De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 166]
| |
Anne Wadman:
| |
[pagina 167]
| |
En sa gyng dat mar troch. Marijke harke nei syn oangenaem lûd, mar hja koe de ûnrêst om Jel net kwytwurde. By de haven waerd neifraech dien. Mar de âlde fiskers of skippers, hwat it dan mar foar folk is dat dêr de hiele dei stadich omskaeit, flybket, yn it waer sjocht en de problemen fan fiskerij en frjemdfolk wiidweidich bipraet, hiene net in jongfaem sjoen dy't nei de oare wâl woe. Der wie gjin boat útfearn, ek gjin fisker of sleper, de rêddingboat ek net. Hja skodhollen, né, útsletten dat in jongfaem mei de lilke kop fan it eilân ôfslagge wie of it moast swimmendeweis wêze. En hja forfetten gnyskjend en prûmkjend har ieuwenâld oerlangsum eilânpraet. Doe nei it polysjeburo, dêr't ien nei lear rûkend man efter in thermosflesse mei kofje siet to slûgjen. Neat bikend, mar der roun hjir sa folle fammensfolk om, dêr wie mei sa krap personiel gjin each op to hâlden. Mar hy woe dêrom de posten op it eilân wol efkes bylâns skilje, en de hynstepatroelje warskôgje as dy strak weromkamen. Idioat en biskamsum, dit aventûr, tocht Marijke doe't hja yn it keale lokaeltsje op it wiidweidich skiljen wachten. Aenst sit hja prinshearlik yn Sésang en noch greatsk dat wy sa'n muoite foar har dien hawwe. Mar Mr. Haringsma skamme him net, hy wie earder energyk en laden, lykas it sokke wichtige persoanen past. Hy wie folslein yn syn speurdersrol, miskien tocht er oan Simenon. Hy prissentearre har en de polysjeman in sigaret. Mar it drukken op gâns knoppen, it draeijen oan gâns krukjes en it hallo-roppen yn gâns hoarnen levere neat op: gjin inkelde post hie in melding binnenkrige. En doe mei faesje dwers it eilân oer yn 'e langte en nei de fierste eastein, dêr't hja net fierder koene, dêr wie de wrâld wyldens en woastens, en hie sykjen net it minste doel. Dat wie, sei Mr. Haringsma, mear terrein foar polysjehounen, as der tominsten moarn noch gjin Jel to sjen wie. Mr. Haringsma noaske dit aventûr wol, hy siet oer it stjûr bûgd as in soldaet efter syn mitrailleur, syn dûnkere eagen gyngen skerp en fel sneupend alle kanten oer. Sa nou en dan skeaneage er efkes nei dy faem neist him, dy't er wol lije mocht en dy't de muoite fan in aventûrke wol wurdich like yn har wide swarte trui en mei it goedfoarme kûtwurk dat er yn 'e nauwe, heal-lange broek goed taksearje koe. Hy roek wyld, mar hy bleau hear, lykas altyd, en Marijke wie noch to fol fan it Jel-probleem om syn jachtynstinkten ûnder de glêdde konfersaesje to bispeuren, wurch wie hja ek fan al dat gedoch en fan dizze hiele dei. Jitris jagen hja werom, in pear sydwegen yn, ûnderweis by Sésang oan, dêr't Wyts Feenstra lyts en roungear har forlernwêzen útwierre. Letter kamen hja Minke en Gerben tsjin op 'e fyts, yn 'e oanwinnende skimer. It bigoun to reinen, miggelich en tryst, leadene loften skouden oan út it suden wei en der wie net folle folk mear op 'en paed, meast noch jongfolk op greate knetterjende brommirakels. En dat jage mar oan, Marijke siet suver yn noed mei dy hurdridende lange man neist har, dy't, dat murk hja ynienen, mear skeaneage as nedich en foar de rjochte koerts goed wie, en nou en dan ek noch ticht nei har taskoude, as er in loftse bocht naem. Der wie hwat slangeftichs oan him, dat hja net fortroude en dat hja dochs ek wol wer lije mocht. Dizze man, dat wist hja, wie net de earste de bêste, dy hie polityk ek wol it ien en 't oar yn 'e akte. Hy hie | |
[pagina 168]
| |
charme en hy wie knap, der wie sûnder mis hwat opwinends yn syn oanwêzichheit, en der wie hwat aerdichs en minskliks yn 'e wize hwerop er him en syn benzine opoffere foar in saek dy't him alhiel net oangyng. Mar de ûnrêst woun it dochs yn har, dat hja wie bliid doe't er nei de tredde reis oer it eilân, bisleat om it mar oer to jaen en wer nei hûs ta. Faeks hiene de oaren sukses hawn. En dat hiene hja. Oeds Polstra, dy't earst in reis nei it strân makke en dêr de twa patroeljearjende polysjemannen op hynders yn steat fan warberheit brocht hie, kearde yn 'e skimerjoun werom oer it dúnpaedtsje rjocht op Sésang ôf. En dêr foun er Jel, wylst hja dreamerich siet to stoarjen op it plak dêr't ienris yn better dagen de tinte fan Gerben de Haen stien hie, gjin trije minuten fan Sésang ôf. Hy troaide har mei nei hûs, hja woe earst gjin stom wurd sizze, hja wie stienkâld wurden yn har tin bloeske en koart broekje. Mar fan Oeds syn goedmannich praten gyng dochs sa'n krêft út en hy karke har fyts sa noedzjend troch it wietwurdende sân fan 'e dúnskeante, dat Jel glimke troch har triennen hinne doe't hja thúskamen. De forlerne dochter foege har wer yn it ramt fan it Sésang-gesin. Der waerd gjin bokje slachte, mar wol in mokkataert dy't de foarrige jouns syn gerak net krige hie. Mr. Haringsma, man fan it wurd, hâldde in foech taspraekje, dat net alhiel op 'e situaesje sloech, mar dat der dochs like goed ynfoel as taert, kofje en cola. Gerben de Haen siet hwat yn in hoekje, hy fielde him skuldich oan drama nûmer twa. Boppedat wied er gjin held nûmer ien mear, op syn heechsten nûmer trije. It waerd nammers syn lêste nacht yn Sésang, en dêr wie it net minder om, ornearre held nûmer ien (of twa?), Oeds Polstra, doe't er mei syn freon de advokaet, held nûmer twa (of ien?) yn 'e snoekebek doek foar de lêste pearhûndert meter nei Duinlust. Mr. Haringsma koe net oars as fan herten meistimme. |
|