If you had known the virtue of this ring
by Kalma (De keapman fan Veneesje, V, 1):
Hie klear jo wêst de krêft fan dizze ring.
Hy kin lichtsje en swierje as it sa útkomt; fan Helena har klacht yn In midsimmernacht-dream, I, 1:
And as he errs, doting on Hermia's eyes,
So I, admiring of his qualities:
makket Kalma:
En lyk, foar Hermia, hy bjuster is,
Sa rin ik wei mei him, al is dat mis -
alhoewol de inversy hjirre grif net nedich wie foar it rym, hwant hwat dêrop rymt liket mar al to folle op in stoplape... en it is boppedat mis, hwant de oerienkomst tusken Helena en Demetrius bistiet der net sasear yn dat hja beide foreale binne (‘lyk... hy bjuster is, sa rin ik wei...’), mar dat hja beide mis binne (‘as he errs... so I’), en net Helena allinne..
En as wy dizze dingen konstatearre hawwe - en hja moatte konstatearre wurde - kinne wy Helena mei har klacht fuortfarre litte:
Hwat leech en min is, sûnder treflikheit,
Foroaret leafde yn skientme en weardichheit -
hwat alhiel Shakespeariaensk is en in treflike oersetting fan:
Things base and vile, holding no quantity,
Love can transpose to form and dignity
Sille wy dan sizze dat Kalma syn Shakespeare-oersetting tige ûngelyk is? It soe wier wêze, mar dêrmei is neat sein, alteast neat dat wy ek net fan Shakespeare syn eigen wurk sizze koene.
Net it ûngelikense yn dizze oersetting is hwer't it op oankomt, mar dat hja, mei alle lek en brek, macht oer jin krije kin, ja, jin meifiere kin yn de wrâld en de skientme fan Shakespeare, sadat men alle lekken en brekken forjit!
It bart komselden dat in oersetting safolle macht oer jin kriget. Ien fan de lêste kearen dat it my barde wie doe't ik yn 'e kunde kaem mei Obe Postma syn oersettingen út de Sonette an Orpheus fan Rilke:
Hwerre, yn hokker sillich bigettene tunen, oan hokke
Beammen, út hokfoar hoeden ûntblêdde bloeisemtsjilken
Rypje de frjemdsoartige fruchten der treasting? Dizze
Kostle, sa'ste 'r faeks ien yn de plattrape greide
Fan dyn earmoed fynste...