De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 218]
| |
Fugels
boppe de swiere hannen
fan it lege lân
fleane de fûgels
troch de mesken
fan de finzen tiid
as bisteanbere aksinten
yn de romme ljochtfal
fan it ritmysk sinnewyt
boartsjende
bline bern
yn de simpele stilte
fan de moarn
| |
[pagina 219]
| |
Jounpraters yn 't faillissemint
wy hawwe
it stilswijen
yn it formidden lein
en dreech bipraet
neffens oarder fan fatsoen
drinkender wize
der wie in inkeldst wurd
dat lûd hie
mar it forroun
mei de gong fan de tiid
nei de hoeken fan de keamer
doe't wy opstapten
ha we inoars eagen
it oerbliuwsel fan de tael
publyk fortrape
|
|