De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 207]
| |
Jo Smit:
| |
[pagina 208]
| |
oars wêze kin as in oar. De forskillen dy't de natuer jin oplein hat moat men drage, en sels kin men der hwat mei kokettearje troch bygelyks in burdtsje waekse to litten of in oar tûfke hier, mar fierders folget jin dochs inkeld it ûnoandwaenlik masker fan papier-maché.
Om it hjirneimels bikroadet Eltsenien him yn it algemien net in soad en dêrtroch komt it hwat langer hwat mear foar dat er dêr hielendal net mear oan leaut; net út twivelsucht, net troch de wei fan oertinking, mar om't syn wize fan libjen him der bûten pleatst. Eartiids hie de hjirneimelsforwachting alle merktekens fan it ûnforfolle forlangen - it bea wissichheit oan, dy't hjir ûntbriek; de bifrediging, dy't hjir útbleau; de freugden, great en ivich, dy't hjir to selden en to koart preaun wurde koene. De minsklike fantasije is mar lyts en om't dêrtroch yn it forlingde fan it hjoeddeiske libben winliken net folle oars leit as it opnommen wurden yn in oare Kartotheek - mei haedletter dizkear - koartset it útsjen dêrnei net sa hiel bot troch Eltsenien syn dreamen, namsto minder omdat de idé fan ivichheit him, dy't al safolle forivige sjoen hat, wol hwat binearet. Hoe oars lei de wrâld derhinne foar de lette midsieuwer. Foar him moat lykas hjirboppe oanjown waerd in opfiering fan Elckerlyk in evenemint west hawwe. Ornearre foar it Roomsk, midsieusk publyk, kin it drama ús, dy't gjin midsieuwers en meast ek gjin Roomsken binne, alhiel yn 'e bisnijing krije, om't de amme fan de kunstner troch dit rederikersstik hinnegiet. Oars steane wy meastentiids frjemd, ûnwennich en ûnbigryplik foar dy moraliteiten oer. Dat docht de kleau fan fiif ieuwen, dat docht mear noch it forméle bigjinsel fan de allegory, dêr't wy de swakheden fan trochhawwe en dêr't wy hwat heechhertich oer glimkje kinne. Mei Huizinga witte wy dat de allegory sawol de gedachte as it byld klústeret en dus om sa to sizzen kwels giet oer beide siden. As, lykas Elckerlyk, minsklike djipten it ramt fan it kunstwurk folje, falt de distânsje wei, mar sadré't forméle bigjinsels op 'e foargroun steane of lykje it earste plak ynnimme to wollen, binne wy der mei oan, fiele ús yrritearre en smite sûnder sentimintélens it mooglike berntsje wei mei it ús to grounige waskwetter. Folle biswieren haw ik net tsjin sa'n retrograde biheining fan it bernetal, mar dochs kin men der soms ta dreaun wurde en helje it portret fan it weismiten berntsje nochris foar 't ljocht. Men mimeret der hwat oer en bisiket de trekkens yn jin op to nimmen en dan kin it wêze dat ynienen de âldwrâldske klaeijinge en de stive, ûnnatuerlike hâlding nei it twadde plan skouwe en men boeid wurdt troch dat gesichtsje, dat, hea ja, minsklik blykt to wêzen; mear noch: dat jin nei bistiet, dêr't men jinsels, de bern om jin hinne, yn wer ken. Op hwa liket it? Leaver, hwa en hwat bringe dy trekkens jin yn it sin? Men fielt jin as foar in dream oer, dy't men jin net to binnen bringe kin en dy't dochs... Moraliteiten... It wiene allegoryën en hja hiene to meitsjen mei de moraliteit fan de minske, mei syn bigryp oer goed en forkeard, oer hwat sa heart en net sa heart yn hâlden en dragen. De sin fan de midsieuske moraliteit wie: sjoch, sa kin it de minske forgean, soks sil him soms wjerfarre moatte; mar der is in oplossing, der is in paed dat goed is, der is in wize fan réagearjen dy't de krekte is. Sa yn Elckerlyk, sa ek yn dy pro- | |
[pagina 209]
| |
