Iepenlofttoaniel
De ‘sprieding’ (?) fan iepenlofttheaters yn Fryslân - foar it neist noch net alhiel folslein - jowt yn elk gefal nije kânsen oan skriuwers dy't op dit mêd hwat kinne of wolle. Sa hat Piter Terpstra opdracht krige ta it skriuwen fan in toanielstik foar it iepenlofttoaniel (notaristún) to Jorwert; yn Sondel sil dit jier in nij, histoarysk stik fan Barend van der Veen spile wurde. De nijste oanwinst, Burgum, komt ûnder regy fan de skriuwer mei Mynhear de presidint fan Jef van der Heijden (forline winter troch studinten yn Wageningen opfierd); it stik is oerset troch Johannes Spyksma. It ‘âldste’ iepenlofttheater, dat fan Beetstersweach, bringt op 18 juny de première fan Dürrenmatts fragmintaryske komeedzje In ingel yn Babylon.