| |
| |
| |
F.J. Bergstra:
De dichter, de tael en de mienskip
in lette lokwinsk ta de 50e jierdei fan D.A. Tamminga.
In karakteristyk fan it dichtwurk fan D.A. Tamminga to jaen is gjin ienfâldige saek. De thematyk fan syn poëzij is likemin yn inkelde koarte formules to fetsjen as it procédé fan syn fersbou, alteast net foar hwat syn oeuvre as gehiel en as totaelforskining oangiet. Yn syn analyses fan inkelde fersen hat Brouwer de yngredienten treflik bleatlein en de wize der't hja op gearfoege binne sjen litten en ek de minske efter it fers yn oantsjutting fielber makke. Dochs hat it sin ús yn in wider forbân mei de existentiéle eftergroun fan dit dichterskip dwaende to hâlden en ús ôf to freegjen hwat de dichter biweecht, hokfoar wegen er giet en nei hwat doel er ûnderweis is.
Tamminga's dichterskip hat hwat ûngrypbers en sa is it to forklearjen dat de measte skôgingen oer syn wurk al gau torjochte komme by ien fan syn meast opfallende eigenskippen: masterskip oer de tael. Dêr hat men hwat yn hannen dat taestber is, dêr hat men fêste groun ûnder de fuotten, dêr wit men oer hwa't men it hat. En it feit is net to ûntstriden: Tamminga kin alles mei de tael. Hy is mei de tael forgroeid as net folle oaren yn Fryslân, en it wurd virtuositeit is hjir op syn plak, lykas it brûkt wurdt foar útsûnderlike muzikanten dy't forgroeid binne mei har ynstrumint. Binammen yn de muzykbioardieling hat it wurd virtuositeit ek wolris hwat in skealike klank, as men in technysk knappe, oan it folmakke grinzjende útfiering yn kontrast bringe wol ta in seker brekme oan ynhâld fan de spile komposysje of ta in tokoart oan waermte, bigryp en oanfielen fan it stik by de spylder. De formulearring fan dit mear inerlike aspekt fan de ‘ynhâld’ fan de muzyk foar it uterlike, technyske aspekt oer, jowt greate, logyske en saeklike swierrichheden; wy hoege der hjir net fierder op yn to gean, mar kinne fêststelle dat sok in forwyt it taelgebrûk fan Tamminga yn syn poëzij net treffe kin. It is sels de frage oft in tsjinstelling yn dizze sin tusken uterlik en inerlik by hokfoar oare kunst bûten de muzyk om wol mûglik is; it is sels tige de frage oft dizze ûnderskieding ek binnen it gebiet fan de muzyk wol rjocht fan bistean hat. Mar as it lêste wol it gefal is, as der mei rjocht in tsjinstelling makke wurde kin tusken foarm en ynhâld yn muzyk, dan leit de skied dochs wer oars yn de taelkunst. Yn de poëzij kinne faek wol analoge forskynsels foun wurde, mar dy lizze dan grif yn in oar flak. Principeal stean yn de taelkunst ynhâld en foarm yn in natuerlike bitrekking ta inoar, dy't har
oarsprong fynt yn en bihearske wurdt troch de bitsjuttingskwaliteit fan it wurd. Yn gefallen der't dizze bitrekking útskeakele wurdt, lykas yn somlike manifestaesjes fan de saneamde experimintéle poëzij, hat dizze dissociaesje in opsetlik, kunstmjittich en min ofte mear forsearre karakter en bliuwt de intentionale bitrekking fan it wurd as klankkompleks op in biskate tins of saek, dy't der mei oantsjut wurdt, in biskiedende faktor yn it poëtysk produkt;
| |
| |
hwant ek dan spilet dy bitrekking as ûnderstream, via associaesje en assonanty in wichtige rol. Ek sinleaze wurdlidden ûntliene har poëtyske wurking oan de forburgen sin der't hja, leafst lâns ûnbiwuste wegen, in birop op dogge. It eigenlike experimint fan de experimintéle poëzij soe men dan it bisykjen neame kinne, om mei help fan it materiael fan de tael, mar dat dan birôve fan syn sin-bitrekking op bûten de tael lizzende objekten, in soarte fan muzyk to meitsjen. It liket my ta dat oant nou ta dat experimint mislearre is, mar dat soe gjin reden hoege to wêzen om der mei op to hâlden.
Oant nou ta is Tamminga as dichter net op dizze manier nei foaren kommen, en net omdat er it net kin, mar omdat er it net wol. Eigenlik is dat spitich, hwant as er woe, soe er nei alle wierskyn yn de foarste rigen stean fan de Fryske experimintélen, hwant yn fakmanskip by it hantearjen fan de tael stekt er boppe allegearre út. Hwerom't er it dan net docht, hwerom't er it net wol, stiet mei biskate determinanten fan syn poëzij yn forbân; faeks sil hy der ek wolris ta komme om him yn dy non-signifikative trant to uterjen, mar dan sille de boppeneamde en fierderop neijer to omskriwen determinanten net opheve wêze, mar tige har wurking hâlde.