testantske moraliteit, Bunyan syn greate allegory In Kristene Pylgertocht. De allegory klústeret byld en tinzen beide, dat is treflik formulearre, en it forklearret meiiens dat der rebelly tsjin komme moast, dy't der op útroun is dat forbylding en tinken har eigen paed gien binne.Ga naar voetnoot*). De iene kant út giet it leger dêr't de essays fan Bacon en de geastesprodukten fan in lange rige fan Ingelske essayisten, de maximes en moralistyske skriftueren fan in De la Rochefoucault, in Montaigne en oaren, de moderne essays fan in Ter Braak of in Wadman yn meistappe; de oare kant út is de ûntjowing to sjen fan it forheljend proaza oant en mei de psychologyske roman yn al syn forskiningsfoarmen, mei njonken him de novelle en it koarte forhael. Lykwols is nou it opmerklike, dat it forheljend proaza yn syn modernste uteringen wer gâns tichter by de moraliteit komt to stean. De roman, om dy mar as paradigma to brûken, lit yn syn ieuwenlange ûntjowing in bûnt forskaet sjen, dat lykwols ek gâns mienskipliks bifettet en krekt de breuk dêrmei markearret it moderne fan ús tiid. It is fansels net sa dat it moderne it folslein nije wêze soe, dat op nije founeminten in nij proazagebou opboud wurdt; njonken it brekken mei earder is der dochs ek wer kontinuïteit. It moderne, dat is hwat fan ús tiid is, dat is de wize sa't it hjoed op it forline réagearret, him der tsjin ôfsettend, it assimilearjend, it weagend en hifkjend. Modern is o sa'n bitreklik bigryp: 1960 is yn biskaet opsicht modern foar 1959 oer, de tiid nei de twade wrâldoarloch is it foar de jierren tweintich en tritich oer, de tweintichste ieu is it yn forliking mei de njoggentsjinde, it tiidrek fan de nije skiednis is yn syn gehiel modern neffens de midsieuwen. Hwat men modern neame wol, kin ôfhingje fan methoadyske foarûnderstellingen, mar it is ek gauris ôfhinklik fan it objekt fan de - útsoarte subjektive - skôgingen. Sa yn ús gefal, dêr't sprake is fan in dúdlik oanwiisbere brek yn in ûntjowing. Dêr sille wy ûnder it moderne forstean moatte alles hwat dy brek alhiel of foar in part foltrutsen hat, hwat it mêd faeks tige biheind meitsje soe; mar as ik my ôffreegje: hwat binne de bitingsten, hwat bringt de auteur der ta om ‘modern’ to skriuwen, dan sil dêrtroch de ynhâld fan it moderne faeks better omskreaun wurde kinne en, hwa wit, de rounte fan it moderne hwat forwide. De brek dêr't ik it oer haw leit yn it forfangen fan de réalistyske foarstellingswize troch de allegoaryske, moralistyske. De tradisionéle roman jowt altiten de nijsgjirrige feiten, de fiten dus, út it libben fan ien of mear persoanen. Oan it bigjin fan de Europeeske romantradysje stiet de pikareske roman, dêr't winliken inkeld de uterlike avontûren yn telle. Al minder lykwols wurdt de uterlike yntrige as de roman him mear nei it inerlike keart, sels sa, dat op 't lêst de skriuwer net forhellet hwat ien oerkaem is, mar hwat him oerkomme moast. Frij dúdlik tekenje har njonken inoar ôf de avontûreroman en de psychologyske roman, mei as Dritte im Bunde de regionale roman, dêr't it milieu ta oerhearskjende faktor wurdt. Inkeld de bêste produkten ûntkomme wolris oan dy trijedieling | |
[pagina 210]
| |
om't hja in kombinaesje fan de dêrfoar nedige eleminten bifetsje. De iensidigens bitsjut to faek òf in bernlik, òf in forfeelsum boek. De novelle, it koarte forhael dêr't de Decamarone sa'n kostlike munsterkoffer fan is, dielt yn deselde ûntjowing en forwurdt gauris ta skets: werjefte fan in brok libben - stil libben fakentiden - mei o sa'n bytsje nijsgjirrich barren, yn leafst moaije tael. It libben forset him lykwols tsjin de dea en de nije tiid jowt in kear to sjen; de proazaskriuwer bihellet wer pikareske eleminten yn syn wurk, hy bikroadet him mear om yntrige en opbou, om spanning en avontûr. Skelmen, forsetsstriders, soldaten spylje har rol, oer it algemien lju sûnder folle húslike of lokale eftergroun. Net sasear lossleinen as wol lossteanden. Net de déraciné as psychologysk fenomeen ynteressearret de hjoeddeiske skriuwer, mar de dieden en wandieden dy't yn in biskate konstellaesje ien bidriuwe kin en de spanningen dy't dêrmei mank geane. De avontûren sels hoege net lokalisearre to wurden yn de sin fan oannimlik makke út 'e hiele foarskiednis en har ûntjowing, dy avontûren binne der. Hja tsjinje net inkeld om in boeijend forhael to krijen, mar hja binne der mei moréle yntinsjes, hja hingje gear mei it moréle der-wêzen fan de minsken. Koartsein: hja binne allegoarysk en dy moderne forhalen en romans binne winliken moraliteiten. It moderne proaza seit: sjoch, dat is de minske, dy erfaringen kin er trochmeitsje, dat allegearre