Krityk yn it koart:
Bittere heamielrys mei soppige rezinen
E.S. de Jong, It bigoun op Bolletongersdei. KFFB nû. 41. A.J. Osinga N.V., Boalsert - 1959.
‘De skriuwer hat syn relaes... mar “in forhael fan forsinnen” neamd. Nim it net al to earnstich. It wol net oars as de sinnen efkes forsette.’
Dit stiet to lêzen op it omslach fan It bigoun op Bolletongersdei. In min ofte mear luftich boek dus, konkludearret de lêzer, dêr't de greate rounte fan KFFB-leden likefolle forlet fan hat op 'e tiid as alle oare lêzers. Ik nim oan, dat E.S. de Jong dit forlet ret hat en, warber man foar de KFFB dat er is, fuortdaliks ‘in forhael fan forsinnen’ bitocht en útwurke hat.
De haedpersoanen binne twa fammen en in jongfeint fan sa'n tweintich jier. Hja hearre ta de nei-oarlochske jeugd, hwant Bolletongersdei is earst nei 1945 to Boalsert fan de rommelsouder helle, oppoetst en opbliesd ta oanfolling op heite- en memmedei. Jeugd dus fan rock-'n-roll, juke-box, fretterijtintsjes en cola, folkje fan spikerbroeken en petticoats, tiidgenoaten fan teddyboys en Halbstarken, fan de beat generation, hinderlik as kliber yn opstân tsjin de itige oarder, biwûndere as kliber op de barrikaden fan Bûdapest, boeijend om oergunstich op to wurden mei't hja mooglikheden hawwe en skeppe, dy't wy net hiene, net oandoarsten of forsomme hawwe.
Yn it boek fan E.S. de Jong fynt de lêzer neat werom fan dizze jeugd. Hie er Bolletongersdei en de bromfyts der net yn bihelle, men soe it forhael tritich jier werom situearje. Ik wit foar de jongelju út dit forhael mar ien kwalifikaesje út it tsjintwurdige jongereinidioom: ‘sloom’. Sels Polly, hollannerke mei lak, lipstick, ‘slang’, slanke lyn en aerdich temperamint, hat De Jong my net foarsteld as bern fan ús tiid. Hja is it oerbyld bleaun, dat de âlde Friezen hawn hawwe moatte fan oerflakkige, ûnbitrousume, ûnfatsoenlike en heidenske hollannerkes. En dat tipe forskynt yn dit forhael as tsjinstelling ta it sabeare idéaelbyld fan de jonge Friezinne, dy't hjir Marijke hjit: grou, bjind mei griene sjippe, deugdsum, godstsjinstich en mei in temperamint, protteljend op in thépitsje.
Ik miende earst noch, dat dy tsjinstelling de geastigens fan it forhael forheegje moast, mar as de tsjinstelling safier giet, dat ek it al of net kristen wêzen derby heart, dan moat ik oannimme, dat De Jong gjin grappen forkeapet. Oer bliuwe dan twa klisjé-typen út de fryske folksforbylding fan tiden lyn. It tipe Polly hat bliken dien neat skrikliks to hawwen foar fryske feinten; it tipe Marijke is allang om hals brocht troch bonkora en max factor.
Hwat De Jong dermei foar hawn hat en helje dit anachronistyske antagonisme foar it ljocht yn de fryske lektuer, is my net dúdlik. Tige dúdlik is de skriuwer syn tagedienens foar Marijke en syn ôfgriis fan Polly. Hy bisiket wol Polly objektyf to bihanneljen, mar hieltyd kipet syn rankune tsjin it Polly-tipe om 'e hoeke. Sa lit er Jurjen syn hospita har ‘dat geile frommis’, ‘dy gleije blei’ neame. Binne dat winliken kwalifikaesjes, dy't strang orthodokse Boalserter hospita's foaroan yn de mûle lizze? As der nou hwat yn har eagen skriklik slims bard wie ûnder har dak mei Polly en Jurjen - in hospita kin nea to krekt wêze en rare wurden ûntkomme sokken likegoed as elkenien - mar der is neat, dat dizze ûnsmaeklike goattewurden rjochtfeardiget. Né, Polly is oars en dat oare doocht net. De Jong is hjir to wurk gien neffens de logika fan de domste rabbelskûten. Ik protestearje dertsjin, dat sokke ûnsmaeklike en leageneftige kontrasten tusken net-fries en fries, en - hwat helte slimmer is - tusken net-kristen en kristen, loslitten wurde op de fryske lêzers, nota bene mei it doel de sinnen efkes to forsetten.
Mar lit my de forsinnen noch efkes bisjen, hwant dêr giet it neffens it omslach om. De Jong hat in stikmannich forsinnen - forkeard adressearre brieven en brieven, dy't yn forkearde sluven reitsje bygelyks - as fuotangels opsetten op Jurjen syn leafdespaed, as ik it wurd leafde efkes liene mei foar de skriele gefoelens fan dit binypte, egoïstyske fintsje. De Jong hat se moai knap strategysk