Lit ús earst ris bisykje, oft wy it geheim fan Tamminga syn virtu ek hwat neijer komme kinne. Lykas by elke know how is ek hjir de oefening, it studium, de skill in wichtich punt. Ek yn it dichtsjen moat men, om in master to wurden, bisykje, weagje, ôfkarre, byneed forskuorre en tobarne, op 'e nij bigjinne, trochsette. Men moat iepenstean foar krityk, en der tagelyk ûnforskillich foar wêze. Men moat tige yn jin opnimme hwat oaren kinne en dien hawwe mei ditselde ynstrumint, jins tael, en dan dochs de moed en de wiisheit hawwe om it sels wer oars to dwaen. Soks it net mûglik sûnder in twadde, foar it wolslagjen fan de ûndernimming wichtige omstânnichheit: ambysje, de wil om hwat to birikken, de foarstelling fan in liedende noarm, de affektive tawijing oan in jin nei him ta lûkend doel. It birikte resultaet moat ek altyd wer ôfmetten wurde oan de oarspronkelike impuls, dy't alles oan de gong makke hat; dêrta moat dy impuls yn syn intuïtive krêft en suverens biwarre bliuwe, alhoefolle kunstbiwurkingen men it materiael ek ûndergean lit: de ynspiraesje moat lange siken hawwe. Dit bringt ús op in geheim, dat net fierder út to tizen is: it geheim fan de persoan, yn hwa't nou ienris in net to neamen tal fan net to bigripen bitingsten oanwêzich binne, dy't him foar dit wurk by útstek geskikt, biwurktuge meitsje: it geheim fan dit speciale talint.
Men soe sizze kinne dat in talint greater is al nei't it foar mear fan sokke bitigsten, dy't faeks mei help fan biskate tests yn kaert brocht wurde kinne, gunstich bijeftige is, mar miskien springe wy dan al to rationalistysk om mei it geheim fan de persoan. Fan Tamminga kin men sizze dat er net allinnich in greate kennis hat fan de folkstael en fan de skriuwers, in fyn gehoar foar klank en aksint, in sterke, intuïtive congenialiteit mei de struktuer fan de tael sa't de grammatici dy hyltyd wer, yn in nea klearkommende analyse, yn bigripen bisykje to fetsjen, mar ek in iepen kommunikaesje mei de instinktive ûndergroun der't it idioom út ûntspringt en in gefoelich registraesje-apparaet foar it opheinen fan
| |
| |
trillingen en nuances yn it affektyf rapport mei de meiminsken, ek as dy har uterje yn in oar medium as de tael. Dat by Tamminga dizze sin sterk ûntwikkele is docht ek bliken út syn maetskiplike forskining: der hinget om dizze dichter gjin sfear fan irritaesje, misforstân, wrok of spot. Tamminga is gjin wrâldfrjemd dichter, geskikt om útlake to wurden yn in moppekrante, mar hy stiet midden tusken de minsken. Kin men nou ek sizze, dat er midden tusken it folk stiet?
Wy hawwe sjoen, dat Tamminga's masterskip oer de tael net inkeld in aktive, mar ek in passive saek is, troch de greate receptiviteit, der't wy in tal fan de boppeneamde eigenskippen ûnder gearfetsje kinne. Tamminga is net samar master oer de tael, de tael is ek master oer him. Om yn it bigryp hjirfan fierder to kommen, moatte wy net allinne bisjen hoe't er de tael brûkt, mar ek hwer't er de tael ta brûkt. Hjirfoar is it nuttich him neist inkelde oare dichters to setten.