falt binnen de sfear fan it minsklike. Mar it hat gjin paskleare morael foar dy ûnderfiningen, it wit inkeld dat der in moreel andert jown wurde moat, in minsklik andert, in andert yn frijheit. In minske is oanlein op morael, op hâlding, op stilearring as de lêzer wol; hy is it dy't réagearret. De moderne prozaïst fortelt ús dêrfan; yn it forhael, yn de roman. Dat is gjin tafallige en oerflakkige foroaring, mar bitsjut in prinsipiéle brek mei earder, lykas wy neijer oantoane sille. Moatte... In lyts histoarysk aperçu en it oanwizen fan in biskate oerienkomst mei de âlde moraliteit is net genôch. Grif is der gjin oanlieding om nei dy konstatearring mei triomfante grêfstimme to forkundigjen ‘der is neat nijs ûnder de sinne’ en oer to gean ta de oarder fan de dei. As wy parallelle situaesjes bispeure - of miene to fornimmen - dan komt dat meast om't it forline gjin fêst ‘gegeven’ is, mar ôfhinklik fan en foroarjend mei eigen visy. Krekt dêrom binne histoaryske parallellen en is it neigean fan it histoarysk forrin faek in goed helpmiddel ta better forstean, sawol fan it hjoed dêr't wy ticht op steane, of leaver midden yn sitte, as fan it forline dêr't ús sa'n greate, winliken altyd to greate, distânsje fan skiedt. It is klear dat it réalisme syn tiid hawn hat, mar it is tagelyk nuver en it makket eang. Nuver is ek dat de kategory fan it moréle syn tiid noch krije moat, hwant hat de morael net altiten om 'e hoeke sitten? Kenne wy hânsumer adjektyf foar âlderwetske literatuer as ‘moralistysk’, hat it proaza der net altyd syn fijân yn foun, dêr't it him oan ûntwrakselje moast? Mei réalisme wurdt hjir net inkeld it bihoven bigryp út 'e literatuerboekjes bidoeld, it is net ‘de kopieerlust des dagelijkschen levens’, dêr't de njoggentsjinde ieu him al tsjin forsette, en dat yn Hollân, lân fan réalisten by útstek. De hiele sfear fan it Westerske proaza is réalistysk. De auteur fortelt nijsgjirrige dingen, hy wit krekt hoe't it gien is | |
[pagina 211]
| |
en hy birjochtet oer réaliteiten. Ek as er fantastyske forhalen fortelt, dan binne dat op in heechsten sterke stikken ‘hast net to leauwen, mar dochs foarsteld as réeel. Der mei, yn de ûntjowing fan jierren, klam lein wurde op hieltyd oare eleminten, it réaliteitskarakter stiet foarop. Robinson Crusoë is in minske dy't foar de lêzer wurklikheitskarakter hat, like goed as Madame Bovary, Phileas Fogg of Sherlock Holmes, om mar in disparaet ploechje to neamen. Har Skepper en Skriuwer is de yllusionist; hy fortoant ús persoanen en tastannen dêr't er alles fan wit en dêr't it omsittend laech oan leaut - as er goed skriuwe kin alteast. Hy is ek de iennichste dy't it wit, en as men yn ús tiid - hwant de dingen dêr't men nijsgjirrich nei is wikselje mei de tiid - witte wol oft Robinson wolris oan de froulju tocht, oft er it tige krap hie mei syn libido, en oft er faeks in homo-erotyske forhâlding hawn hat mei Friday, dan meije wy der nei riede. In ûnfruchtber wurk, hwant de iennichste dy't it fortelle kinnen hie - Daniël Defoe - is dea. De romanskriuwer is by âlds de birjochtjower en dêrby, en hieltyd mear, om op de fragen fan syn auditoarium anderje to kinnen, psycholooch. Op beide gebieten is er ûnttroane. Dè birjochtjower fan de nije tiid hjit journalist en syn birjochten hawwe ek noch it merkteken fan de aktualiteit, hwat him in ekstra foarsprong jowt. Dêr kin de rêdst skriuwende romancier, stipe fan de hastichste útjower, net tsjin oan. Ien nûmer fan de âld Ljouwerter bifettet mear nijsgjirrige stoffe as it hiele oeuvre fan de Fryske folksskriuwers byinoar, wylst it lêste dan noch altiten Kitsch is en de journalistyk mar sa út en troch ris. De measte kranten hawwe tsjinwurdich in rubrykje dêr't nuvere foarfallen oer de hiele wrâld eltse dei weroan in plakje fine, dêr kin gjin forhaleman tsjin oan. Yn Frankryk waerd nêst inkelde jierren in kolleksje krantebirjochten byinoar brocht en útjown ûnder de titel La réalité surpasse la fiction en de meidieling dêryn is, sjoen it greate nijsapparaet, gjin niget. Ynformaesje oer de hiele wrâld