De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 279]
| |
J.P. Wiersma:
| |
[pagina 280]
| |
Berg-Tjalma boppeneamd, professor Libbe van der Wal to Delft, miende to witten, dat Foeke Tjalma ek oan it tydskrift fan Piter Jelles: For hûs en hiem meiwurke hat, sa skreau mefrou Van den Berg my. It iennichste artikel yn dit tydskrift, dêr't men fan tinke kinne soe, dat Tjalma it skreaun hat, is De wylde baerch, jiergong 1890, bls. 370; hwant it is mei in ‘F’ ûndertekene. Lykwols út de Teltsjes út Aldomke bernetiid (selde jiergong, bls. 349) wurdt men wiis, dat dêrta ek De wylde baerch rekkene wurde moat. Dy inisiael ‘F’ bidoelt net Foeke Tjalma, mar nimmen oars as S.K. Feitsma. Yn De Bijekoer fan 1887 steane twa fersen fan Foeke Tjalma: Winskjen (bls. 37) en Yn 't Bosk (bls. 41), beide ûndertekene mei: F. Tjalma - Sleat. Fierders publisearre er ûnder de skûlnamme Freark fen 'e Marswâl yn Forjit my net 1889, bls. 126, it artikel In Portret, frij forfryske. Dit trijetal bydragen is it iennichste dat ik fan syn hân yn de Fryske tydskriften foun haw. Lit ús dit wurk ris neijer bisjen. It fers Winskjen bigjint sa:
Ik ha my wol ris in fûgel winske,
Mar den sa tinke krekt as in minske.
Ik scil jimme sizze hwet ik den die,
Hwent dêrmei bin 'k dalik al út 'e rie.
En it lêste kouplet is sa:
En as hja den mei hjar himelsblau each
Blierlaitsjend nei my as fûgeltsje seach,
't Is sikerwier dat ik den wer winske:
Och heargen, myn tiid! wie 'k mar wer minske!
It oare fers fan Tjalma, Yn 't Bosk, hat trije dieltsjes: Moarntyd, Middei en Jountyd. Yn it earste kouplet wurdt de moarntyd biskreaun:
O, hwet is 't ljeaflik nou yn 't bosk.
De dauwe leit yet op 'e beammen,
Men heart hjir lyster, fink en mosk,
Ja, fierstofolle om op to neamen.
Yn de koupletten 2 - II giet it oer de forhâlding Rien-Tetsje, dy't inoar tútsje yn 't bosk, d.w.s. hy pattet har, en wy krije to hearren dat hja togearre nei de merke sille. Yn it 12te (ein)kouplet bringt de gearfetting fan it trijelûk-fers it net fierder as ta in fraech:
De fûgels habbe ynstinkt allinne,
Mar Rien en Tetsje ha forstân.
Mar hwêr bistiet de tearste minne?
Hwêr is de sterkste ljeafdebân?
