De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 170]
| |
IVIt folk yn diel en bydracht oan it wurd, it folk yn frijheit fan 'e slavernij fan totalitaire en autonome idéologyen, it folk frij ta ienheit en ien yn frijheit, mar kin dit meiinoar bistean en gean? En sa al, hoe en ynhoefier? Yn 'e lêste trije haedstikken fan dit boek seit Piebenga dêr sines fan en hy makket it himsels net maklik. Hy bisiket der ommers fan to sizzen hwat er net fan himsels, mar fan bûten en boppen hat, by iepenbiering fan Jezus Kristus yn Skrift en troch leauwe. It to sjen by en ûnder it krús, net dat fan alle minsken, mar fan 'e minske, Jezus Kristus, de iennichstberne Soan fan 'e libbene God, it to stellen ûnder dat heechst biskiedend aspekt, dêr weaget er him oan. Of is soks altomets gjin weach, nou't it oer Fryslân giet? Gjin minske is it ea slagge, yn hokker stellingen en foarmen ek, út it probleem fan it kristlik folk, de kristlike naty, de kristlike steat to kommen, sà, dat beide: God en de keizer - de lânsfoarst, de frije boer en húsman - har gerjochtichheit krigen. Piebenga giet yn syn skôging dan ek forsichtich to wurk. Krekt by it krús fan Him, dy't sûnder krús net opstean koe, wit er nederich fan 'e tobrutsenheit fan it minsklik bistean yn dizze bidieling. Hy wit fan it hiem, it biskikte, yn syn biheining, bislettenheit en biwar ta in seine. Tagelyk hat hy der ek each foar, dat it net allegearre, sels yn Fryslân net, hiem wêze kin en stelt it rjocht fan 'e avonturier en swalker. Hwant it is him, út natûr en histoarje, mar by einsluten út 'e Skrift, net ûnbikend, dat bislettenheit opsluting wurde kin, biheining tichthús yn jinsels, biwar ynwindige ôfstjerte God en de neiste, en dat de kimen oer noch sokke wide fjilden tsjuster tichtlûke kinne. It hiem ûntkomt net fan 'e forlieding, dat syn hússittende boer sûnder God wurdt. It sij dan, dat it syn sede net yn himsels siket noch syn eigen gerjochtichheit bout. Hûs, hiem, honk, hoarnleger, hja meije noch sa hecht yn 'e ierde sitte, frijheit, rjocht en ienheit hawwe hja earst yn hope, yn hope út it tydlike op it ivige, út it ûnfolsleine op it folsleine, út it kwea op it goed by de Heare, út it sté fan sûnders op Gods suver keninkryk, út 'e ierdske tabernakel, dy't forbrutsen wurdt, op it ivich hûs yn 'e himelen. Dat is in helder tsjûgenis, al hiene minder wurden derta ek gjin kwea meijen. Mar dan set de skriuwer, yn skôging en yn histoarysk oersjoch, fuort mei faesje ta op 'e populaire tsjinstelling langer fan eigenkristlike organisaesje al of net. Ynsafier mei rjocht, dat dat, yn Fryslân sawol as yn Nederlân net to min, in brânnende en sels bilangrike kwestje is. En Piebenga's warskôgingen foar al to maklike forsaekliking fan 'e geastlike | |
[pagina 171]
| |
antithese yn foarmen fan organisatoaryske en foar de gefaren fan ôfsûndering, folksbreuk, geastlike heechmoed en ûntgeastliking fan Wurd, tsjerke en leauwe hat net allinnich elke Fries, mar binammen alle kristenminske him sûnder mis nei to nimmen. Syn krityske bydrage ta de diskúsje oer dit stik hat rjocht op earnstige neigong. Hja easket dy, foaral nou't somliken de eigenkristlike organisaesje hoe langer hoe systematysker driuwe, sûnder dêrby dat makket yn to gean op 'e fraech fan mjitte en grins. En ek nou't de fordieldheit ûnder de minsken oeral to wrâld hoe langer hoe greater wurdt. Ja, dy fordieldheit, dy't sa ier bigjint en sa djip weikomt en sa op 'en deunsten neiby eigen is en dêr't dizze