wei, út 'e stêdden en fan it lân, út 'e wurkpleatsen en út 'e binnenkeamers, wurdt yn in machtige stream op ús loslitten, eltse dei op 'e nij. Hwat doel hat it om yn in roman to fortellen oer ús Regear yn oarlochstiid?, om mar ris hwat to neamen. Der steane ommers withoefolle mânske dielen mei ynformaesjes foar elts dy't it witte wol. Oer fan alles en noch hwat binne rapporten, birjochten, kommentaren. De taek fan de proazaskriuwer as ynformator oer de wrâld om ús hinne hat ôfdien. It is de fraech oft dat wol sa fortrietlik foar him is; hwant al dy ynformaesje ynteressearret ús op it lêst mar och sa'n lyts bytsje. It bisef dat it oankomt op it yndividu, dat dàt hwat to bitsjutten hat, is troch de feiten efterhelle: troch it fortellen oer al it aparte is de útsûnderlikens sels weiwurden; wy binne lykskeakele en massafisearre. Salang't der gjin psychology wie, hat de skriuwer him as psycholooch skoan rêdde kinnen. Op dat mêd hied er in monopoaly dat him yn it slimste gefal fan 'e kant fan 'e sieleharders ûntstriden waerd. Mar fyftich jier hawwe genôch west om him dat earstberterjocht to ûntfytmanjen, en nou wurdt syn wurk hifke oan hwat Jan en alleman út 'e tredde hân wit út 'e hânboeken fan djipte- en oare psychologen. Psychology is sa'n massa-artikel wurden, dat it wurd ‘psychologysk’ brûkt wurdt foar alles dat fan | |
[pagina 212]
| |
net-materiëel aerd is. It bigryp ‘psychysk’ bistiet ienfâldich net mear: it is forfongen en forkrongen troch psychologysk en foar in part mei rjocht, hwant ús ynterpretearringen - dy't waernimming meastentiids binne - steane yn 'e tradysje fan Freud en al hwa't nei him kommen binne. De goede reportaezje yn ús kranten bifettet bihalven it elemint fan de birjochtjowing ek hieltyd de psychologyske ynterpretearring, forheldering en fordjipping. Dat de skriuwer - fan belletry - kin syn winkeltsje wol opdoeke: de konkurrinsje fan de warehuzen en de forkeapkombinaesjes mei har filialen is to great. As in antikiteit kin hjir en dêr, foar de inkelde snobs dy't de goede God gelokkich ek yn ús wrâld delset hat, in hiel inkeld winkeltsje faeks noch bistean bliuwe, him biroppend op it hantwurk, dat - de FAF mei it my forjaen - yn foarmjowing út praktysk en estétysk eachpunt meast binefter bliuwt, mar dat dan dochs mar hantwurk is en dus út in earbiedweardige tradysje fuortkomt. In nuver spul: de skriuwer is der om it nije en aparte to sizzen en der falt neat to sizzen; foarst, om't hy der de man net nei is, twad om't it aparte net apart mear is. Mar dat, dizze hiele situaesje, dat is krekt it aparte en hjir is it dat de skriuwer fan hjoed syn kânzen fynt en ek grypt. Bliuwend yn 'e tradysje fan 'e forteller oer it bisûndere moat er dìt fortelle, de réalist bliuwend moat er brekke mei it réalisme, dat er trochhat as yllusionisme. Net de empiryske skynminske út 'e uterlike oanskôging en it inerlik neifielen moat er byldzje, hwant dat soe in sinleaze fordûbeling wêze fan hwat dochs al miljoenfâldich om ús hinne is, ‘ientoanich as it om madi padme hum’. Hy moat fortelle fan it wêzen dat efter al dy lykskeakeling forhoalen is, en hieltyd mear forhoalen, om't it net ôffloeit yn it kultureel gesicht fan 'e wrâld, mar hingjen bliuwt efter de hieltyd gelikenser maskers, dêr't wy mei troch de wrâld geane - gean moatte om bistean to kinnen, ús dêrby de folheit fan it bistean ûntsizzend. Net de fassade, mar hwat dêr efter biskûl giet; net it spegelglêdde oerflak, mar de djipten dêrûnder: dêryn fynt de moderne skriuwer syn stoffe, of leaver syn tema. Is dat, dy fraech komt nei foaren, dan winliken gjin psychology, gjin djiptepsychology? Fansels hat it dêr mei to meitsjen - hwa seit dat de skriuwer gjin psycholooch mear wêze soe, likemin dat er birjochtjower ôfwurdt of dat er gjin wurden, gjin tael mear brûke soe - mar dit binne middels ta djipper, ta founemintéler dingen. Net it mechanisme fan de minsklike siel en de saneamde ‘geheime roersels’ giet it om, mar om it wêzen fan de minske as minske. Net om syn psyche, mar om syn moraliteit, om syn frijheit, om syn persoan.
