De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 285] [p. 285] Inne de Jong: Wylde ierdbeijen by in film fan Ingmar Bergman De master filmt in fisioen en set de klokken stil, hja ha gjin wizers mear dy't ûnmeilydsum nei de ein ta rinne, allinne sifers en men kin fan XII nei rjochts, mar ek de reis werom bigjinne. Hy telt werom nei d'oarsprong ta, hy telt werom en ûre en dei, in hiel mislearre minskelibben springe út de nacht fan juster wei. De brêge fan ûnwennigens oer, - smel is er en dêrûnder wankt de dea en neare echo's roppe út de bergen - stiet men wer yn it oanbigjin: in leafde sterker as de tiid jowt alle dingen doel en sin, Gods amme strykt oer stille wetters, in myld ljocht souwet troch it beamt, der is in faem, ierdbeijen sykjend, dy't opsjocht en jins namme neamt. Hwat wizer en hwat drôver en hwat blider, ûntdutsen oan syn wêzen, komt fan dy reis in iensum man werom, hy draecht it stigma fan syn skuld, mar is ta 'n nij bistean genêzen. Syn tiid sirkelt nou om it brânpunt fan ien biskiedend amerij, in bern allyk giet er syn lêste dagen, fan skrik en freze frij, roerdend it paradys bylâns, hy heart in stim dy't ropt út alle winen wei, as aenst de dea him hellet, dan giet er glimkjend mei. [pagina 286] [p. 286] De wyn ut de fiere kimen Die wind uit die Torwana-berge het haar skoot vol mos. Ingrid Jonkman De wyn út de fiere kimen bringt in boadskip fan libben en fan dea, fan dea en fan libben: hy hat de earmen fol blommen en struit se rynsk oer de lannen, dat natûr in hôf fan Eden liket, hy fiert radio-aktive eleminten mei dy't de bern fan Hiroshima, fan Ljouwert en Amsterdam bidriigje, hy sitearret it wraekliet fan Lamech en de profesij fan Jona, mar mei his Master's voice sprekt er fan oare dingen, fan libben en oerfloed en fan in greate brulloft, en by syn fioele dounsje de keallen sûnder euvelmoed en boartsje de bern. De wyn út de fiere kimen waeit oer slachfjilden en bloeijende mieden, hy lústeret troch it brutsen reid en sjongt foar forsleine herten it liet fan de hope. Vorige Volgende