De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 173] [p. 173] Sjoerd Spanninga: It opiumskip Hoe faek ha wy net by ien lein en kuozjend har ús leafde sein mar socht hja yn ús wurden treast sa wist men dy in stil forgift en wylst omearmen wy in oaren of tocht men amper oan de frou dy't wol ús liif hie en ús lust mar net it hert en syn bikoaren dat alles yn jin ljochter makket en wer it libben wearde jowt hwant elk mins hat syn eigen drift en ider hat syn eigen dream hwer't men jinsels oan tabitrout meidriuwend op syn tij en stream oant men it ivich rhythme riedt dat útwiist boppe bloed en tiid as d'ierde nei de himel smakket de siel is spylfaem fan de geast: dan wurdt it lân wer dizichblau de sé in wjokslach oan de kust. De brekker en de bouwer De brekker en de bouwer binne beide yn my oan it wurk en hwat in rommel komt jin nou to mjitte ik ha nea witten dat ik sá fol stof en smoargens siet in kleur fan liem en jiske hawwe hjir geslachten wenne en har jeugd forgrize hja wiene buorren fan de moddersleat it waerd wól saek en helje alles del oan op 'e groun de muorren fan libbene stiennen om wer fan nijs oan to bigjinnen - sa'n rottekleaster hat noch inkeld wearde foar de braek. [pagina 174] [p. 174] It hillige lan De goede dagen dat de heilân noch op ierde wanle mei de apostels en hwat goare swabbers om him hinne hwant soart dat siket soart en wy ha ús forskjinne mar yn dy âlde tiden seach men net sa krekt en hanle soms hwat de seden oanbilanget amper as in kristen skreauwen de kranten fan jeruzalim yn har kolommen: - Sjoch nim in foarbyld oan de blinen dôven en de stommen sûplappen rinkelroaijers huorrefolk en onanisten dy't de profeet ta heldersjenden makke oer ús lot; forspuid fan beurs en tsjerke bliuwe hja itselde naesje sok slach drukt earst de wet en dan de minsken plat! - En ûnder fette koppen tûk op jild en hwat sensaesje woun men by hûnderten syn abonné's en slikke har it gat de bêste bok wie foar de farizees nei dy prestaesje. Safari Swartbrûns afrika slacht yn myn hert de lêste oarlochstromme en sjongt myn bloed it âlde ritme fan de negerpaden - noch krûpt der folle yn ús dat in hege gong ha moast en toait de haet him mei de hoarnen en de hûden fan in duvelsmasker hwant wrede hurde wet ha spear en skyld de kriichsdouns en it striidynstinkt ús fan elkoar forfrjemde mar de weardije fan it eigen wêzen [pagina 175] [p. 175] rint ál klearder op ús oan wy libje hjir de ljochten en de lûden de kleuren en de klanken fan it kommende de frije minske dy't gjin hearsker en gjin slaef mear is mar stil en sterk en goed - de flamjende woastinen flym'rjend weistoud fan de sinne wurdt strak it leed dat men ús die forkrûmele ta simpel sân de hichten brânne toarstich nei it heil dat har de palmen aenst forbliidzje oer de bloei grienspringende fonteinen koele waeijeringen iepensproeijend by de wellen - en broeije der soms tiden dampich om ús evener dat hja in skynsel gloeije oer de dieren en de driften as in deadelampe of slûpe de rivieren hast op slangefuotten troch de bosken en de reiden fol geheime driging ek ha wy donkerrikjend en wytstreamend hwer't har rûzing om 'e rotsen hinget it geweltich reinen fan de wetterfallen dat de skepping der fan skittert - wylst hellet jin de steppe sont it sike út 'e geast sa fonkelt it fan sounens yn 'e loft men wurdt in beam dy't wûnderlik yn reade blossem sjit - en is in krûdich bêd fan rintfear wer ús sliepsté yn de drakebergen dan floeije dêr de roken fan saffraen it gielhout en de flear oer kostelike delten út hja hawwe noch de argeleaze tover fan in nije ierde... wy binne sels de jager en it wyld grotskilderingen yn de siel pûrneaken greatbrocht by de gouden fjûren fan it fjild. Vorige Volgende