Typearjend foar de moderne minske is dat er ta bisef komt fan syn frijheit; dat er ynsjocht dat it minsklike yn him winliken syn frijheit is; dat er doemd of útforkard is frij to wêzen tagelyk mei it feit fan syn minskewêzen. Modern, mar alhiel net nij. Skerp wurdt it utere yn it âlde Paradysforhael, dat de prinsipiéle fragen nei it minsklike tige krekt oantsjut. Logysk en sels psychologysk is it ûnsin en hjit Adam en Eva yn in Paradys, sûnder hokker bisleur fan morael, fan meijen en net-meijen, fan goed of forkeard, om dy iene beam mei frede to litten. Men kin likegoed tsjin in geit sizze dat er blêdden fan de kamperfoelje net opfrette mei: | |
[pagina 213]
| |
it bist docht it lykwols en is dêrmei net skuldich. Adam en Eva lykwols binne minsken yn potinsje en wurde troch har died minsklik en... skuldich. Yn har died bilibje hja har frijheit, har minsklikens, har moraliteit. Skuldiger, hwant hy wist hwat der to barren stie, is fansels God. Hy hat rjocht op greater skuld, om't er mear is as minsklik, om't er godlik is. Wy soene de die fan Adam en Eva kenne kinne út eigen ûnderfining, as net de tiid fan it earste minskewurden sa fier en skier yn ús forline lei; like dizenich kinne wy - inkeld minsklik ommers - de godlike skuld neifiele, as wy ús bern bisykje op to fieden en mei it bistraffen fan it oertrêdzjen fan ús earste ‘dat mei net’ harren de lêst fan it minskewêzen oplizze en harren ta moréle wêzens stimpelje, ear't hja ta morael by steat binne. Mei ús minske-wêzen binne wy fêstknotte oan morael en moraliteit. Dat bitsjut net perfoarst net lige, net huorkje, net deaslaen - soksoarte geboaden binne inkeld de ynhâld fan in biskate moraelkode - mar it bitsjut àl dat ús hanneljen oanfield wurde kin, ús foarkomme kin as in hâlding, ús hâlding. Hwer't wy ek komme as minske, wy binne de oare, hwant wy binne ússels en dat freget in eigen réaksje fan ús. Wy bisykje it to ûntgean en ús safolle mooglik gelyk to meitsjen oan de oaren, krekt to hanneljen, to bearen as hja. Yn it bêste gefal slagget it ús oer de holle to sjen, dat soks ek ús eigen bilang is. Mar gauris fiele wy ynienen dat wy net krekt sa dwaen kinne as de oaren, om't wy justjes forskillend binne: wy binne ússels en wy moatte ús eigen stilearring fine foar allerhande uteringen. Hoe great de nivellearring ek wêze mei, hoe konformistysk wy ús oerflakte-libben bisykje to stilearjen, it is lykwols en altiten ús stilearring, ús frijheit, dy't him uteret yn ús moraliteit. De frijheit is net in alhiel nije útfining: dat is it ek net foar in yndividuéle puber dy't mei it frijheitsprobleem sa tige to meitsjen krijt. Men soe úthâlde kinne dat it minskdom of alteast de Westerske wrâld, hwat de frijheit oanbilanget ek yn in soarte fan puberteit forkeart. Ik sjoch hjir myn sûmbere freon al oan de wynbrauwen lûken en my forneatigjend biskuldigjen fan leauwen oan de evolúsje. Dat is yn syn eagen tige slim foar in modern minske: it bitsjut in tobekgong, in sûndefal winliken. Hwant hy wit dat somlike greate, ûnôfhinklike geasten yn ús tiid dy evolúsje ôfwize as to simplistysk en mechanysk. As er earen hat om to hearren, dan kin myn freon gerêst wêze. As ik frijheit siz, bidoel ik neat oars as frijheit. It frij byneed om in evolúsje troch to meitsjen, it frij ek om dévolúsje, ynvolúsje of hwat ek troch to meitsjen; it frij fan my om op to kommen foar hwat my goed tinkt; it frij fan it minskdom om net stilstean to bliuwen, yn biweging to wêzen, yn 't foroarjen, skiednis to meitsjen. It minskdom foroaret nou ienris, makket skiednis, giet in paed... en as men weromsjocht op dat paed, sil dat gauris de yndruk jaen fan in evolúsje, fan in gong nei heger en better. Ek al fansels om't ús noarmen ‘meievoluëarje’. Lykwols kin it likegoed wêze, dat wy ta in tobekgong bislute moatte. Mar hwa't in takomst projektearret as moreel, dat is as frij wêzen, tinkt altiten oan evolúsje en syn bêste eagenblikken oan révolúsje: opwinteling nei boppen. Fansels kin letter bliken dwaen, as sa'n evolúsje of révolúsje slagje soe - dêr't nammers yn syn folsleinens nea kâns op is, | |