omgonger en trochtsjogger ryklik koarternôch by stilstiet. Earder bigjint hja as mei de spjalt yn 'e tsjerke en it forfal fan it corpus christianum; djipper del komt hja wei as út in histoaryske ûntwikkeling, hoe'n lange ieuwen ek; hertseigener is hja as yn en troch organisaesje. De minske sels is elk foar oar yn himsels fordield. Net allinnich hwa of hwat oars, mar ek itselde en deselden hatet er en hat er tragysk leaf. Hy bistiet by de leafde fan 'e haet en de haet fan 'e leafde. Nearne djipper del as yn him stiet er tsjin himsels. Yn dy twaheit is er ienlik, en noch sa ienlik ienris net as er sûnder har, as er ienresom wêze soe. Sa skriklik neiby sit syn streel en skieding, en hwer, hoe fier ek, soe der gjin yngrevene, ynfrettende fordieling fan útgean? Yn it hûs net? Yn it hûs krekt. Like ynlik as de minske dêr diel en bân hawwe mei, like ûnwennich, forlitten en frjemd kin hy der wêze, himsels en de oaren, de neisten en God. It hûs, lyts lok kin der great wenje en alle lok, great of lyts, der ta doarren en finsters en skoarstiennen út wêze, it iene tagelyk mei it oare; minlike en minnende balling kin de minske der wêze. En oan dy ballingskip ûntkomme wy net, noch yn ússels noch yn it hús noch yn it folk noch yn foriening, it sij fan eigen it sij fan allegearre. Sûnt wy oerhearrich fan God, ús Skepper en Heilân, flechte binne, binne wy swalkers en kinne noch ússels noch ús neisten mear fine. Meije har ek net fine, oars as yn weromgong ta God en hope op syn ryk. Hwant nearne mei de minske hjir in fêst sté hawwe, yn himsels likemin as yn syn hús, syn folk en hwatfoar foriening ek. Dêrom kin it antwurd op 'e fraech fan kristlike organisaesje al of net allinne tydlik en to'n earsten wêze. Hwa't de kar dêroerhinne driuwt, nei hokker kant dan ek, makket har idel. Har bilangrykheit hat hja yn har bitrekking op en ûnderskikking oan 'e fijanskip, troch God, de Heare, ta in antwurd op 'e minskene oerhearrichheit en forlitting steld. Sûnt kinne wy, ta ús ivichheit, hjir gjin bliuwende stêd hawwe, mar is it kommen en kommende ryk fan Jezus Kristus dwaende, ús fêstichheden to ûnderwrotten. Hwat mear romte dat ryk ta syn komst en foltôging hawwe moat, hwat losser ús stéën komme to stean en hwat minder omgong en trochtocht wy minsken ta ús foldwaen oerhâlde meije, op it sté mei syn gerjochtichheit sawol as op 'e swalk fanwegen ûnwennichheit en flecht foar barmhertichheit. Sels is it net ienris bitroud en gean dêrom tofoaren op 'e Godlike útkarring, yn sok in foech as soe dat kinne sûnder frees en soene de útkar- | |
[pagina 172]
| |
den har automatysk bisitte. Hwer hawwe de profeten fan it âlde forboun en Johannes de Doper en Kristus sels it útkarde folk ynmoediger foar warskôge? en net minder docht Gods Wurd dat de tsjerke en dy't fan 'e tsjerke binne. Nea binne wy faeijer om, ús fêstsettend op ús sté, Him ôf to wizen, dy't yn syn ierdske omgong en trochtocht gjin sté hawwe mocht en allinne mar gast by ús wêze wol. Nea is it ús neijer, yn Fryslân net to min, Him en syn ryk, dat fan 'e frijheit, de gerjochtichheit en de wierheit yn ivige hearlikheit, tsjin to hâlden, hwannear't wy de útkarring net kenne wolle as jefte fan God út frije genede, dy't gjin tofoaren gean fan ús kant talit.
UT.
Forbettering. Yn it foarige stik (III, maeijenûmer) moat op bls. 156, rigel 13 fan boppen,....net kleardernôch woe it him de earste jierren dei wurde.... wêze:....net kleardernôch woe it him de earste jier en dei wurde.... |
|