Kin men nou oannimme, dat de skriuwer fan dizze flakke en flauwe rimelderij de auteur wêze soe fan dat sterk-yndividuéle gedicht Hwerom?, | |
[pagina 281]
| |
dêr't in geast fan frustraesje, fan tramtaesje út sprekt? Noch minder komt syn tredde stik, it proaza-forhael In Portret der foar wei, hwannear't men it hifket tsjin opfetting, taelgebrûk en direktens fan útdrukking yn it gedicht Hwerom? Hark nou nei hwat Glaukia skreau, nei't hja mei de heechbijierre Fokje Brevet-Pasma in petear hawn hie. ‘Hy (Piter Jelles) stelt dan yn 'e tinkskriftenGa naar voetnoot1) it foar as in tige ridderlike died, dat er har in jier frij liet om de famyljetrelitten bitije to litten, mar hja hat dit fan 't bigjin ôf oan as in doekje foar 't blieden field. In dûbeld misbigryp, mei fierrikkende gefolgen: hja offere har eigen lok oan syn takomstplannen en forsei yn in mismoedige rite harsels oan in oar en hy seach dit as ûntrou sûnder mear, as in herteleas net wachtsje kinnen ûnder sels opleine askese. It is dizze stimming fan toloarstelling dy't him uteret yn Piter syn Hwerom?, egoïstysk, hwant mei in totale miskenning fan har selsstriid, dy't fóár dat bislút striden wie.’ Dat gefoel fan frustraesje dat doedestiids Fokje' hert en siel biwâlde, koe Foeke Tjalma, de rimelder fan Winskjen en Yn 't Bosk, dàt ûnder wurden bringe? My tinkt, der is gjin oar antwurd op dy frage as dit: né, hy koe it net! Der is mear. Foeke Tjalma is berne de 14de desimber 1868 to Sleat. It tsjinfers Hwerom? stie yn Forjit my net mei it ûnderskrift: ‘Foarmoanne 1884 - F.’ Doe't dit fers skreaun waerd, wie Foeke Tjalma pas... 15 jier âld! Is it oan to nimmen, dat in njoggentjinjierrige faem hwaens forkearing útskuord is, nei in poddehierrich feintsje fan amper fyftjin jier ta rint en him ta dielnimmer oan har hertsear makket? Kin men fan immen, dy't, as er 19 en 21 jier is, de frij ûnbitsjuttende fersen Winskjen en Yn 't Bosk skriuwt en publisearret, forwachtsje dat hy, amper fyftjin jier âld, al in sa apart en sa sterk fers as Hwerom? skriuwt en iepenbier makket? Ek op dy frage moat it antwurd wêze: Né, men kin dat net! De dochter fan Foeke Tjalma, mefrou Van den Berg, is ek fan dat bitinken. Hja skreau my: ‘Wanneer ik de mij bekende gegevens naga, lijkt het mij onwaarschijnlijk, dat hij de dichter van het antwoord van Fokje aan Pieter Jelles kan zijn geweest, of de helper van Fokje bij de juiste spelling van haar gedicht.’ Ta bislút jit dit. Ik achtsje it in foarrjocht de hear Foeke Tjalma persoanlik kend to hawwen. Yn de jierren 1925-1930 haw ik kontakt mei him hawn; dêrnei ek noch wol ris, to hea en to gers. Tjalma wie redakteurbinnenlân fan de N.R.C. Hy hie tige omtinken foar de Jongfryske biweging en skreau yn syn krante ûnder-de-streek-bydragen (Frisiana titele), dy't karakter en styl hiene. Ien fan syn lêste bydragen wie in boekbisprek yn 1941 ûnder it haed Friesche letteren, hweryn't er op de kleare, iepene manear dy't er oer him hie en yn dy mylde toan dy't syn geheim wie, R.P. Sybesma's bondel nije fersen Der zehnte Mai op it harspit naem. Myldens - ja, dat like wol it wêzen fan de sympathike, blierhertige man, dy't Foeke Tjalma wie; de omgong mei him bleau persoanlike winst foar jinsels fan oer. Dêrby in allround journalist, in bitûfte pinfierder. Mar | |
[pagina 282]
| |
gjin dichter! Gjin skriuwerstalint dat yn steat is in inerlik barren op ympressionistyske wize to uterjen yn it dichterlike wurd! It kin net oars wêze - Fokje Pasma wie de dichteresse fan it tsjinfers Hwerom? Al hat hja dat dan ek net wêze wollen, binammen net yn har steat fan heechbijierre frou op it stuit, dat in jongfaem - de studinte Glaukia - dêr faeks by har nei pinfiske. Doe kroep hja efter it sket fan har skrutelens; grif om ûnderskate redenen hat hja yn it kompleks fan jit-net-ûttize fielingen net omreare wold. Fan gefolgen, dat de ynterviewster Glaukia mei in... fabeltsje thúskommen is. |
|