De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 233]
| |
[Nummer 9]Jan WybengaGa naar voetnoot*):Barbara
Soms
libjend op wjukken fan laitsjen
en spotske oerdwealskens
boustou dyn touterjend nêst
heech oer har hollen
út raffels fan charters
en âld perkaminten forfrissele
mei grien libjend hout.
Soms
as gigante delbûgd oert wjirmjen
bigekstou hear-lik lok en lijen
priuwst har oergunst
om dyn har ûntkommen steat
as drank ynt klear kristal
fan delikate romers.
Soms
as in beam tsjin skurve grien-birabbe muorre
sûge dyn woartels waechsdom
út groun dyt men forkomme liet
stâlstou de gloed fan dyn forspijde bloeijen
boppe it nuete krûd dat neat as tsjirmje kin.
Heech
ynne jountiid fan dit lân
stiet dyn bûnte draek dyt ynne sinne blinkt
en dounset.
Poëzij
harbaerske hetaere.
| |
[pagina 234]
| |
Foto
Underantlit
mei it antlit
dat dy skôget
djipforwoechsen skrift
foar-byld
ré om to ûntkommen
oan syn nei-byld
.XX. jierren djipper
ynne tiid bibiten
partsje mei oan kleur en kromte
bochtsje dy
bislaen de romte
wer yn waermens libbenswier.
spegele ynne deadske flakte
fan it glêshurd brún bromide.
Mar inkeld oer dat poalflak hinne
kink mysels
bi-glide.
| |
[pagina 235]
| |
De ald skoalgong
Hommels
ynne lift delstjitte
troch koker tiid
nei kelder doe.
Opt skuord terrazzo fan de skoalgong
tusken klompen petten mantels
stean to stoarjen
rûkend
hearrende
to wêzen
syn kapstoknûmer swart op giel
wer to lêzen
wer amearika tûntdekken
en in wyld heechljeppend hynder
yn de skurve griene ferve
de projeksje fanne ljochtbak
wer op skean forried fan foarmen
to bitraepjen
en tsjongen efter sletten doarren
wer as skriemrich langstme skypje.
Like hommels
komt de opflecht.
En ûnwennich en forreizge
wer opt hjoedbalkon.
| |
[pagina 236]
| |
Cui dono lepidum novum libellum
Dichters mei wisse kollegestimmen
driuwe har izeren oardiel de krusige
muze troch hannen en fuotten
noteare yn noftren formules
har ûnpoëtyske oergong op it neat
de kontreijen fan abacadabra.
Hwerom soe men noch skriuwe ynne geast
fan dy sé foer jaen oane roppige
tentamenrotten oane wetige kâldgnizers
mei sterke syntaksbrillen oane
stuorkegarjende pockethamsters dyt
de geast oanpriizgje as a best seller
for 3000 years.
En ik dyt yn it fers wenje woe as yn
in wolken sit foar gek ynnit ljocht
fan dit keale neakene noardlike lân
mei gjin treast as mysels dyt himsels
net treast is.
Hwa oars kin ik dit nifelwurk fan wolkeflarden jaen.
(út de skielk to forskinen bondel tweintich) |
|