Lâns de beammen seach ik him kommen, bihindich en smel wie er. Hy bleau stean oan de oare kant fan de grêft.
‘Der binne gjin fûgels’, sei de jonge.
‘Sjitstou altyd op fûgels?’
‘As dy der binne wol.’ Hy lake bleek.
‘Mei ik ek ris sjitte?’
‘Wis wol.’
‘Moatst it sânpaed lâns rinne troch de hikke oan de oare kant fan it hôf’, lei ik him út. ‘En dan njonken it koetshús lâns’, rôp ik him noch nei. Ik seach him om 'e hoeke slûpen. Hy hie read hier en skeinspruten. Wy skeaten om bar op in krús dat er yn 'e beam skrast hie. Ik roek syn azem doe't er de pylk foar my op 'e bôge lei. Op syn brede noas stiene lytse dripkes swit. ‘Lêsten haw ik sjoen datst in fûgel sketten hast. Ik seach him út 'e beam fallen.’
De jonge knikte en wiisde nei de trije beammen op 'e saed. ‘Dêr’, sei er. ‘De earste kear hie ik him al rekke, mar hy woe net falle en doe haw ik noch twaris sjitte moatten.’
De jonge stie mei de hannen op 'e rêch to wemeljen as moast er pisje. André wemele ek altyd as er nedich moast.
Ynienen gyng de sinne fuort. It dûnker sloech del yn it tún. Yn 'e fierte grommele de tonger. It bigoun to reinen. Fel sloech it ljocht tusken de beammen troch. Heite wurden, tocht ik. Mei sawn hasten flechte ik yn it âlde koetshús. Oan de binnenkant fan de doar hingen helters en roastige bytlings. Oer de ruten spounen spinreagen. Mei de platte hân fage ik it rút skjin en seach de jonge stean. Hy stiek syn hân omheech. Ik joech him in wink. Ik hearde him by de muorre lâns stoatskaven. Doe stie er foar my yn de skimerige romte. De bôge yn 'e hân en in tin bamboekokerke mei pylken op 'e side. Hy like lytser en knûkerich ûnder de lege balken. Syn skeinspruten liken forwettere roastplakken op in siikbleke hûd. Op it foarkret fan de tomôge wein gyng er sitten. Nei pake's dea wie it sa bleaun. Heit hie it hâlde wollen. ‘Dit is famyljemuseum’, hie er sein. Op syn fuotten seach ik einefel.
Hwerom wit ik net, mar ynienen waerd ik bang fan him. Hy like folle greater as my. Syn eagen hiene eat fan diggels, bleek glinsterjend. Hy seach nei my. Syn lichem hinge losjes op 'e wein. Syn hier wie trochwiet en like op wite fearren, dy't him oer de foarholle piken. Om syn hals hinge de bôge as in wurge fûgel. Mar syn eagen koe ik net langer forneare. Hja wiene biweechlik. As drige der fan alle kanten ûnried. Ik harke mei de siken ynhâlden, mar it bleau stil. Bûten de rein leech oer de ierde fol formoedens. Ik seach troch it rút nei it bleke ljocht en doe wer nei him yn it flauwe skynsel. Hy liet him fan de wein ôfgliidzje en lei de bôge tsjin it tsjel. Hy stie njonken my. Syn eagen wiene oars, ûnrêstiger. Ik roek syn azem. Syn lichem roek sûr en fan rein. Ik fielde syn hân op myn skouder.
‘Dou bist moai’, sei er. Ik waerd bang fan dat lûd, as kaem it út in put fan eangst.
‘Ik haw dy noch noait neaken sjoen.’