De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende W.L. Zylstra: 1959 It is simmer wurden it ûnthjit fan de maitiid is neikommen mar der is gjin ûntjaen mear dat men sjocht dizze folheit duorret sa lang - hoe hearlik sil it kommen fan de hjerst wêze de spinsels yn de hagen de griisgouden loften it fjûr yn de blêdden en it earste fjûr yn 'e kachel en mear soargen de bisten wer yn 'e hûs Vorige Volgende