oan to wizen fan symboalen, foarmen en literaire moadewurden, yn de cerebrale poëzij fan ekstremen, allyksa yn de mythe-poëzij fan de post-eksperimintélen, dy't parallel net weromslagge op de geastlike en romantyske berten fan dizze twa maetskiplik en polityk yninoar forweve mienskippen.
It eksperimintalisme yn Fryslân achtet net de noarm dy't programmatysk los-fêst forboun is oan de nederlânske avantgarde. De biynfloeding hat dêrta to swak west en hat har yn haedsaek biheind ta foarmfornijing en neifolging fan de meast universéle mjitte. It hat fan himsels tomin ekspânsje en kréatyf formogen ta ûntstiging en wifket tusken de poalen fan tradysje en eksperimint. Spitigernôch binne der altyd noch guon dy't miene dat it ûnderskied tusken tradysje en eksperimint leit yn in leptosome bilicheming, abstrakte abrivearring en mijen fan ynterpunksje en kapitalen. Harren is it noch nea dúdlik dat de moderne poëzij rikt oer in typografyske yntroduksje nei in abstrakte formulearring, dy't in biswarring opleit oan tiid en geast en dêryn tagelyk in perspektyf siket en it net bineamde in namme tabitrout; in motyf, dat like âld is as de poëzij sels. Hjiryn leit dan teffens de konstatearring dat de eksperimintéle poëzij mar in tiidsforskynsel is, en de bineaming ‘eksperiminteel’ yn feite futyl. Hja hat allinne bitsjutting as bineaming fan it nonsignifikative. In bineaming dy't aenst oer safolle jier, as der in nije generaesje oan bar komt, hweryn mear eksekutanten as eksegeten eksersearje, miskien opfolge wurdt troch eksorcisme, funksionalisme of hokker oar isme ek. It essinsiële forskeel dat bistiet tusken de tradysje en it eksperimint is neffens myn bitinken dúdlik werjown yn de folgjende twa sitaten: ‘Poëzie ontstaat in dien toestand der ontroerde ziel, waarin de ingeboren schoon- | |
[pagina 290]
| |
heidsbehoefte en schoonheidsdrang werken.’ (Woordkunst, M.A.P.C. Poelhekke, negende druk, § 3).
Ik tracht op poëtische wijze
Dat wil zeggen
Eenvouds verlichte waters
De ruimte van het volledig leven
Tot uitdrukking te brengen.
In deze tijd heeft wat men altijd noemde
Schoonheid schoonheid haar gezicht verbrand
Zij troost niet meer de mensen
Zij troost de larven de reptielen de ratten
Maar de mens verschrikt zij
En treft hem met het besef
Een broodkruimel te zijn op de rok van het universum.
(Lucebert Apocrief, 1953)
Dizze twa sitaten binne net bislissend foar it literaire klimaet fan tradysje en avantgarde. It wiist allinne op in essinsieel forskil. De poëzij is fan aesthetysk, romantysk en lyrysk forskynsel wurden ta in cerebrale biskriuwing fan de romte fan it folsleine libben. Men kin dêrby de fraech stelle oft dy romte, dy't Lucebert foar de eksperimintéle poëzij opeasket, ek wierliken brûkt wurdt, en de dichter by steat is dizze romte fan kréatuerlik en natuerlik bistean to omfetsjen oant yn it ûnderwêsten, oant yn de romte dy't winliken noch fakuüm is, hweryn de minske fan 1960 bisiket de moderne skiednis to foltôgjen mei eksperiminten en lânsearringen, lykas de frânske skriuwer Jules Verne dy sa likernôch 1850 al biskreaun hat. Folle skerper wurdt dizze fraech as er rjochte wurdt oan de fryske eksperimintélen en dan yn har situaesje. Is de fryske dichter net folle mear dwaende to skriuwen fan fers ta fers, ynsté fan de romte fan it folsleine libben - dat is folle - yn de poëzij bihearskje to wollen? Is de fryske poëzij ek net fierstento yndividualistysk om ta de romte fan it folsleine libben to kommen? It klimaetsforskil tusken tradysje en moderne poëzij is yn de nederlânske literatuer folle sterker as yn de fryske. De romte dy't de fryske dichters projektearre hawwe bliuwt binnen de bigrinzing fan in agrarysk tinkende en libjende mienskip en slacht del yn meditatyf tinken, primityf bilibjen en ynstinktive forbylding; it manifestearret