De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 161] [p. 161] [Nummer 6] Durk van der Ploeg: Dit is de stilte fan de wrald Dit is de stilte fan de wrâld hwêryn elke dei ûndergiet yn ierde en jiske. Hjir wennet de stilte yn woastynske wiidten dêr't de sinne skriuwt yn it sân krytwite streken tusken fûgels en stien. De beammen steane yn in longe ljocht, weauwend tsjin de seame fan de wrâld: ta teken fan libben. Froulju sliepe oan de boarne njonken har ierden krûk. De wyn waeit har hier oer de ierde. Hja geane oerein as de middei slûget as in âlde man en dûnkere skaden evoluearjend slagge om it hûs fan de deade. [pagina 162] [p. 162] Gehucht Hjir lizze de huzen as stille dieren oan it wetter amjend yn it ljocht. De minsken, dieren en beammen binne út neat ûntstien, mar hawwe in bigjin makke it neamen wurdich. Yn dizze mienskip mei poreuze frommens, hwêr nammen en neamen ien binne forgielet de tiid as perkamint. [pagina 163] [p. 163] It hege hiem Under de sinne it hiem en it hûs. Oer de ierde groeije leaden de skaden. Wyt bloeije de forwoechsen beammen tsjin in wyld hiem. Hus fan myn jeugd Under de beammen bûcht âld it hûs tsjin de nawle fan de ierde. Slacht it grien oer de blinen frisselt de klimmer de goatte. Is der earne in fûgel to finen dy't him skerpet oan de skuorre? Der is nin hynder nin helter. [pagina 164] [p. 164] Amulet Dea de fûgels falle de fearren blau de nachten slypje de wynhoannen de skuorren de fûgels hawwe gjin hûs ûnder de moanne. Heech de wolken leech de rein bringe de doarren de deaden út. Opwoechsen ûnder it skean fan de sinne geane traech de nachten forby en der is dêryn gjin wjukslach gjin fuotleast slacht om oer de hiemen. [pagina 165] [p. 165] Findel yn fjur en wyn Lead de ierde fûgels de wyn de man in fane op 'e hichten. Gean troch de doarpen faezjende flokken drage de beammen bilen en findels. Is de sinne brea de moanne in dea ear leech oer de lannen. Fjûr en wyn stiftsje de ierde yn dea en forfal. Vorige Volgende