De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 266] [p. 266] Jan Kroes: Op in kear sil ik it witte as de moanne op in joun leech stiet en twa eagen tichteby sil ik nei de fûgels sjen op har nachtflecht en de wyn achtslaen en de bern fan myn broer dan sil ik nei it tsjustere wetter gean syn swarte blêdspegel dan sil ik witte hwat der tusken my en it libben stiet [pagina 267] [p. 267] hwêr is it bist dat yn my opsprong de hynst wrinzgjend yn myn tinzen de panter slûpend troch myn dieden myn steppe hat in asfaltflier de geur fan de proai stjit my ôf de greate dizen binne nuet der lizze wegen troch de sompen mar myn hert hat gjin cao en op syn púnfallen kraeit de hoanne forried, forried [pagina 268] [p. 268] as immen witte wol hoe as ik bin lit him it lân yn gean súdlik fan de is tsjûkemar langstallich wreed gers en freegje it de fûgels of lit him gean nei minse' kragge en freegje it de reiden fammen fan de wyn myn hân wie doe brún fan it waer dêr is it wetter ek it rêstige fan de feanputten lyts, by de âld sédyk dêr earne stiet in hûs noartsk by de feart myn dreamen hawwe der as flinters boarte freegje it de feart mar siz net hoe't ik wurden bin [pagina 269] [p. 269] dou hiest my leaf ik hold fan dy noch wit ik hoe't it hert stadich út my weiwjokke dy lêste weromreis oant ik leech wie en treast socht by it freedsum driuwen fan de nachtwolken wer nomade [pagina 270] [p. 270] De eangstige fuotstappen foar it raem ûntkeare him de sliepen en dreamen snobje gysten fan syn bloed sa stiet er helpleas yn it hunend hjoed en tinzen helje him as messen iepen dan winsket er in eptich boargerman mei in goed salaris, frou en bern to wêzen mei in tv en blommen foar de glêzen in túntsje en bb en oars wit er net fan safier is it noch net dy maskerade is him noch justjes oan de iere kant hy giet oerein en flybket tsjin 't lewant mar lizzend wer heart er syn hert, iensume kanonade Vorige Volgende