De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 283]
| |
Freark Dam:
| |
[pagina 284]
| |
harkje ta LYTSE MAN
dy't it oprêdde wol yn 'e wrâld
en wurd yn frede en frijdom âld
dy set him ynwindich toskoar
sjongt syn sankje oan elke doar
giet fierder wer sûnder bikoar
wit dyn plak LYTSE MAN
it mei bûge of barste
wês slaef of wês rjochter
minister of boppemaster
wring dy yn alle bochten
en stiet it soms faei bigjin
mei in laei sûkerskjin...
Hâld dy kúm LYTSE MAN
dan slachst ynwindich
stil en bistindich
foar master op
duldzje, fordraech rabberij
en it hiele minskdom derby
gean ûnder de stok op
byneed by de nok op
fan 't heechste paleis
wês ré foar de libbensreis
LYTSE MAN
neam it goede tsjoed byneed
it swarte wyt byneed
dan bist it libben treast
it libben, de ierde, de geast
it kringen, it sjongen, it kreauwen
bidimje de hope, de leafde, it leauwe
birek it fjûr fan de minsklikhyt
ûnder it reade beulshabyt...
|
|