Fedde Schurer, hwaens dichterskip tige aktyf en produktyf is of alteast west hat, is hwat men in sjonger neamt. Hwat syn hert biweecht wâllet him nei de mûle en moat oan oaren meidield wurde. It is direkte, orale meidieling, it is in dichterlike omfoarming fan de sprektael. Mei dit wurd sprektael wol ik alwer neat denigrearjends sizze, oft sprektael grammatikael, idiomatysk of intellektueel leger stean soe as oare tael, skriuwtael, toanieltael, literaire tael of hwat ek. Ik bidoel der mei, dat it primair op praten en sizzen út wol, dat it daelk heard, troch it ear opnommen wurde en sa yn de persoan fan de harker oergean wol. Fansels wurdt dizze poëzij ek opskreaun en dêrmei dellein, opslein, konservearre en fansels wurdt hja ek printe, útjown, yn boek of tydskrift forspraet, en lêzen. Mar dit is yn it dichtsjen fan Schurer typysk in sekundaire saek. Dit hinget op 'en ingsten gear mei de sin en de stoffe fan syn dichtsjen. Schurer dichtet út en foar in konkrete, aktueel bilibbe mienskip, in romte, in gearkomste, in auditorium, in gemeente; foar it folk, de minskheit, de tsjerke fan de ieuwen. Syn poëzij wol yn it alderearste plak in opiny, in oertsjûging op de meiminske oerdrage, him oproppe ta in biskate manier fan libjen, en leafst ta dwaen. It is poëzij út en ta in idéael en dat idéael is religieus, ethysk, humanitair en wol yn dy unike synthese dy't men kristlik neamt. By Schurer sels is dy oertsjûging der al foardat hja ta poëzij kristallisearre is; ek bûten syn dichterskip om stiet er foar dizze libbenshâlding. Hy hoecht gjin fersen to skriuwen om dizze libbenswearden to ûntdekken, hwant hja wiene foar syn persoan en bistean biskiedend fan it bigjin ôf; syn ûntdekking, en ek syn skill, is dat er lâns it medium fan syn poëzij de herten fan syn meiminsken it bêste foar dizze ethyske wearden
iepenje kin. Mar hy appellearret net allinne oan it gefoel en it hert, mar ek oan it forstân en de harsens fan syn publyk. Dizze dichter hat in intellektuéle, sels intellektualistyske ynslach en in rêdde, slachripe discernative funksje, mar men mei him dêrom noch gjin didaktysk dichter neame, al hat er inkelde eleminten dêrta wol yn him. Hwat hy yn syn poëzij ta utering bringt, is meastepart forstânlik wol nei to rekkenjen, mar dat nimt folle mear tiid, is omslachtiger en minder krekt. Men soe hjir it moderne byld fan de rekkenmachine brûke wolle, dy't itselde resultaet birikt as in sifer- | |
| |
master op greate pljimzen papier, mar folle hurder en mei minder flaters, al is it byld fansels hwat oerdreaun. It kurieuze is dat er itselde resultaet birikt by syn harkers en dit giet net lâns de wei fan de refleksje, mar lâns de wei fan in gemoedsoandwaning, dy't dan wer paedwizer wurdt foar de refleksje yn de persoan fan de taharker.
It is dúdlik dat sa'n dichterskip net yn it earste plak út is op eksperimintearjen mei de tael, mar gebrûk makket fan de tael sa't dy aktueel en courant is yn de mienskip. It is de gemiddelde tael, de normaeltael fan dy mienskip, foar safier as de ethyske wearden fan dy mienskip der yn útdrukt wurde, en net in tael mei idiomatyske hoeken en hernen en nijsgjirrige relikten. As Schurer yn in fers it bjinstap en it foarûnder neamt, dan hoecht men gjin inventaris fan de faktael fan de boerefaem en de potskipper to forwachtsjen, mar hy hat him wol efkes tige krekt de geastlike en maetskiplike horizon fan de boerefaem en de potskipper yntocht.
Sa'n dichterskip is ek net sa tige boun oan in bipaelde tael, in casu it Frysk. De mienskip der't dy ethyske wearden foar ornearre binne is ek net ta Fryslân biheind, mar giet de wrâld oer, en seker West-Europa of sels it Atlantikum. Dêrom kin Schurer ek dichtsje yn in oare tael as it Frysk, mits er dy tael út de pinne ken en de mienskip der't er foar dichtet en hwaens tael er brûkt foar him aktueel genôch is. Sa koe er yn de bisettingstiid ien fan de bêste Nederlânske forsetsdichters wurde, en sa soe it ek nou in forstânnige died fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke wêze him de fortaling fan it psalm- en gesangboek mar yn hânnen to jaen. En dochs is dizze selde Fedde Schurer de fruchtberste en striidberste nasionale dichter dy't Fryslân ea hawn hat.
