Filmkronyk:
Come back, Africa
In illegale film oer de apartheit.
De Amerikaenske regisseur Lionel Rogosin hat de Súdafrikaenske autoriteiten to fiter hawn. Hy frege, oft hy in film meitsje mocht oer de apartheit. Né, fansels. Oan de oare kant wie dy wegering ek wer nuver genôch, hwant de kombinaesje Verwoerd c.a. en har supporters hâlde mei de hân op it hert en op 'e bibel tsjin de hiele wrâld út, dat har rassepolityk rjochtfeardich is en ta heil fan de negers. Hwat soe gaedliker middel wêze, om de wrâld to oertsjûgjen as in film, dy't reëel sjen lit hwat der geande is? Hawar, hja doarsten it net oan en Rogosin krige allinne frij, om in ‘dokumentaire oer folkloristyske muzyk’ to meitsjen. Hy naem it oan, mar forlear syn doel net út it each. En sûnder dat de polysje der euvelmoed yn hie, is it him slagge in navrant flimdrama oer de apartheit to meitsjen. De film is yn Londen en Parys fortoand en spilet nou yn Hollân. De autoriteiten binne pûr, de film giet syn gong troch de wrâld, de regisseur is net mear to gripen en ek syn neiste meiwurker is útwykt.
Dizze film oertsjûget troch soberheit en earlikens. Gjin spektakelstik mei in ûnbitinge swart-wyt-skema fan blanke boalen en ûnskuldige swarten. Hjir komme ek in pear minsklike blanken yn foar en in misdiedige neger. En filmstjerren komme der net oan to pas. Rogosin hat syn spylders út it folk socht, amateurs, mar dy't mei liif en siel yn it drama bihelle binne en it nammersto réëler meitsje. Hja presintearje harsels, sa't hja libje yn it skaed fan de ûnminsklike apartheit, mei har need, har protest, har birêsting, har filosofy, har wanhoop, har muzyk en birûzing. Sa't hja tsjin in leech lean wrotte yn de goudminen fan de blanken en fordivedaesje sykje yn illegale kroegen.
De haedpersoan fan it forhael, Zacharias, is in Bantoe út Zoeloelân, dy't yn syn reservaet bittere earmoede lijt en wurk siket yn Johannesburg. Hy komt hjir konkreet yn 'e kunde mei rassediskriminaesje en it ûnbarmhertige passesysteem. De iene nei de oare bitrekking wurdt er as in houn útjage, de fornedering fret oan syn siel, hy is dea-ûnwennich en wol werom nei it hurde, mar fortroude libben yn syn stamme. Mar syn frou is him mei de bern neireizge en hja sette har nei wenjen yn in krot fan de negerwyk. In baentsje as kelner forliest er, om't in hystearysk blank wiif, dat er tafallich op 'e gong tsjinkomt, him fan bisykjen ta oanranding biskuldiget. Syn minsklike chef is fan syn ûnskuld oertsjûge, mar doart him net langer yn tsjinst to hâlden. Yn 'e nacht docht in bolderjende sedepolysje by harren in ynfal, en nimt de ‘kaffer’ mei. Wylst er yn it tichthûs sit, wurdt syn frou formoarde fan in negergangster. De film einget mei in binearjende close up fan de wanhopige man, dy't alles kapot smyt en it útraest fan ellinde.
Earmoed, fordrukking en fornedering, dat is it byld, dat dizze ienfâldige, sterke film jowt fan de Bantoe-mienskip, dy't de rêchbonke is fan de blanke ekonomy, mar dêr't sels de yntellektuéle neger de kâns ta folweardich en forantwurdlik wurk net kriget. Hy is nou ienris swart en in blanke minderheit ornearret út namme fan kristendom en biskaving, dat er ivich en erflik syn hûd fiele sil.
Treflik is it tafriel yn de illegale kroech, dêr't hja drinke en debattearje oer eigen ellinde, dêr't in swarte filosoof in flymskerpe analyse jowt fan har libben sûnder útsicht, dêr't in fanke mei in fascinearjend lûd blues sjongt. De koppen fan dizze amateurs, dy't it spyljen blykber yn 't bloed sit, lyk as ek it dounsjen, binne stik foar stik in stúdzje wurdich.
Come back, Africa, oarspronklik opset as in dokumentaire oer negermuzyk, is in skreau om minsklikheit wurden en jowt konkreet stal oan de klassike klacht fan de Prediker: ‘En sjoch, dêr wiene de triennen fan de binearen en hja hiene gjin treaster, en oan de side fan har binearders wie macht, hja lykwols hiene gjin treaster.’
INNE DE JONG