[pagina 214]
| |
om't eltsenien frij is en dêr gebrûk fan makket - dat men winliken gjin trêd foarút, mar efterút dien hat: dat hinget fan de wearde-oardielen ôf dy't men - yn frijheit - dàn jilde lit. Fêst stiet inkeld, dat it libben by de minsken biweging bitsjut en dat wy op de rjochting fan dy biweging troch dyselde frijheit ynfloed útoefenje wolle, d.w.s. moréle mjitstêven hantearje. Frijheit, morael, persoan, it binne aparte wurden, aparte wizen fan sjen fan ien en deselde entiteit. Moreel hannelje is allinne mooglik yn frijheit, dat wisten ús foarâlden al. Frijheit is de mooglikheit ta it dwaen fan in kar... Mar sa wurde de bigripen dêr't it om giet to abstrakt; it is konkreter: yn it dwaen (fan de kar) wurdt de frijheit ivich berne. Mar ek: yn it dwaen fan in kar presintearret him de morael. Morael is net: Jo moatte dit dwaen, mar Jo meije it oare dwaen - troch it sa njonkeninoar to setten, sjocht men de bispotlikheit fan dy sjenwize; it is likemin: Sykje mar út, Jo meije foar kar nimme hwat Jo wolle. Morael is it dwaen fan de kar. Men kin biswier hawwe tsjin dizze foarstelling, men kin him ôfwize op groun fan hillige tradysjes, mar dat nimt allegearre net wei dat dizze dingen de kearn fan it moderne libbensfielen útmeitsje. Dat wol tagelyk sizze dat der alhiel gjin problemen mei ta oplossing komme, gjin psychologyske, gjin sosiale, gjin ethyske. Dy komme noch: dy stelle har dêrtroch op in biskate wize. Ik wol hjirre gjin ethyske problemen oplosse, se sels net fan in tydlike, zeitgemäsze oplossing bisykje to forsjen, mar dochs yn it foarbygean der even op wize hoe't kleare bliken docht dat yn dizze wize fan ponearjen (dy't net DE wize hoecht to wêzen; hy is perfoarst net hillich, inkeld zeitgemäsz) de morael op folle mear bitrekking hat as op it boargerlik en tsjerklik forskil tusken goed en kwea. In fraech dy't har foardocht is dy nei hwat der yn de minske stilearre wurdt, hwat yn ús foarm krijt, hwat ús minsklikheit is en bitsjut oan 'e oare kant fan ús moraliteit. It binne fragen dy't de ein fan de boargerlike roman ús opjowt en hja markearje it bigjin fan it moderne proaza. Fragen dy't de moderne skriuwer likemin bianderje kin as immen oars, mar dêr't er yn frijheit doemd is it andert op to sykjen. Dat ferget him op tinken, net samar mei it logyske, diskursive forstân, mar mei al syn fakulteiten, mei syn hiele wêzen - syn wêzen fan kunstner. Hy tinkt projektyf, syn forhael hat essayistyske kanten, dêr't er dochs byld en forbylding by nedich hat as brea... krekt om dy essayistyske avontûren útfiere to kinnen. Hy is net yn it foarste plak de ûntleder fan minsklike sieleroersels en de djipten fan it ûnderwêsten, hy is de man dy't projektearret, dy't skept. Hwat er meitsje moat is in essay: in bisykjen, in eksperimint, yn de foarm fan it forhael dêr't er yn útsprekt hwat er oars gjin stal jaen kin. It binne essays oer de minske en syn bistean, oer de moréle biwoarteling fan de minske. It binne moraliteiten. En hwat er oan forhalen stalt, hja tsjinje om út to sprekken hwat er tinke en biweare wol, it binne bylden dy't omtinken freegje foar hwat der oan tinzen yn opsletten en forhoalen is, it binne allegoryën. Hwat | |
[pagina 215]
| |
wêzenliks sizze oer de ontologyske wurklikheit kin nea better as yn allegoaryske, forhoalen, mar dêrtroch klearder en wierder foarm, as mei help fan abstrakte formulearringen. Eksperiminteel giet er to wurk, om't er net de âlde yllusionist is, mar de moderne goudsiker. Syn proazafoarm kin dêrtroch klear en ta in hichte tradisioneel wêze, hwat uterlike styl oangiet. Hy bistribbet ommers klearrichheit, gjin ôfliedingsmeneuvels mei it moaije wurd. It proaza tsjinnet him om konstellaesjes to skeppen dêr't er syn alchemistysk stribjen yn bisykje kin to folfieren en syn moraliteiten op it aljemint to