De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 169] [p. 169] Inne de Jong: In moardner komt thus ‘Hjoed silstû mei my yn it paradys wêze’ Dy wurden dwêste need en pine, meitsje 'm foar ivich frij fan syn forline en skiedend komt oer him it fisioen fan in nij, ûnwitten strieljend lân, dêr't alle dingen oars en iepen binne, hy sjocht gjin stjerren, moanne of sinne, mar waermer as in ierdske maeijebrân is elke kym fan ljocht oerbloeid, stiet elk ding stil - en wyttrochgloeid oant op 'e grins fan syn geheim en nije namme, elk ding hat hjir syn eigen flamme en syn oarspronkelik forhael bûten it medium fan de tael. Him heuge út syn âld melaetsk bistean allinne trije krusen en in wurd dat him út skuld en doem, út de binearing fan it donkre bloed weitilde en as in bern yn memme' earmen feilich de ûnbikende nacht yn droech. Hoe lang is 't lyn, in amerij, in dei, in ieu, in ivichheit? Hy wit it net en telt it net, hwant tûzen jierren wurde wei yn de forjeffenis fan ien dei. In hân wurdt fearlicht op syn skouder lein: de Master sjocht him oan en swijend geane hja togearre op reis troch koele, kleare moarn, in paed by blinkend wetter lâns, in ljochte kling tomjitte, dêr't fan de oare kant in sjongen, in gejubel oanrûst, in Soli Deo Gloria, it nije liet fan 't Laem, dat al wrâlds sûnden op him naem. Sfearen en eleminten sjonge mei de halleluja's fan Gods dei, dêr't er yn opgiet mear en mear ûnder de eagen fan syn Hear. Vorige Volgende