Hiel oars leit it by Obe Postma. Oars as by Schurer is dy syn taelgebrûk wol opfallend, mar dan net yn de virtuose, ta biwûndering twingende sin as by Tamminga, mar earder yn in negative sin. Syn dichttechnyk hat lang foar ûnhandich en knoffelich trochgien, en it hat lang duorre, ear't men ynseach dat dizze knoffeligens mar skyn is en folle mear opfette wurde moat as in stylmiddel, as in needsaeklik ingrediënt fan syn dichtershantwurk. Mar it is min to sizzen hoe't dit krekt sit. Syn hâlding foar de mienskip, de spraekmeitsjende gemeente oer, is hiel oars as by Schurer, mar men moat net miene dat dy mienskip der foar Postma net ta docht. Fansels dichtet ek hy fan en ta in mienskip, en sels tige bipaeld fan en ta syn eigen folk, mar ek like bipaeld wer net fan en ta syn tiidgenoaten. Postma hâldt mei bislistens en sukses distânsje fan de aktualiteit fan it folk as mienskip; far from the madding crowd is hy lykwols hyltydtroch mei de grounslaggen fan dy mannichte dwaende. As dichter is Postma yn it earste plak in finer, hwat hiel hwat oars is as in troubadour. As ienling stiet er foar in libbensriedling fan kosmyske allure en djipte, mar de universaliteit fan de kosmos brekt foar him troch yn de breklikens en ûnoansjenlikens fan in lyts, neatich en machtleas folk. Dizze paradox ûndersiket er hyltyd wer, en derby lizze foar him de praerogative ynstânsjes net yn kunstich opboude steaten, ripe kulturen en rykbloeijende biskavingen, mar yn it alderprimityfste oanbigjin, de earste útsprútsels fan it folksbistean, de oarspronklikste bisteansfoarm fan de minske, mar net fierder
| |
| |
yn de skiednis tobek of hja moatte as Fries en as Frysk kenber wêze. Sa wit er de terp en de himrik, it hiem en it hoarnleger, it kousket en it finsterbank tiidleaze wierheden ôf to lêzen, mar allinnich troch derby gebrûk to meitsjen fan like elemintaire taelfoarmen. Fansels is dit yn de deskriptyf-wittenskiplike sin net wier; de tael dy't Postma brûkt is net de tael fan de minsken dy't de terpen opsmieten, it is sels net iens de tael fan de minsken dy't foar hûndert of fyftich of hûndertfyftich jier noch krekt, as lêsten fan har slachte, allinne mar boer wêze koene. Dizze hiele visy is fiktyf, hwant sa wiene de minsken al lang net mear, hawwe hja sels nea west. It is in dichterlike útsnijing út de historyske en tsjintwurdige wurklikheit en krekt dizze útsnijing is mûglik makke en forsteanber wurden troch krekt dit taelgebrûk, dat yn syn sabeare knoffelichheit in ôfspegeling is, in analogy fan de wrâld dy't de dichter opropt. Postma syn wrâld en syn tael binne elk út folslein oare eleminten opboud, mar dochs rime hja op inoar. ‘Muss in Dichters Lande gehen, wer den Dichter will verstehen’, seit in bikend ferske, mar yn it gefal fan Postma leit it oarsom, of better, it is in simultaen proces: men moat de intenty's fan syn tael oanfiele om syn lân en syn wrâld sjen to learen; jins netflues moat gefoelich wurde foar de bylden fan syn ljochte ierde, en men sil ek de tonaliteit fan syn taelmuzyk forstean.
As wy nou, wapene mei dit ynsjoch yn it forbân tusken dichtstoffen en taelgebrûk by Schurer en Postma weromgean nei D.A. Tamminga, en ús ôffreegje, hoe't dy syn tael en styl gearhingje mei de bidoelingen fan syn dichterskip, dan komme wy yn eigenaerdige swierrichheden torjochte. Hwant it is net mûglik, de poëtyske motiven fan Tamminga op in selde manier ûnder wurden to bringen as dy fan Postma. Fansels is ek by de beide âldere dichters de boppe biskreaune typearring net wetterticht; de folheit fan it libben en fan de minske is to great om sûnder gewelt yn sokke skema's fongen to wurden. Mar by Tamminga is it net iens mûglik om in thematysk skema to jaen dat der ek mar yn de fierte op liket.
Neffens myn bitinken komt dit, omdat de tael yn de poëzij fan Tamminga net mear in tsjinjende funksje hat en middel, ynstrumint is ta de útdrukking fan eat, mar centrael stiet en primair is. Dat hwat dy poëzij útdrukke wol, is krekt de tael. Men soe mei in sekere oerdriuwing sizze kinne, dat dy virtuositeit yn it hantearjen fan de tael nou krekt it centrale poëtyske motyf fan Tamminga is. Krekt oft er dichter wurden is mei gjin oare bidoeling as om it biwiis to leverjen dat der mei dat Frysk as ynstrumint poëtyske prestaesjes mûglik binne, dat it oan de Fryske tael net lizze sil as it der op oankomt dat de Fryske minske poëzij skept. Sa koe in pear moannen forlyn in essayist út de jongerein wize op Tamminga as de greate taelbouwer, oan hwa't it to tankjen wie dat de jongere generaesjes, steande op syn skouders, nou it materiael hawwe, dat hja mar ta har kunstwollen tapasse kinne.