bringen. Net minsken hoecht er to meitsjen mei har komôf en har eftergroun, mar gaedlike situaesjes dêr't har minsklikheit him yn iepenbierje kin en oan it ljocht komme. Dêrtroch is er meastal boeijend, bringt er nijsgjirrige dingen, sprekt er kleare tael. Hy wurdt dêrby net handicapt troch de rol dy't syn âlde foargonger to spyljen hie: dy fan de-man-dy't-der-alles-fan-wist en der sa objektyf mooglik (op subjektive wize) fan fortelde. Yn dy syn romans wie yndied gjin plak foar moréle refleksje: de skriuwer hie to birjochtsjen hwat er wist, net syn seedlike en geastlike need út to skreauwen of út to skriuwen, syn eigen forlegenens, syn taesten en sykjen. As de skriuwer - mar dat wie allinne yn boeken dy't al lang âlderwetsk binne - al ta moréle útspraken kaem, dan barde dat op 'e wize fan de baes fan de poppekast, dy't oan syn publyk de retoaryske fraech docht: Wie dat net gemien fan de fjildwachter? Wy, de taskôgers, roppe dêrby: ‘Ja!’, lykas wy as lêzers fan de âlde roman ja-knikke, as dy roman goed is. It boek nimt ús mei, sels reitsje wy der fan ûnder de yndruk, wy identifisearje ús ûnderbiwust by it lêzen mei de persoanen, mar tagelyk witte wy dat it wier oer oaren giet. It docht ús oan, wis, mar net oant yn ús djipste grounslaggen; hwant net ús eigen libben is hjir faei, altiten in oar sines. Kening David ûndergiet it forhael dat Nathan him fortelt oer it eilaem fan de earme man. Hy is sels moreel forûntweardige as er it heart, mar hy wurdt earst goed rekke yn eigen minsklikheit, yn syn moreel bistean, as Nathan seit: ‘Dou bist dy man.’ Dat seit it moderne proaza ek tsjin ús: dou bist dy man; net as empirysk wêzen, mar yn it wêzen fan dyn minskewêzen. En it stribbet dêrby itselde nei as de midsieuske moraliteit. Hwat eartiids út romantechnysk eachpunt in deasûnde wie: it tusken lêzer en forhael kringen fan de skriuwer - hawwe hja dat Nederlâns greatste skriuwer, Multatuli, net tige neidroegen? - dat heart der yn it moderne proaza folslein by. De yllusionist is forfongen troch de eksperimintator yn it laboratoarium, dy't, as dat nedich is, oan it publyk útleit hwat er docht, en byneed hwerom't er it docht. Net samar nammers, om't it sin him goed stiet, mar yn it foarste plak om't er sels gjin dupe wêze wol fan de foarstellingstruc. De irony dy't wy by in Thomas Mann fine, jowt al de twivel oan fan de romanskriuwer dy't oan in einpunt kommen is. De moderne skriuwer wit net mear fan syn minsken as hwat der stiet en hy kin yn twifelgefallen likemin in andert jaen op fragen hoe't it nou winliken sit, as de lêzer dy't it him freget. Fansels hy kin hypothesen opstelle, lykas elk oar, en dêr it foar en tsjin fan biprate, mar hy is langer net de man fan de poppekast. Fragen oer romanfigueren, lykas: is de helt | |
[pagina 216]
| |
út dit of dat forhael nou wier homoseksueel, leaut dy of dy nou yn God, ja ofte né, fielt wer in oaren ien wier leafde foar dy faem, sokke fragen binne net sinleas, mar sinleas is it to forwachtsjen dat de auteur dêr bûten syn boek om noch mear fan sizze kin. De skriuwer hâldt gjin troeven efter de hân; al hat er fansels yn syn wurk it frij om de kaerten op eigen wize to skodzjen en op dy wize bisûndere effekten to bistribjen. Fan syn persoanlike ynstelling hinget it ôf oft er him dêrby mei in ironysk gebeart yn 'e kaert sjen lit, oft er ûnder it wurk útliz docht, oft er mei de iene hân wer forsteurt hwat er mei de oare opbout, of dat er it spul mar wêze lit, itsij om't er mient dat syn lêzers âld en wiis genôch binne, itsij dat it net ienris yn him opkomt, dat oaren de parafernaliën wolris foar it wêzenlike oansjen koene. Yn elts gefal kin it him neat skele dat oaren sjogge hwat er docht en faek bliuwt er net op it podium stean mar komt ris tichte by ús; hy fettet ús ris by de knoop fan de jas en in oare kear fordûdliket er ris hwat op it boerd: in skets, in trochsneed, in efterkant fan hwat er by de ein hat. Hy foroaret fan ynstelling, al nei't