De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 205] [p. 205] Sjoerd Spanninga: Tsjerkeliet It is de man oer alle boegen slagge hy komt der mei fan bêd en 't is syn rêsten ik sliep fansels op âlde mûzenêsten en jo miskien wol yn de fryske flagge sadwaende gean ik gauris by him sitten hwant sjonge ek de foltsen op de foarste as moasten de bazunen der fan boarste men wit jin yn syn neite net forlitten soks kin him lykwols mar oan ien ding lizze en grif net oan de endokrine klieren hwant dêrfoar sjocht er fiersten to ynfieren oer my hinne - dát moat ik earlik sizze per saldo is de kwesje dus wol dizze in reden om syn swang hwat nei to swieren: it is de man oer alle boegen slagge hy komt der mei fan bêd en 't is syn rêsten ik sliep fansels op âlde mûzenêsten en jo miskien wol yn de fryske flagge. Extra ecclesiam nulla salis Hwat koe de tsjerke wer in pronkstik wurde hie men de siel net út it libben wjudde en liet de slakken yn 'e muorre groeije de hurde gevel soe fan hill'gen bloeije nou ha de minsken wol har goede wurken en hearre wy net langer by de turken al is 't fansels ek mei in dimmen herte dat wy ús hulde op 'e drompel sette mar 'k ha wol moed dat hja it ús forjowe dy't harren oer de diggels faeks bisauwe hwant is men bakjeman of boargemaster in ider hat in skuor yn it albaster. [pagina 206] [p. 206] Bloei Ik seach fanmoarn by 't opgean fan de sinne noch kâld en winterich de glêzen gloeijen doe kaem de simmer troch de doarren hinne as stie it foarjier al nei blêd en bloeijen der dreauwen wer seizoenen yn 'e reiden de beammen hongen fol fan rypjend ljocht ik hie de libbensgong wol fan har beiden sa waerd myn hert hjir ta ûntjowing brocht. Damp Al dwaelt der noch in fiere glâns fan âlde melodijen bytiden wol de haven lâns en yn it skiere swijen de dize hinget stil en mêd gjin fûgel jowt mear azem it libben wurdt in lege stêd de mins - in hânfol wazem. Vorige Volgende