hat him egoïsme forwiten, syn skoandochter Marianne, dy't mei him yn de auto rydt, docht it feller en konkreter. Marianne forwachtet in bern, har man Ewald wol lykwols gjin bern hawwe, hy is swier forbittere, om't er syn heit syn hege stúdzjekosten oant de lêste sint werombitelje moat. It houlik driget kapot to gean, Ewald liket it evenbyld fan syn heit to wurden, kâld en libbensfrjemd. De skoanheit, hwa't se har need klage hat, lit har yn de kjeld stean, hja moat harsels mar rêdde, hat er sein. Underweis bisykje hja Borg syn mem fan 95. Marianne wurdt kjel fan it âlde minske: ‘kâld as iis, ûnforbidliker as de dea sels’. In fatale kontinuïteit fan de dea yn de generaesjes. It falt lykwols op, dat Borg ûnder Marianne har forwiten ûnrêstich wurdt.
Yn it plak fan syn berte giet de professor it bosk yn, dêr't er, mear as in heale ieu lyn, mei Sara, it iennichste fanke, dêr't er fan hâlden hat, wylde ierdbeijen socht. Unwjersteanber komt syn jeugd op him ta, in greate wémoed en ûnwennigens oerfalt him, hy komt ta it bisef, dat er doe al troch eigen skuld Sara en dêrmei it minsklik lok forlern hat.
Wylst Marianne de auto stjûrt, rekket Borg yn 'e sliep en kriget er jitris in Kafka-eftige dream. In rjochter-eksaminator ferget him, rekkenskip fan syn libben to jaen en hy sakket oer alle boegen foar it eksamen. Syn wittenskip hat him folslein forfrjemde fan wiif en bern, fan it hiele libben, hy hat altyd in libbene deade west en de straf is: bittere iensumens. Is der gjin genede? freget er. Dat moatte jo my net freegje, is it antwurd.
De promoasje ûndergiet er as in ûnwerklike dream, it seit him winliken neat mear. It eksamen fan hjoed, de ûnmeilydsume konfrontaesje mei in mislearre libben, taest him forheftich yn it moed. Syn gemis kriget jit sterker aksint troch trije lifters dy't er meinimt: in fanke, ek in Sara, dy't sjongt en dounset fan libbenswille, en twa jonges. Hja huldigje him mei blommen en bringe him de jouns let in serenade. Dizze iene dei hat fan de âlde Borg, ear't it to let wie, in minske makke. Al sil er it stigma fan syn sûnde drage oant de dea, hy is genêzen. Hy wurdt in minske foar syn húshâldster, in heit foar syn bern. It paradys: Sara mank de wylde ierdbeijen, is forlern, it oantinken ynspirearret him ta in leafde, dy't bliuwt.
Der binne kaeisymboalen, dy't hieltyd weromkomme yn Bergman syn films en jin tagong jowe ta syn fascinearjende wrâld. De wylde ierdbeijen, symboal fan it forlerne paradys en tagelyk fan in jeugd, dy't in glâns oer it hiele libben leit, komme yn trije fan syn films foar. It reizgjen, it ûnderweis wêzen, dat in ynderlike foroaring towei bringt, fynt men ek faek werom. Hjir wurdt in reis yn de romte in reis tobek yn de tiid, op syk nei ‘le temps perdu’. Oare kaeisymboalen binne de spegel, it ûnforbidlike konfrontaesje-medium en de klok sûnder wizers, dy't de tiid ta in relatyf bigryp makket en stil set. Hwat er datoangeande yn Wylde ierdbeijen birikt, liket op magy. De tafrielen út Borg syn jeugd kin men noch mar amper flashbacks neame, hjoed en forline floeije yninoar oer, lyk as dream en oantinken. De kloktiid wurdt in psychyske tiid en allinne de film, dy dialektyske ienheit fan it réële en it irréële, kin dat, yn de hân fan in master, réalisearje.
Bihalven de symboalen, binne der ek altyd, yn jimmer nije situaesjes, deselde themata, dy't dit wurk bihearskje: de sin fan libben en dea, de spanning tusken leafde en houlik, tusken hert en forstân, forbylding en werklikheit, de ivige fraech nei God, de kontinuïteit fan it skeppende libben, dêr't Ingmar Bergman op 'en djipsten ûnbitinge ja tsjin seit. Yn It sawnde segel wie de dea de driigjende fijân fan it bistean, yn Wylde ierdbeijen is er de sterilisaesje fan it libben, yn de sin fan Boutens syn fers:
Tranen, lief, zijn enkel voor de doden,
Dat is hwat de Frânsken neame le monde de Bergman, in like werklike as imaginaire wrâld, dy't jin konfrontearret mei de binearjendste need en mei in universéle earbied en leafde. Hy neamt himsels in bouwer oan de kathedrael fan it libben en hy is it.
INNE DE JONG