de gelegenheit dat easket. Hy siket net de feilige distânsje fan de âlde yllusionist, mar hy wol ús mei bihelje yn syn eksperiminten, omt er roait op de moraliteit. Syn proaza is meastentiids klear en helder, de sobere kant neist sels (al kin er byneed wol oars), en syn forhalen hâlde de ieuwenâlde foarm fan it birjocht. Soms lykwols liedt it stribjen om it réalisme to oerwinnen ta it oantaesten fan de tael sels. James Joice, hwaens wurken noch net folslein it karakter fan de moderne moraliteit hawwe, al kinne opset en titel fan Ulysses dat wol suggerearje en al is de namme Work in progress net tafallich, bisiket - yn it lêste wurk noch it meast - de tael fan syn deistige, logyske - hwat is logysk yn tael? - kant to ûntdwaen en birikt soms treflike resultaten, mar gauris nimt it taelkundich kryptogram sadwaende it plak yn fan it ontologysk kryptogram, dat it moderne proaza yn it foarste plak is. Allinne al út in hâlding fan ekonomysk omgean mei energy, sil de moderne prozaïst meast it sobere, direkte wurd forkieze. Boppedat heart it karakter fan yntelligibele meidieling wêzenlik by it proaza, dat oars earder in foarm fan poëzij wurdt. Sterk falt dat op by in Nederlânsk modernist as Bert Schierbeek, hwaens Het Boek Ik foar my noch wol to wurdearjen is as poëzij - mar dan by lytse swolchjes - mar perfoarst net as proaza. De ynhâld is dêr net nijsgjirrich genôch foar: it is to folle it pak fan Sjaalman, transformearre yn de sfear fan it ûnderbiwittene. It is oft de skriuwer in pûde leechsmyt en seit: sjoch, dat bin ik nou; dat haw ik allegearre foun doe't ik it opsocht. Yn wêzen is dit boek ek in âlderwetsk boek, nettsjinsteande de ‘modernistyske’ foarmjowing. Dan is W.F. Hermans der tichter by mei syn De god denkbaar denkbaar de god, dêr't de tael syn normael karakter inkeld yn kwytrekket mei't er him oanpast oan de tige komplekse ynhâld, dêr't tiid en plak as konstituearjende eleminten út weiballe binne. Moderner as gâns hjoeddeiske jonglearderij mei de tael is grif it proaza fan Stendhal, fan in Multatuli, fan in Thomas Mann. Dêr blykt alwer út dat | |
[pagina 217]
| |
it moderne, as eltse fornijing, net inkeld it brekken mei in tradysje is, mar ek it fuortsetten fan in oare tried. Mei in oar byld: it is in forbreding en it hommels rêdder rinnen fan in stream, dy't lyts en traech der al wie. Modern proaza yn de sin as hjir hieltyd bidoeld wurdt fine wy ek by Du Perron, by Menno ter Braak, modern is De Sade, is Dostojevski, is Kafka, is dochs ek yn biskate sin Marcel Proust, is Sartre, is foaral Camus. Modern is yn Ingelân Huxley, yn Dútsklân A. Vigoleis Thelen, yn Amearika Faulkner, om mar inkelde nammen to neamen. Mei opsetsin neam ik in mennich nammen, om't al dy skriuwers sa folslein forskillend binne en wier net in bilicheme stikje théory foarstelle, mar inkeld yn in biskaet faset yllustrearje, hwat ik sein haw oer it moderne. In folsleine bifêstiging fan myn oertinkingen oer it moderne proaza krige ik by it lêzen fan it lêste boek fan W.F. Hermans De donkere kamer van Damokles. To frappanter om't fan de biweeglike kamera-ynstelling fan de moderne auteur, as ik de hâlding dy't hjir boppe sketst is, sa gearfetsje mei, dit boek fan Hermans gjin bliken jowt. Dochs soe it in skoalfoarbyld wêze kinne foar it allegoarysk karakter fan it moderne proaza en fan de reminisinzen oan de âlde moraliteit. Likemin ûntbrekt yn dat treflike boek de ûnwissens oangeande de persoanen. Sterker noch, lêzer noch skriuwer wit oft ien fan de wichtige figueren yn it boek wier wol bistien hat en hwat de haedpersoan Osewoudt oangiet, wy witte net hwat wy fan him tinke moatte: is er gek, is er slachtoffer fan de omstannichheden, hwat is er? Tagelyk witte wy dat dy fragen net inkeld Osewoudt jilde, mar ek ússels. Osewoudt is de moderne Elckerlyk, ‘allendich, arm katyf’. As men it boek út hat, bliuwt inkeld it fielen: ‘Ic en sier gheen mouwen toe geset, so is mijn herte om desen in vaer.’ |
|