yn de synthese fan revolúsionair en eruptyf eksperimint ta in nij lûd, mar sublimearret dêryn net ta in magyske died, ta in folslein nije réaksje. It dichterlik formogen, de fordjipping en dialektyk is net ekspânsyf genôch om dit aksint kréatyf to forwurklikjen, dêrta stiet dizze poëzij ek tofolle ûnder de twang fan religieuze earnst, fryske ynbannigens en romantysk sentimint. It échec fan de fryske dichter, dat ûnder oaren dúdlik aksint krigen hat yn in kunstmjittige fuortsetting fan syn publisiteit, hat lykwols in fitale eigenbiwisse en agressive groepearring, dy't ûnder alle omstandichheden | |
[pagina 291]
| |
in eksperimint fuortsette doar, net opkeare kind ta forinkeling. It hat harren selskennisse en selsbihearsking lykwols al oantaest en op straffe fan ynsinking en net tinkbyldige ûndergong, makke ta forbittering en oermoedigens dy't binammen yn it wurk fan de ‘quatrebras-skriuwers’ aksintuearre waerd mei typografyske mooglikheden en ûnmooglikheden (reade runen fan ella wassenaer) en théoretyske ûntdekkingen fan marten brouwer oer hark- en sjochfersen. Nou is it échec au fond foar de fryske dichter gjin skande. It is allinne spitich dat it degenerearjende gefolgen hawwe kin. Ek de réaksje op dizze tsjinslach is bigryplik, mar dêr stiet tsjinoer dat der in krêftige krityske lieding wêze moat dy't ûnpartidich út de generaesje fan it eksperimintéle wei rjochting bipale kin. Mar it kritysk elemint yn de eksperimintéle biweging - einliks mei ik hjir it wurd biweging net ienris neame, omt der net in biweging bistiet - is likegoed arrivé as de poëzij, en dat is in faei teken dat sûnder twivel de avesaesje fan in groepearring laet op ûnfolsleine wegen. It jowt binammen oanlieding en gelegenheit ta it-der-mar-hwat-hinne-skriuwen fan wurden dy't in eksperiminteel forantwurde leptosoom lichem foarmje. Troch in eigenbiwisse hâlding wurdt der gâns poëzij forskreaun ta pose en procédé dy't faken to'n ûnrjochte tolânne komt yn de biheinde eksposysjeromte fan tydskriften dy't by tomin kar net folle to kedizen hawwe en hast needsaeklik ta dizze poëzij forfalle yn 'e hope op better tiden. Foar my persoanlik haw ik nea oertsjûge west fan de fryske eksperimintéle poëzij yn dizze konstellaesje en is it eksperimintéle stadium dat ik tige sydlings al bilibbe al op retour en dêrmei miskien ek gâns twivel en skynhillige frommens.
Ik kom dus ta de konklúzje, dat it poëtysk eksperimint, sa net mislearre, dan dochs ûnfoltôge is yn hwat men der, ôfgeande op de bilofte, réeel fan forwachtsje mocht en yn de foarm, hweryn hja har ynearsten iepenbiere hat, op retour rekket, en hwat langer hwat mear rjochting kriget nei de kant fan it post-eksperimintéle, hweryn de poëzij net yn it foarste plak eksperimint wêze wol, mar omt it ûnmooglik is yn dizze tiid, hweryn in folsleine fornijing needsaeklik is, oan it eksperimint to ûntkommen. In poëzij dy't har net yn it foarste plak oriëntearret op it moderne wrâldbyld, mar nammeleaze geheimen siket efter de wurklikheden fan ús bistean en in flecht nimt yn de mythe dy't dizze geheimen bihearskje soe. Ik hâld dizze konklúzje fol as ik siz dat ek it eksperiminteel literair tydskrift quatrebras, dat de fornijende bidoelingen fan de skriuwersrounte De Mieren fuortset (alteast yn prinsipe), de réalisearring fan in nije poëzij net slagge is. Wol hawwe hja mei ynmoed bisocht in nije foarm en ynhâld oan de poëzij to jaen yn neifolging fan in hollânske eksperimintéle biweging; in programma dêr't a priori ek de fornijende bidoelingen fan De Mieren yn fordiskontearre binne, dat in eksperimintéle libbenshâlding rjochtfeardiget, mar net akseptabel is foar de gemeente. Hja binne net oan it gefaer ûntkommen dat hja fan in théory in prinsipe makken, hwerby de literaire need dy't hja observearren, har wurden is ta in eksperimintéle deugd. In deugd dy't spitigernôch net fierder rikt hat as de ynterne chaos | |