As men it sa stelt, biweart men hiel hwat, en seit men oan de oare kant net folle nijs. Gysbert Japicx, princeps et praeceptor Frisiae, jowt yn it foarwurd ta syn Rijmelarije as forûntskuldiging foar syn dichtsjen, dat er de skriuwberheit fan de Fryske tael dêr mei biwize woe. Dit is in dúdlik understatement; hy forswijt syn eigenlike poëtyske pretinsjes, dy't yn
| |
| |
wêzen noch wichtiger binne as syn nasionale, mar hy kin him dat wol permittearje, hwant de kunstwearde fan syn wurk sprekt wol foar himsels. Fan forskate lettere dichters yn it Frysk kin men dat net sizze; binammen neidat de Fryske Biweging it nasionale principe expressis verbis steld hie, mar der noch gjin oar fjild fan tapassing fan de skreaune tael ta kultuerlân oanmakke wie as de bellettry, binne der noch al hwat fersen skreaun en ferseboeken útjown mei greate literaire pretinsje en dubieuze literaire wearde, en it mei jin inkeld mar spite dat der doe noch gjin Fryske parse wie om de skriuwdriften to kanalisearjen ta journalistyk en gjin Fryske Akademy om se to sublimearjen ta wittenskip.
Yn in tiid dat dy demonstraesjes fan de skriuwberheit fan de Fryske tael net mear nedich is oan de iene kant, en de praktyk fan it gebrûk fan it Frysk in ryk forskaet fan út to kiezen mûglikheden oan to bieden hat oan de oare kant, komt Tamminga yn it fjild yn in posysje dy't hwat op Gysbert Japicx sines liket. Hy is fansels sa wiis wol en siz yn ús tiid net sa iepenlik as Gysbert Japicx yn syn tiid dat er de expressy-mûglikheden fan de Fryske tael hifkje, bisykje en biwize wol, hwant hy is sophisticated genôch om him it bikende forwyt fan it minderweardichheitskompleks net op de hals to heljen. Mar hy koe dochs ek bêst in oare provinsje fan de minsklike geast ta syn wurkfjild útkieze, b.g. preekje, politike redefieringen hâlde en leaders skriuwe, of brieven oan de boeren om mear aeiwyt út de kij en mear tsiis út de môlke to heljen. Mar al dy dingen docht Tamminga net, of net mear as to hea en to gêrs, hwant hy is by al dy dingen net wêzenlik interessearre. Dat komt omdat hy yn wêzen dichter is yn in noch primairder sin as dat niis foar dy beide oare dichters oantsjut is: der is sa'n sterke en djip yn it ûnbiwuste forankere bining oan de tael, dat hy syn persoanlikheit op in djipsten allinne mar mear ta utering bringe kin yn de forfolle sin fan it dichterskip. Syn persoanlikheit ta utering bringe docht elk kunstner, elk dichter al, oft er der nou by tinkt of net, ek de dichter dy't him yn tsjinst stelt fan Eat, mear noch de dichter dy't alles yn tsjinst stelt fan himsels, en dat is de dichter yn de moderne sin. Wy hawwe sjoen dat Postma bisiket it geheimskrift to ûntsiferjen, de ‘chiffre’ to lêzen; syn dichtsjen is de hermeneutyk fan de greate kosmos, lykas dy forskynt yn de ûnoansjenlikheit fan it Fryske lân en Fryske libben, en dêrmei ek yn in ûnoansjenlike tael. Postma stelt him yn tsjinst fan
dizze hermeneutyk fan de kosmos, yn tsjinst fan eat dat greater is as himsels, dat himsels transcendearret. Dizze tsjinst oan de hermeneutyk makket syn dichterskip religieus, al is it net kristlik, en hy hat dy Fryske tael, op syn eigenaerdige wize hantearre, nedich om syn hermeneutyske taek to folbringen; foar de rest biwarret er ta dy tael en alle rombom dy't der yn en der omhinne is in feilige distânsje. Schurer syn sosiale oandrift is yn syn oarsprong kristlik; hy kiest de Fryske tael as medium út om to ûntkommen oan ôfsliten rhetoryk, oan de preektoan, oan sûkerswiet moralistysk gejeuzel - yn it koart om yn libben forbân to bliuwen mei de natuer. Beide dichters, hoe't hja ek yn har thema's en boadskip nasionael binne, brûke de nasionale motiven as middel ta hwat oars, en binne sa yn har positive tawijing oan dy motiven, oan dy tael, bûten fortinking. By Gysbert Japicx is dit oars; al is syn motivearring fan
| |
| |
syn dichtsjen in understatement, der is dochs wol hwat fan wier dat it him der earst en meast om to rêdden is de Fryske tael to rehabilitearjen. Mar hy is in echte dichter; hy is lykwols ek in bern fan syn tiid, en hy is in reformatearre kristen út de tiid fan it âldprotestantisme; syn dichterlike persoanlikheit is dizze unike synthese fan reformatorysk leauwe yn de oergong fan renaissance nei barok, ta utering brocht yn in folslein nij medium, de Fryske tael. As hy dy tael rehabilitearje wol, moat er biwize dat hja har brûke lit yn tsjinst fan syn religieus kultueridéael, en sa bringt er dy tael fan jister en bûthús yn ien stap op it niveau fan de ecclesia triumphans, fan in apotheose op in dakforwulf, fan in kunstich oargelfront.
