De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 193] [p. 193] [Nummer 7/8] Tiny Mulder: Wylde Feart Dou nimst it roer, orkaen, en jagest my, foltúgde klipper, as nea noch jage my in skipper ien koarte stoune oer de oséaen. Ien koarte stoune en de wrâld krimpt yn, ûnmachtich steane dêr de fredigingen. Sil eat my wer yn smelle havens twinge? Ing is it lân, frij jeije weach en wyn. Fuortflechtige moannen sile troch 't hielal en stjerren sjitte floitsjend út har banen, astou it roer yn hannen hâldst, orkaen, en my jagest, dêr't dyn wylde moed it wol. Ien koarte stoune hat dyn stoarmwyn waeid oant tusken kreeft en stienbok wy bidarren. Hoe wûnderswiet en tear is dit wjerfarren nou't lâns myn flanken myld dyn koelte aeit. In nije skeppingsdei giet dounsjend oer de lûken. Wy jitte nije wyn yn nije sulveren krûken. [pagina 194] [p. 194] Leavje is leavje is dyn eagen forspylje yn wier driuwen sjen yn djipsé pearelmoeren fisken flechtsjend yn skulpen en weromfine yn miment moarn of oarejier. leavje is sâlt yn de kiel dunen ôfgrave oant it grounsop dyn lippen net fine en hommels dyn rop hearre tusken de miuwen yn myn hier. leavje is de ouwelhûd repe baeijend yn toarnen swimmend yn snilen en koel genêze yn de balsem fan dyn hannen moarn of oarejier. leavje is in moannesulver skouder juwielen struwellen en blau reach sinke yn de lije welle en yn streamforsnellingen stjitte op de swiete ûntsachlike earste bertefleach. [pagina 195] [p. 195] Bitterswiet Bitterswiet bitterswiet priuwt dit lytse leafdeliet sil dyn ear 't wol ienris heine as de fine drippen 't reine reine litte oan dyn blinen silst it hearre as de winen flaikjend om dy hinne strune harkest hark yn alle tunen strykt de wyn op 't spinnetried bitterswiet dit leafdeliet wurden wurden hat it net 't iensum en ûnwennich hert kloppet sêfter kloppet hjitter bitter swiet en swiet en bitter lústret lichter as de amme lettertekens fan dyn namme leafste hâld de siken yn priuw de rein en hear de wyn fiel de drippen hein dit liet bitterswiet bitterswiet. [pagina 196] [p. 196] To let of net bin wy to let to let of net alle bussen binne fuort op alle stasjons efterljochten wiuw se nei goeije reis en wol thús allegearre waerm droech en binnendoarren of hiest meiwold? sjoch it dûbelrym fan ús gesichten yn it wachtkeamersrút ek it stasjon glydt fuort perrons op 'e flecht rails op 'e rin efter de lêste trein oan de wachtkeamers geane nei hûs of hiest wachtsje wold? dou rymt op ik wy sille in tinte bouwe mei in papieren souder en in bêd fan snie glimkje dryst yn myn eagen miskien komt de lêste bus foarby dy't nearne stoppet dy nimme wy. [pagina 197] [p. 197] Merlyn fjurfugel springfloed ûnderierdsk bigjin brekt út nul oant ûneinich âlde koarste net keare kin koartsbrân dy't fûleinich skroeit de soal en yn lôge útslacht brân brân yn it hert koal oer de wynbraubôge goudswarte jiske op 't net - flues forljochte fan binnen long lampion transparant wy witte net mear hwa't wy binne wy stean' kel fan ús oan de kant bistou merlyn fjûrfûgel wynhoazen ûnder de fearren bin ik magma fjûrkûgel opsjittend maet fan de stjerren boppe wy boppe ha en gemis in rokkeleas ljochtspoar troch ljocht de mjitte fan kearsflam en krater is ûneinich gesichtsbidroch Vorige Volgende