[pagina 292]
| |
fan yndividueel forwar. Douwe Kalma hat yndertiid sein dat elke jongfeint in dichter wie. Ik doar mei de hân op myn hert sizze dat er dat net is, mar dat elke jongfeint wolris mei himsels en mei de hiele wrâld oerheap leit, mar dat dan daliks noch net yn poëzij hoecht om to setten ûnder it mom fan moderne fryske poëzij. Poëzij is taelkunst, dy't yn it foarste plak in relaesje siket mei it folk, mei de mienskip, mei de wrâld, om dêryn it libben, it bistean to distânsiearjen fan it banale; it in nij perspektyf to jaen yn de romte fan in folslein libben; fan de tinkende, de bouwende, de skeppende minske. Ek quatrebras hat dy romte braek lizze litten en geastlik rékréaesje socht yn in eigen kompakte eksposysjeromte, dy't like feilich bliek to wêzen as in hillich hûs, dêr't op 'e binnendoarren seksueel en sensueel trochlibbe wurden delkwattele wurde meije, wurden dy't jin opfalle as men yn bipaelde gelegenheden, dêr't men needsaeklik gebrûk fan meitsje moat, net dalik de gulp fine kin. It is net myn bidoeling om hjir op freonskiplike foet it tydskrift quatrebras to degradearjen, hwant ik wit, it plak dat hja yn frysk literair formidden keazen hat is net maklik. Ik wol hjirmei allinne wize op in symptomatysk forskynsel dat yn wêzen totael neat mei poëzij to meitsjen hat, mar inkeld bitsjutting hat as persoanlik ôfréagearjen. De romte lykwols dy't quatrebras fan doel wie to ynterpretearjen yn har poëzij, is noch in romte, in fakuüm dat iepenstiet foar alle eksperimint dat fanfare wit to ûnderskieden fan finale. Sil dit eksperimint wierliken in flecht hawwe foar de fryske literatuer, dan sil hja har bislist définityf distânsiearje moatte fan de cerebrale ynfloed fan de nederlânske avantgarde. Dy is yn twastriid mei it romantysk sentimint en de religieuze earnst fan it fryske dichterskip. De fryske dichter sil, wol er it eksperimint foltôgje, in eigen wei sykje moatte dy't oanslút by de sfear en it formidden hwerfoar hy dichtet. Dit wol net sizze dat de fryske literatuer him isolearje moat. In literatuer moat iepenstean foar hwat der om har hinne bart. It is ek net to mijen dat twa sa ticht yn elkoar forweve taelmienskippen sterke literaire oerienkomsten hawwe. Mar it mei har net forsearje en ympotint meitsje foar literaire mooglikheit dy't oarspronklik oan har biheart en ynspilet op de geast dy't Fryslân bisielet. Ik bidoel hjirmei utersté net in provinsiale of regionale dichtkunst, dy't alles hwat bûten de lokale sfear leit foar taboe hâldt. It giet my hjir om in poëzij - of lit my it mar totael nimme - in literatuer dy't har mei alle romte rjochtet ta it folk, ta de mienskip en tagelyk dêrfan in tsjûgenis draecht foar de bûtenwacht, mar ek binammen foar harsels ta opskerping en gewach. It wurdt heech tiid dat de fryske poëzij, dy't korrespondearje wol mei de romte fan it folsleine libben, dat wol sizze: de totale minske, út de learskoalle fan it hollânsk eksperimintalisme wei komt ta in eigen skoalle, om myn part yn de rjochting fan in nij eksperimint nei it mystike, it eksorsisme, of hokker rjochting dizze tiid ek freegje mei. Mar dan tagelyk in eksperimint yn de tael. De tael skept in mooglikheit ta it eksperimint en oarsom iepent it in mooglikheit ta de tael. Oant nou ta hat faken bliken dien dat de tael in obstakel is ynsté dat hja in mooglikheit foarmet en dêrby | |
[pagina 293]
| |
dévaluearret ta ûnmacht. En tagelyk bidoel ik in poëzij dy't adaequaet is, dy't net fan bûten ôf mar fan binnen út foarm en ynhâld kriget. Hwant in dichter is gjin fakir, dy't hyltyd syn wurge slangen op 'e nij oanhiset om in biswarring mooglik to meitsjen, al wol er it faken, nei't er mient, op lêst fan de muze en de mammon. |
|