it foel my ôf it fan him to hearren - hwant hy frege my oft ik de ûntjowing fan it Samaerske probleem yn de lêste fyftich jier folge hie.
Ik wist eins net dat der noch in probleem wie, sei ik. Samarije leit fier fan ús ôf...
En hwat jimme derfan fornimme komt fansels allegearre fan de Batske kant, sei hy. It wie in konstatearring sûnder bitterheit. Sa wie it nou ienkear.
Ik preuvele hwat fan yntegraesje en sitearre: Mei ek namme en tael forgean... Doe waerd hy in bytsje read om 'e holle en syn stim krige hwat mear lûd. Wie it mar sa, sei er. Mar in tael forgiet net. (Dêr wie hy fansels mis mei: der binne ommers ek deade talen?). In tael sakket. Yn Samarije, sei hy, wie it nou al safier dat in great part fan de hegerein en fan de boargerij, dy't har nou ienkear altiten nei de hegerein plicht to rjochtsjen, mear Batsk praette as Samaersk. Dat hie sosiale oarsaken, mar it waerd ek fan de Batskers biwust yn 'e hân arbeide, bygelyks troch har skoallepolityk. En ik sjoch de tiid kommen, sei er, dat it Samaersk allinnich noch mar de tael wêze sil fan 'e boeren op it lân en fan it folk op de leechste trimen fan de maetskiplike ljedder. Dan is de sosiale delgong folslein.
Fan de tael faeks al, sei ik, mar dochs net needsaeklik fan it folk?
Hy soe my in pear foarbylden jaen, sei er. As hy yn in Samaersk sprekkend formidden dêr't se him net koene Batsk praette, dan wie der altiten dy efterhâldendheit to merkbiten dy't de Samaren yn Batsklân de namme jown hie, botte stiif yn 'e rêch to wêzen. Mar sa gau as hy Samaersk praette gyngen mûlen en herten iepen en fornaem hy dingen dy't in Batsker nea hearre soe. En fan de oare kant: doe't hy op reis hjirhinne in pakje sigaretten keapje woe, hearde hy in man dy't foar him stie itselde freegjen yn it Batsk en dy waerd menearlik bihannele en to wurd stien, mar doe't hy yn it Samaersk om sigaretten frege hie de winkelman se op 'e toanbank smiten en sein: Dêr!
Dat wie allegearre tige treffend, sei ik, mar hwat woe hy dêrmei biwize? Neffens myn bitinken wiene sokke forskynsels tekenjend foar in oergongstiid. In yntegraesjeproses forrint nou ienkear net neffens in rjochte streek; der binne faken op- en delgongen en it kin wolris op 'e ûndergong ôfgean, mar as de libbene krêften sterkernôch binne kin de werberte net útbliuwe...
Sa praette ik en dat die ik net allinne om him to treastgjen. De skiednis leveret ommers foarbylden genôch fan folken dy't sels nei in ôfgeande tiid fan ieuwen wer op 'e hael kamen; hwerom soe der nou krekt foar de Samaren gjin takomst mear weilein wêze?
Mar wylst ik yn alle oprjochtens sa redendielde, foroare der hwat by him. Yn it earstoan barde dat sa súntsjes dat ik it net ealge, mar allinkenoan kaem der mear gloed yn syn eagen, syn antlit forstrakke, syn rêch waerd rjochter en syn hân, dy't slop op 'e tafel lein hie, rôlle him op ta in fûst. De man dy't nou foar my oer siet wie net deselde dy't de middeis hoeden út 'e trein stapt wie. Dizze hie mear likenis mei de man dy't my heugde fan fyftich jier lyn en hwaens byld sa't it my yn 't sin bleaun wie - dat bisefte ik ynienen - alteast foar in part biskaet west hie troch yndrukken út myn bernejierren. En ik bisefte mear. Dizze man wie in fana-