Ek Tamminga is in bern fan syn tiid, in tiid dy't lykas alle oare tiden in oergongstiid is, en dy't wy net sa maklik oantsjutte kinne mei in namme dy't him yn kontrast bringt mei de foargeande en de neikommende phase, lykas dat yn it gefal fan Gysbert Japicx koe mei renaissance en barok. Ommers wy kenne allinne de foargeande phase; de nei ús kommende kenne wy net, mar pas yn de nei ús kommende phase sil de essenty fan de foargeande phase in namme krije. Wy libje yn in oergongstiid, mar hwer't wy weikomme en hwer't wy hinne geane, dat sil earst in letter slachte útmeitsje. De kunstner, en dus ek de dichter, wit dit allikemin as wy dy't gjin kunstners en gjin dichters binne, mar hy is by útstek ien fan de figuren yn hwa't him dit oergongsproses ôfspilet; mei troch him bart dizze foroaring yn wrâld en tiid. Witte docht er it faeks noch minder biwust as de net-artistike biskôger, mar bilibje docht er it folle intenser, net as biskôger, mar as dielnimmer, mei syn hiele hûd. En sa sjogge wy dat Tamminga, ek al is er kristen, him net manifestearret as kristlik dichter, al binne der fansels yn syn poëzije motiven ûntliend oan de foarstellingswrâld en de weardearringswrâld fan it kristendom, hwant it weachstik fan it inerlik aventûr, dat it dichterskip en it kunstnerskip as pregnante útdrukkingsfoarmen fan de existenty fan de moderne minske yn ús tiid wurden is, stelt krekt it leauwe as objektivearbere oertsjûging yn de kiif. En alhoewol er in Frysk dichter is, en as sadanich in konstruktive nasionale funksje hat, ûntkleuret er dochs de Fryskens fan syn dichterskip safier, dat er alle nasionale opsetlikens der út weinommen hat, hwant datselde inerlike aventûr fordraecht likemin de forienfâldigjende, fortreastgjende, bifeiligjende bining oan in mienskip, ek al is dat de nasionale mienskip der't men jin yn jins libben as gewoan
minske en boarger biwust foar ynset, ek al is dat de mienskip fan dy minsken, dy't deselde tael prate der't men as dichter dy spesiale bining oan hat. Dêrom bliuwt der Tamminga oan poëtyske motiven net safolle oars mear oer as it neakene bistean sels, lykas it prinsipieel bleatleit foar in wrâld dy't gjin hâldfêst jowt, dy't gjin kosmos is mar chaos.
Dizze ynhâldleazens is nou ienris de ynhâld fan it moderne dichterskip en men sil my graech ûntstride wolle, tink ik, dat Tamminga sa'n dichter is. Ommers, hy is yn syn poëtyske utering net negatyf, sil men sizze, mar posityf, net verneinend, mar bejahend, net ôfbrekkend mar opbouwend, gjin poète maudit, mar in homme de bonne volonté. Dit is allegearre wier, mar dy skyn bidraecht ús; en dit komt omdat Tamminga as dichter net lyts genôch is om de need fan syn tiid ek yn de moade fan syn tiid ta
| |
| |
utering to bringen. Hy hat de klean fan de poète maudit en it jargon fan de desperado net nedich foar syn poëtyske expressy, omdat er de tendinzen fan ús tiid net bilibbet as meirinder mei in stream of as epigoon fan in inspirator, mar fan himsels út; omdat er nou ienris gjin minor poet is.
As men gjin minor poet is, en dochs in dichter, echt, wier in dichter, dan is men dus in great dichter? It soe in sophisme wêze as men der mei tofreden wie dizze konklúzje logysk út de redenearring ôf to lieden; foar sa'n fiergeand weardeoardiel moat men op syn minst de poëzij sels sprekke litte. Wy wolle lykwols earst ris neigean oft de boppeneamde neakenens en legens fan de kunstner foar de wrâld oer ek konsekwinsjes hat foar de dichter en syn tael.
