De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 247]
| |
Durk van der Ploeg:
| |
[pagina 248]
| |
glêd, soms to oerflakkich, soms to yntellektueel oanfield. It boartet net, hwertroch it fan gefoelsynhâld to skrael is. It is fan in ôfstân bilibbe en trochlibbe, itjinge de visionaire krêft oan it gehiel ûntnimt. Fangefolgen is de dramatisearring yn dizze forhalen minimael, en yn inkelde gefallen as dizze spanning har boppe it minimale forheft, lykas yn de forhalen Memme eagen, To-morrow morning en De skuldbikentenis, bliuwt hja ynsidinteel, sûnder daliks de lêzer to yntrigearjen, mar mear om him der op attint to meitsjen dat der hwat wichtichs barre sil. In minimale spanning leit binammen yn de forhalen It idéalistekamp en Letter altyd, dy't alhiel basearre binne op de spanningskonstruksje dat it forhael op in stuit in winding nimme moat fan de ynterne meidieling nei it strategysk forwar fan in yndividualistysk offensyf tsjin in boargerlike misfetting, of oarsom in boargerlik offensyf tsjin in yndividualistyske misfetting. Wadmans forhalen bliuwe dêrby in klamme binearing, in projeksje fan in yn 'e lytse loege dreaune minske; fan diagonalen dy't duëlearje tsjin in kontra-diagonale massa yn de strange bigrinzing dy't Wadman stelt hat as in ultimatum. Efter dy grins bistiet neat mear, hwant mei de grins is dêr teffens de apothéose dy't neat suggerearret, of it moast wêze yn it knappe en suggestive forhael It Ljocht, dat ôfslút mei de fraech ‘Mar hwat wit it wetter fan Gods Ljocht?’ Hweryn de skriuwer de religy assosiearret mei de réaliteit fan de fordrinkingsdea. Of yn Letter altyd, dêr't de lêste rigel like folle reden jowt al of net in fraechteken efter it opskrift fan dit forhael to setten. Mar mear spaesje lit Wadman net oan de lêzer oer. De romte yn de yntrigue wurdt oan de ein fan it forhael absolút, itjinge elke fraech makket ta in nutteleaze rekonstruksje, dy't oan de authentisiteit fan it gehiel neat foroaret en gjin oare ynterpretaesje mooglik makket. Of it moast wêze dat men jin by it mysterieuze De Skuldbikentenis primair de fraech opleit, oft de dea fan Eva forbân hâldt mei de situaesje yn it forhael; of de fraech fan sekundaire bitsjutting: hwat nou winliken wichtiger is, de skuld of de bikentenis, hwerfan it lêste de earste redusearret ta in rankuneus forline en dêrom foar it twingende fan dit forhael mear effekt as bitsjutting hat. Dizze fragen meitsje dit mystearje en dêrmei dit forhael noch sterker, omt sûnder in fraech dit genre net mooglik wêze soe.
It diagonael dat altyd twa hoeken bislacht en konstruktyf forboun wurdt mei de bigrinzing, tsjut de figueren oan yn de lytse-loege-posysje. Dizze konstruksje is lykwols yn guon forhalen to trochsichtich, to skematysk, itjinge de spanning tsjinhâldt en tagelyk redusearret ta hwat de skriuwer mei de diagonael-figueren docht. Binammen yn Trije dagen moai waer is it thema tige simplistysk. De wearde fan dit forhael biheint him dan ek allinne ta in portret, sfearfol tekene, mei in minimale spanning en maksimale biskriuwing. As men it suggestive To-morrow morning dêr tsjinoer set, dan ûntstiet der in kontrast dat miskien to forklearjen is út hwat Wadman kin en hwat er net kin. Hy is gjin emosioneel skriuwer, mar syn forhael moat lizze op de grins fan divelskunst, hwerby de minsken net allinnich yn de lytse loege komme, mar foar neakene feiten steld wurde; hwerby in siel én in lichem diagonael komprimearje ta kréatuer | |
[pagina 249]
| |
