de ploech it tempo, dat in Spaensk toanielstik foreasket, lang net beetbliuwe koe. Wy hawwe to min forstân fan Spaensk toaniel om fêststelle to kinnen oft de Spanjaerds op de planken likefolle fjûr, faesje en temperamint opbringe as by it bollefjochtsjen, mar de oersetter hat de kranteskriuwers yn it foar yn it ûngelyk steld en it ús tige maklik makke troch it hiele drama foar it Fryske publyk - en de Fryske spilers, fansels - yn de Fryske sfear to bringen. De Spaenske persoanen krigen Fryske nammen, har tael waerd oanpast oan it formidden fan Fryske boargerlju dy't op in flat wenje en it yn Fryslân net sa faek foarkommende feit dat jin in diner thús bisoarge wurdt, waerd ús suver eigen doe't wy de kelners Snitsers praten hearden.
De bile leit ûnder de beam kaem ek net út de Noarske ferve. It dékor hie oars genôch fan Anton Pieck syn yllustraesjes yn de Gulbranssen- en oare trilogyen, mar de persoanen wiene Friezen fan fleis en bloed - op himsels oars in ding, dat jin goed docht as men wit, dat it bûten-Friezen binne, dy't dêr op de planken steane. It Noarske stik hie tsjin, dat it in ein forfeelsumer wie as it Spaenske, dat in tige origineel motyf hie.
Fan Ingelske detektivestikken wurdt hjir noch wolris hwat makke; soks liket ús dochs op de iene of oare manier to lizzen. Fan 't winter is Jo prate mei jou moardner in kearmannich mei sukses spile.
Mar fierder moatte wy dochs wol ta de konklúzje komme, dat hûndert jier nei Mâl út, mâl thús de Fryske toanielkunst him noch net sà ûntjown hat, dat wy der great forlet fan hawwe om ús krêften to hifkjen oan Noarske of Spaenske stikken. Sa lang as it Nederlânske biropstoaniel, dat tolf kear jiers mei almeast oersette stikken yn Ljouwert komt, sa'n bidroefd bytsje bilangstelling fan Fryske toanielspilers hat, hoege wy it dy kant ek net al to folle út to bisykjen.
Dat soe net sa slim wêze as it oersetten fan stikken yn it Frysk net in oare reden hie: der binne mar sa'n bytsje spylbere oarspronklike Fryske stikken. Op de slútjoun fan it Toanielboun die bliken dat it stik De greate dei fan Rienk Post fan Hein Groeneveld troch de ploegen, dy't oan de toanielkriich meidiene, it faekst keazen wie. Dit forhael fan in postman, dy't tinkt dat er in slompe jild woun hat en letter heart, dat it in forsin wie, is geastich genôch foar in fleurige joun, mar it soe ek gjinien toaniel-skiedskriuwer fornuvere hawwe as Tsjibbe Gearts destiids dit motyf keazen hie foar ien fan syn stikken. De oare doar fan Lammert Popma, dat troch De Jounpraters spile wurdt, is ek noch mar healwei de forroune ieu kommen. Meint Visser, in skriuwer fan blijspullen mei gâns fantasij en in minimum oan logika, hat mei syn detektivestik It skot sjen litten dat er hwat oandoar, mar it ûntbrekt him noch to folle oan routine en kennis fan toanieltechnyk om him neame to kinnen by de skriuwers dy't wier hwat bitsjutting foar it Fryske toaniel hawwe kinne.
Yn de ôfdieling ‘earnst’ hat Karst Woudstra noch in stik Léa levere, in net al to djip gravend probleemstik, mei fierstofolle motiven troch elkoar hinne.
Wy soene, nei dy opsomming, mismoedich sizze kinne, dat it Frysk toaniel nei hûndert jier wol op in djiptepunt bidarre is. Wylst de kulturéle rieden en toanielkommisjes yn tal tanimme en de iepenlofttheaters langer op elk doarp, dat himsels respektearret, boud wurde moatte, hat it Frysk toaniel forlet fan spylbere stikken en fan spilers, dy't by steat binne om oersette stikken to bringen. Nei Tsjibbe Gearts binne wy woechsen yn tal en ús pretinsjes binne greater wurden. Dochs hawwe wy noch party ploegen, dy't spylje kinne sûnder regisseur, tsientallen spilers, dy't gjin weet hawwe fan de mooglikheit om in toanieloplieding to folgjen en dy't net tale nei in opfiering dy't troch in biropsselskip jown wurdt. Sa lang de inkelde goede stikken dy't der noch skreaun wurde, yn hannen jown wurde moatte fan dit spilersmateriael is it amper forantwurde en bitink it hûndertjierrich bistean fan it Fryske toaniel. Dat ûnderskreaune dochs sa dryst west hat en nim sit yn in bitinkingskommisje kin allinne forklearre wurde omdat de minske altyd noch wol hwat oan wûnders leaut; sels oan it wûnder, dat ienris de krantelju skriuwe sille, Friezen fan fleis en bloed hawwe it echte Spaenske temperamint op de planken brocht. Tsjibbe Gearts hat nei alle gedachten net iens oan dy mooglikheit tocht; hûndert jier letter binne wy dan dochs mar sa fier, dat wy der fan dreame.
PITER TERPSTRA