Wy hawwe yn it bigjin al sjoen, dat Tamminga's hâlding foar de tael oer fan in útsûnderlike receptiviteit is. Hy is net inkeld de master fan de tael, mar ek fan de tael oermastere. Hy is de tsjinstfeint, dy't him willich en frijwillich oan de tael útleveret. Hy set de tael nei syn hân, mar makket himsels ek sa folslein mûglik tsjinstber oan de tael. De tael is syn medium, mar hy is ek har medium. De identifikaesje mei de tael giet by Tamminga sa fier en sa djip, dat oare motiven, dy't er der mei forbine kin, by him net ienris yn de bineaming komme. Dit giet safier, dat hy net twa fuotten hat om op to stean, lykas Schurer en Postma, by hwa beide der njonken de tael noch in libbensgebiet is dat as op syn minst lykweardige partner mei de tael togearre it dichterskip opbout en dat ek op syn minst de selde rjochten hat as de tael, en it giet ek fierder as by Gysbert Japicx, dy't lykas Tamminga ek mar ien foet hie om op to stean, mar derneist om oerein to bliuwen, noch hwa stokken brûkte, syn renaissancistysk kunstidéael en syn kristlik leauwe, dy't yn dy tiid seker mei har beiden noch sterker wiene as ien foet. Yn ús tiid kin men jin mei sokke stokken net mear oerein hâlde, dat is yn ús tiid toar hout wurden. Yn de experimintéle moadepoëzij sjocht men it bisykjen èn it échec. Tamminga hat gjin oar medium mear, dat him helpe kin om syn selsstânnigens foar de tael oer to biwarjen; hy hat him oan de tael oerjown mei it gefaer der yn op to gean, mei as risiko it forlies fan syn persoanlikheit. Men mei dus sizze, dat Tamminga oan de Fryske tael wol in bûtenwenstich great offer bringt, mar men moat net tinke, dat dit nou ek fuort in swakke persoanlikheit ta gefolch hat. Dit surrender oan de tael iepenet nou krekt de mûglikheit fan selsexpressy en fan selsbifestiging, en ek de ûntsluting fan in existensiéle problematyk dy't troch syn
útdrukkingsmiddel en syn tinkmachinery boun is oan in tige bipaelde histoaryske en tuskenminsklike situaesje en oan in tige bipaelde geastlike horizon. De identifikaesje mei de tael kin sa op deselde, of leaver op noch intimer wize it literaire stylmiddel wurde dat de dichterlike produksje mûglik makket as de sabeare knoffeligens fan it fers by Postma en de rhetoryske waermte fan it mienskipsbilibjen by Schurer.
By Tamminga hat it lykwols noch fierdergeande konsekwinsjes. De forleagening fan syn sels giet by him safier, dat er sûnder fierdere selsforleagening oan oare dichters ûntliene kin, him mei oare dichters, dichters dy't oan himsels ebenbürtig binne, identifisearje kin. Sa't Tamminga balladen dichte hat, dat kin men gjin neifolging fan Werumeus Buning mear
| |
| |
neame, omdat er it yn biskate opsichten trefliker docht as syn foarbyld, en wol krekt yn de strakkens, slettenens, ûnforbidlikens fan syn taelbihandeling. Tamminga kin him in tige yngripende identifikaesje mei in troch him biwûndere dichter permittearje, omdat dizze identifikaesje dochs mar in foarbygeande oefeningsperioade is, dy't syn eigen wêzen yn wierheit net oantaest. Hy krûpt wol yn de hûd fan Buning, mar bliuwt dochs altyd Tamminga, ek yn de Buning-hûd. As er wol, komt er dochs wol wer op syn eigen fuotten tolânne. By in dichter as Nijhoff is de yndruk fan biynfloeding minder sterk, faeks wol omdat de wêzenlike congenialiteit greater is, en der dus minder de niging hoecht to bistean de bipaelde manier nei to folgjen en oan to eigenjen. En Roland Holst, oan hwa't er him faeks noch wol it meast bisibbe fielt, folget er nei uterlik en foarm alhiel net nei. De hermeneutyk fan lân en tiid efter de kimen en foarby de wegen hat min ofte mear deselde toan en deselde sonoriteit as Tamminga's hermeneutyk fan de tael.
In ienskonks dichter as Tamminga kin net op syn oare skonk stean gean om syn selsstânnichheit foar syn dichterskip, foar syn wurk oer, to biwarjen. Dochs is ek hy mar in minske, en neat minskliks is him frjemd. Dêrby libbet er as gewoan minske ûnder gewoane minsken, minsken dy't him dei sizze, dy't mei him ite, mei him prate, mei him tsiere, minsken dy't him lekje en dy't him bytiden ek priizgje wolle. Dit binne allegearre mominten dy't de dichter helpe kinne om foar de greate, de ûnminsklike opjefte fan syn dichterskip wei to winen, de opjefte om de neakenens fan it libben foar himsels oer to bilibjen en to forantwurdzjen en stal to jaen yn syn kunst. Men soe jin sa foarstelle kinne, dat er nayf-wei bigoun is as skriuwer fan Fryske fersen omdat er it talint derta yn him fielde - it wiere talint wit yn it foar wol hwer't er ta roppen en hwer't er ta by machte is - en omdat er him forplichte fielde de Fryske tael dermei to earjen, en dat er stadichwei, of faeks ek wol ynienen, de skriklike ûntdekking dien hat dat er in echte dichter is.
