De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 265] [p. 265] [Nummer 10] A. Jousma: Hwer? hwa? Hwer binn' wy hjir, hwat lân is dit, hwat sjongt de wyn, dy't oer ús giet, hwat lokje al dy gleone ballen, yn hokker tsjoen binn' wy forfallen fan ljocht en tsjuster, tsjuster, ljocht, fan libben, dat de dea oandocht en jimmer libben bernet? Gjinien wit, hwer't er wennet. Hwa bin ik, dy't hjir swalkjend giet en eigen sprake net forstiet, in ienlik wêzen mank de follen? Hja ha myn liet net hearre wollen, myn wurd het net it boadskip brocht, al hoe ynmoedich dat ik socht om 't heimnis - nimmen ken it -: gjin ien wit, hwer't er wennet. Hwa bistû, dy't dit lân en al hwat it omfettet yn syn fal -: de wyn, de stjerren en de hallen fol ljocht en tsjuster en de rollen fan dea en libben en de tocht fan alles hwat om libben focht, troch dyn bistean bileannet? Hwa wit hjir, hwer't er wennet? Vorige Volgende