en animael minske, lykas Wadman it gearfettet yn in offensyf fan Marten yn Letter altyd en yn it défensyf fan notaris Telgersma yn De ôflossing. Spitigernôch is it mar in biperkt oantal forhalen hweryn de psychology de théory passearre is. Mar al to faek is der in fakuüm yn de drift en yntuysje fan de skriuwer en drage de forhalen in oerwicht yn komponearjende technyk, hwerby men winliken nea foar de forrassing, foar it ûnwittende komt, mar alles tôget ûnder in slutende logika fan in psychologysk konstatearjen en synysk devaluearjen (Moanne oer iis; It idéalistekamp). Ek it forhael It katte-each, skreaun yn 'e mande mei Geart Jonkman, dy't neffens myn bitinken de dialogen skreau, is net ûntkaem oan dat evel. Wadman suggerearret net, hy wol alles hwat er seit wiermeitsje en skriuwt dan yn in somstiden to wiidweidige adstruksje it biwiis en de motivearring fan syn hâlding en fordigent dêryn it ekstréme ynterieur en de lokale sitewaesje, hweryn it forhael him ôfspilet. It forhael wurdt dêrom net dreaun fan in spanning, in dramatisearring, mar wurdt bihearske fan in direkte en akkurate formulearring fan feiten en sitewaesjes dy't de minske konkreet stelt foar mooglikheden en konsekwinsjes, hwerút men distillearje kin, dat Wadman syn proaza stalt as yntelligint skriuwer, dy't gâns rekken hâldt mei mooglikheden fan feitlike birekkening, technysk raffinemint en forstânlike komposysje. Dit programmatysk en skematysk skriuwen hat by Wadman ek ta gefolch, dat it forhael tofolle útboud wurdt nei de negative omskriuwing, dat dat de drift en de direktens tagelyk ûntnimt oan de positive biskriuwing, itjinge er demonstrearret yn Trije dagen moai waer, dat as roman-fragmint miskien nèt misstean soe.
De leadlyn fan dizze bondel, dy't alles forbynt en tagelyk it sintrum fan dizze forhalen oanwiist, tsjut op it protest tsjin de lytsboargerlikens, de skynhilligens en de massamorael. It stânpunt fan Wadman stiet dêrom yn it foar al fêst, hy hat partij keazen, omt er syn forhalen skriuwt út in yntellektueel, yndividualistysk tinken wei. Hy is net ien dy't meirint yn ien-maeije optochten of meiropt yn Lauwerssé-protesten. Wadman protestearret yn syn forhael tsjin massale, théatrale útroppen en publike mieningen. Dochs is hy ta in hichte literair in humaen man, dy't mei motivearring en konstatearring beide partijen in likens rjocht takent. Wadmans stelling kriget lykwols in greater bikrêftiging as ornaris yn in globale forûnderstelling lizze kin, omt it tsjûgenis fan de massa foar in réeel stânpunt, syn radikaliteit wolris oplost fynt yn in partijkiezend stânpunt fan kontra-moréle tsjûgenissen en synyske hagedoarnen, dy't de skriuwer gerêst sizze litte kin troch de mûle fan in oar, sûnder ûnrjochtfeardich to wêzen. It binne twa diagonalen dy't yn dizze forhalen konstruearje yn it grounflak fan de wrâld, hwerby it Wadman lykwols mar foar in part slagge is it prosédé ûnderdienich to meitsjen oan it forhael hweryn de minske hifke wurdt oan natuerlike en kréatuerlike noarmen. Los fan alle fryske-boere-roman-tragyk hat Wadman binnen de bigrinzing fan in universéle skriuwmooglikheit de minske set yn in diagonale (kom)posysje, oan hokker | |
[pagina 250]
| |
nuodlik aventûr tsjûgen à charge en à décharge sûnder yntrigue debet binne as fromme, wize mannen, as maniakken, of as débauché.
Yn dizze bondel leit tagelyk de ûntwikkeling fan Wadman as skriuwer dokumintair fêstlein. Trettjin forhalen - skreaun yn in tiidrek fan amper tweintich jier - biwize dat er it skriuwen fan forhalen biheint ta hwat er needsakelik skriuwe wol; ta hwat er fentilearje moat en kin. Dizze chronologyske samling dy't úteinset mei it forhael Ofskie fan de simmer, in skoalleopstel dat de skriuwer sûnder pretinsje as curiosum oan dizze bondeling tafoege hat, om to biwizen dat de goede wil der wol wèst hat - en to suggerearjen dat dy der nou net mear is? - jowt daliks it biwiis dat er in forhael skriuwe kin dat nivo hâldt en yn de bigrinzing fan dit lytse ynterieur net om de feiten liicht, al stiet it doel dêrby wolris neijer as de distânsjes, de karikatuer wolris skerper as de apokrife minske, de sûndebok, de skynhillige; de minske dy't net yn it lead wol en diagonael duëlearje moat om himsels frij to winnen út 'e lytse loege. |
|