De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 240]
| |
2. Noarwegen
Gjin wyt skjin paradys, gjin inglewrâld,
gjin Kleine Nachtmusik, gjin swiete dream.
Hjir hat de rûge reus, de tûke troll biwâld,
hjir hat de draek syn hoal yn fal en stream,
hjir skreaut de minsk ta duvels om bihâld.
| |
3. De eamelders
Miljoenen eamelders skreppe oer it paed.
Ik set myn lompe skoech del dêr't ik wol.
Hwat wil is 't dy't de oerstjûre fljoggers laet?
Fan dronken sinne is hjoed de skepping fol:
de eamelders yn 't ljocht, myn foet yn 't skaed.
| |
4. De koekut
Forlitten eilân dêr't de koekút slacht.
Foar slûpers leit rounom it nêst wol klear.
It kwea bliuwt baes. In mânske inglewacht
hâldt 't âld fenyn net tsjin. Sûnt de earste kear
is nea mislearre wer de koekútsjacht.
| |
5. De wetterfal
Earste elemint, sljocht en falsk, licht en swier,
mei stoarmfeart rinst fan heechst nei leechst.
Klear en rasioneel bist, mar dyn doel leit fier:
dou sikest de oaseaen. Mar hwat biweechst?
Weiwurdend yn sirkelgong bist earst wier.
| |
[pagina 241]
| |
6. Mikrokosmos
Ik op in flot, nei skipbrek, lykme allinne,
de earste en de lêste fan myn wrâld.
'k Forkom fan toarst mei 't wetter om my hinne
en ûnder gleone sinne wurdt it bloed my kâld.
Hoe soe iksels dan macht fan ûnmacht skiede kinne?
| |
7. Rider en rinner
Hy âld, útweakke en sêd. Syn auto withoelang.
Nêst mynhear in madam, wol keken mar kâld.
Sa'n moude-opjeijer, pronker mei motorswang!
Hy dea om de rotsbocht of ik? Yn dizze wrâld
sitte rider en gonger biknypt yn deselde tang.
| |
8. Underweis
Ik de ienge gonger. De oare dy't sjen en hearre soe
wie in jongfaem to fyts, brún, sterk en blier.
Oft hja sa gau myn reiswinsk hearre koe?
In koarte moeting mar herkenning ek wiswier.
Wol tûzenkear 'k har letter groetsje woe.
| |
9. Myn fuotten
Dat 's alles hwer 'k op stean: in wif gefal,
de grounslach fan myn dwaze dronkenheit.
Bin ik it dy't har fier oer berch en dal
of leit yn har it lead fan myn forsonkenheit?
Wy passe inoar, mar haetsje dogge wy 'noar al.
| |
10. De earn
Net mear yn Earnewâld. Hjir hast, seach ik, dyn thús.
Yn 't Hjölmodal hast earmslach, net yn 't wide lân
dêr't elk syn bêst docht om to libjen sûnder krús.
Nou is 't dan goed. Elk skepsel yn syn stân:
dou mei dyn earme bergen, wy mei ús lús en plús.
| |
11. Telemarken
De wrâld draeit troch mar hjir leit alles fêst,
hjir sjongt en dreamt natuer as foar de sûndefal.
Sa wie it paradys, sa stil en fol fan rêst.
Sels de elven yn har iiv'ge fuortgong stean hjir pal
foar 't freedsum wurk dat sill'gen dijt ta bêst.
| |
[pagina 242]
| |
12. Middeishichte
Kin in folwoeksen man dan gûle, gûle as er fielt
himsels forlitten fan jan en alleman en God?
Gûle as er wêze wol hwat demon him bisielt?
Swolgje en toarstich bliuwe is syn lot
fier fan de len dy't brea en wyn him tabidielt.
| |
13. Op it tsjerkhof
Op stienn'ge groun stean hurde stiennen, hurd
binn' ek de nammen, saganammen fan in boerefolk.
Berne en stoarn, hie de ierdegong wol nut?
Yn tekst en fers skynt sinne troch de wolk:
't Is dat de dea troch 't libben brutsen wurdt.
| |
14. Op de berchranne
Spring yn de loftsé, yn it dûnzen bêd,
leau datstou fleane kinst, los fan it ierdske wicht,
droegen fan hege geast dy't minsken rêdt. -
Né satan, jit bin 'k swier en wier net fûgellicht,
jit wenje ik yn Babylon, net yn de glêzen stêd.
| |
15. De raef
Bist Hugin of Munin? Hwat god lit him fan dy sizze,
hwat riedslich geheim flústerst him yn it ear? -
God fan dea en fan hel. Banspreuk foar âlde freze. -
Ja, 'k wit it, dou bringst de swarte wiven yn 't gewear,
fannacht sille hja krôljend foar myn krêbbe lizze.
| |
16. Myn maten
De boumantsjewipsturt, de lyster, de fink,
binn' trou op myn paed, net skou en net frij.
Gjin problematyk is 't dy 'k mei har bitink,
hja meitsje it hert rom, har muzyk is gloednij,
yn har krij 'k lyk Adam de ierde as geskink.
| |
17. It waer
't Is goed, 't is goed! It reint, hoe skynt de sinne,
't is kâld, 't is waerm, it waeit, it is blakstil,
al likefolle, hwant myn dei giet hinne
mei 't winnen fan it doel dat nea net komme sil.
Is dat 't gelok fan dy bylâns de wegen rinne?
| |
[pagina 243]
| |
18. De dykwurkers
Om't de mannen wurkje ride de hearen,
om't de earmen switte hawwe de riken jild.
De stiennen to plak easket 't forkear en
de ien hat wille fan dêr't de oar oan tilt.
Nea sille hja leare elkoar to fornearen.
| |
19. De beammen
Miljarden, steil, stil, domme legermacht,
griene ientoanichheit, dôfhûdige massaliteit,
sykjend it ljocht, warjend de klamme nacht,
hout woarteljend yn stien, houlik yn striidberheit,
fan 't gelde en meagre lân de rike wacht.
| |
20. De Noaren
Hja swolgje natuer, sinne, friluft, himeltek,
koarte simmerbloei, dei sûnder bigjin en ein.
Svalbard en Súdpoalsé lizze yn har bistek,
gjin folk hat as har de kimen biflein.
Mar hwa slacht yn har ticht hert de brek?
Op en om de Hardangervidda, juny 1960. |
|