Hwat is in dichter? Kierkegaard jowt it andert: ‘in ûngelokkich minske, dy't djippe kwalen yn syn hert forburgen hâldt, hwaens lippen lykwols sa foarme binne, dat hja de smertlike suchten en gjalpen fan syn hert ta moaije muzyk omfoarmje.’ Dizze definysje mei ús faeks hwat to pathetysk, to sentiminteel, to romantysk, to njoggentjinde-ieusk wêze, hja jowt dochs treflik de need oan fan it dichterskip yn de tweintichste ieu. Ik kin my foarstelle, dat Tamminga, om oan dizze skriklike eask fan syn dichterskip, fan syn sels, to ûntkommen, graech ris in skoftke Buning of in skoftke Nijhoff wêze wol. Mar it helpt mar koart en it helpt net echt; men wint der op dy wize inkeld in pear minsklike dimensy's of registers by, dy't yn wêzen neat oars binne as nije, net earder explorearre dimensy's fan dat eigenste sels der't men sa graech foar wei rinne woe. Hwat as flecht bidoeld wie, wurket as katalysator, men sjocht jin letter mear as ea weromforwiisd nei de ôfgroun yn jinsels.
Yn de problematyk fan it sels leit ek de problematyk fan de oar. Tamminga hat, as nimmen foar him yn de Fryske poëzij, de lânskippen fan de leafde forkend, en net allinne de smûke, sêfte dellingen, mar ek de skerpe, stiennige breukflakken. As ik Tamminga de sterkste erotyske dichter fan
| |
| |
de Fryske literatuer neam dan bidoel ik dêrmei net dat er de meinimmendste leafdelieten skreaun hat, mar dat er it moedichst de existensiéle krisis-situaesje ûnder wurden brocht hat dy't leit yn it wêzen-foar-in-oar, yn it wêzen mei en troch de iene oare. Hy is dêrby, en it moat tajown wurde, mar yn inkelde fersen, gien ta dy djipten fan selsûnthulling, der't it inerlik it Neat is. Hy soe wol graech, krekt as elk oar minske, it neiste foar himsels hâlde wolle, mar dat kin er net rêdde, syn dichterskip twingt him ta it oerjaen fan de lêste reserve. De iennichste reserve dy't der foar in dichter dan noch oerbliuwt, mear as de bisletten útjefte dy't net foar de handel is, is in esoterysk taelgebrûk, in sekere fortsjustering en forswierring fan de útdrukking. By it dichterskip fan Tamminga past gjin deistige tael, mar in aristokratyske wurdkar, gjin folksaerdige dreun mar in esoteryske toan, gjin idiomatyske pasmunt lykas it folk dy mei sprekwurd-eftige stereotypy to pas bringt, mar it ûntbinen fan it idioom yn faktoaren, it omdraeijen en binnenst bûten tearen fan de wurden, sadat oarspronklike en forburgen bitsjuttingen wer fielber wurde. Men kin fan sa'n dichter ek net easkje dat er mar bondel nei bondel publisearret, ja men moat eigenlik foar him as persoan hoopje dat er it spylark fierder mar oan de wylgen hinget, al hopet men fansels foar de Fryske poëzij dat er trochgean sil mei de neilen yn syn eigen fleis to setten.
Dit klinkt allegearre hwat navrant, en dat komt trochdat de poëzij fan Tamminga de yndruk makket op in nulpunt oanlânne to wêzen. Hy hat in ûntwikkelingsgong trochmakke, dy't men ek yn in chronologyske rige wol folgje kin, en hweryn er nochal frij gau, en seker frij jong, útkommen is by dy strofe-foarm en dy fers-soart der't er it meast wêzenlik himsels is, de foarm fan it min ofte mear frije fers yn de Nije Gedichten. Yn dy ûntwikkelingsgong hat er biwiisd hwat der to biwizen wie, loslitten hwat der los to litten wie, útsprutsen hwat der út to sprekken wie, oan de grins fan it ûnútsprekbere ta. Oan dy grins stiet Tamminga; sil er der oer hinne gean? Foar himsels is it net to hoopjen, foar de Fryske literatuer al. It leit net op ús wei om him oan to puonnen, to warskôgjen of wegen to wizen. Meiskien is der ûnder de oerflakte fan syn swijsumheit in werberte yn tarieding: hy is noch tige jong.
|
|