Frysk en frjemd:
Yn Fryslan
‘Toen ik in 1929 mijn leeszaalbetrekking in Sneek aanvaardde, vond ik Friesland terug als een ingesluimerde provincie. Mijn boos voorgevoel, dat mij daar een periode van nieuwe vereenzaming en geestelijke eentonigheid te wachten stond, werd volkomen bewaarheid.’ Sa fornijt de skriuwer Theun de Vries (berne to Feanwâlden; skriuwer û.o. fan Fryske Stilistyk (1937) en fan gâns in rige hollânske romans dêr't Stiefmoeder Aarde ien fan de bikendste fan is) yn it july-nûmer fan De Gids dêr't er syn letterkundige memoires yn publisearret ûnder de titel Meesters en Vrienden. De tredde ôflevering, wijd oan syn Snitser lêssealjierren, draecht as ûndertitel Verloren vaderland. De Vries makket dêryn û.o. gewach fan syn omgong mei jongere Fryske skriuwers yn dy dagen: J.H. Brouwer en Gerben Brouwer, fan hwa't er, sa seit de skriuwer, goede freonskip ûnderfoun hat, lykas er ek yn it formidden fan it tydskrift De Holder (redaksje J.H. Brouwer en R.P. Sybesma) mei iepen earmen ûntfongen waerd. ‘Verbondenheid, verwantschap’ lykwols fielde er net; de omgong mei J.C. Bloem, Clara Bloem-Eggink dy't doe yn Sint-Nyk wennen en mei Slauerhoff dy't er dêr mette soe duorjender wêze, alteast mear bliuwende yndruk op him meitsje.