De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 155]
| |
IIIMaeije 1940, en de reizger Jan Tjittes Piebenga wie thúsband. Hwat omgong en trochtocht troch de histoarje him oer de twastriid fan natuer en leauwe bybrocht hie, kaem doe sûnder ûntwyk fan tiid, romte en sté op him oan. Hy krige it oer him yn hûs en op hiem, yn Fryslân sels. De eigen folksmienskip ûnder idéologyske, militaire en politike twang ferge him op skerpe kar. In kar yn hwat langer hwat lytser romte fan hwat langer hwat minder frijheit. Doe koe it net mear ta mei prinsipiéle stelling tsjin it nasionael-soasialisme, it tredde Dútske ryk en de Dútske kristenen, mar wie der teffens gjin ûntkommen oan 'e bifêstiging dêrfan hieltyd wer yn bislút, yn wurd en yn died. Net allinne de forhâlding, mar ek de hâlding soe it nou op oankomme. En dat yn in situaesje, nuver gearstald, ja bitize. Mei in lân ûnder frjemde, fijannige bisetting, ûnder de sterke sûch- en parspomp fan in systematyske nasionael-soasialistyske propaganda, yn waer en wyn fan forlieding, twang en gewelt. In bisettende macht, it ûnderwurpen Fryslân to'n earsten hoeden oankommend, op fiel en taest it bitomkjend yn, mocht it wêze, swakke steden fan boere- en arbeidersbilang, driuw ta eigen sede en kultuer, histoarysk bisef fan greatgermaenske ôfstamming, it yn 'e fataliteit bisykjend to tsjoenen fan Dútsklâns biskikte ûre en tiid, wisse oerwinning en tûzenjierrige hearskippij. In folksmienskip, forbjustere fan ûnbikende ynbraek, oarloch, nederlaech en it bloed fan soannen, bimongen yn Hollânsk en Nederlânsk, oanstriden fan nasionael-soasialistyske sympathyen en bistribbingen yn eigen formidden, en net lyts in tiid nedich hawwend om dei en wei to winnen. Oerheden, binnenlâns en binnensteats hwat langer hwat ûnmachtiger, en bûten de steatsgrinzen, to'n earsten út in ûnmachtige fierte, de oarloch trochsettend. In aloan tanimmende idéologyske, politike en ekonomyske lykskeakeling fanwegen de bisetter, en de nije oarder de bisetten opfieding ta al fornimstiger kunst om sa min mûglik to sjen, to hearren en to sizzen. In biweging, hwerfan't inkele foarmannen òf prinsipiëel òf opportunistysk yn in Dútske oerwinning heil ek foar Fryslân seagen. Koe it ûngelokkiger, sa'n situaesje? Hja joech gelegenheden oer en to folle ta wifeling, twiveling, ûnbirettens, wankeling. Safolle as, yn 'e biweging likegoed as ûnder it folk, it tredde Dútske ryk, syn idéology en syn gewelt sûnder yn it minst to wifkjen prinsipiëel ôfwiisden, ja dêr maeije '40 noch fûler yn bifêstige waerden, sa'n bytsje is it fan 'e earste ûre ôf slagge, yn 'e slim bitize situaesje mei deselde wissichheit har hâlding fêst to stellen en to ûntkommen fan wankele missetten. En dêrta bihearde ek Piebenga; Omgong en Trochtocht wiist it kleardernôch út. Likemin as it | |
[pagina 156]
| |
oergreate meartal fan folk en biweging hie hy der lijen mei, Dútsklâns ûnrjocht en gewelt oan 'e tsjerke, de Joaden, de wittenskip, de demokraty en de frijheit to foroardieljen. Der kin sels sein wurde, dat net folle sa skerp as hy it gefaer en it fordjer fan it tredde Dútske ryk mei syn geweltkultus, syn natuerforgodliking en syn karikatuer fan in bloedthéology sjoen hawwe. Mar yn syn great gefoel fan forantwurdlikheit foar Fryslân, Fryslân dat yn 'e tûmel fan 'e tiid en de moarddedige botsing fan 'e machten sa neakene machteleas lei, seach hy der tsjin oan om foarsafier't hy mei to sprekken en to bisluten hie, fuort alles op skerp to setten, skerper as nei syn bitinken folk en biweging treast wiene. Ek moat er yn it earst oan wol twivele hawwe, of't de oarloch ea in kear tsjin Dútsklân nimme soe, en net kleardernôch woe it him de earste jierren dei wurde, dat sa'n ûre dochs by gjin mûglikheit forwidering fan Fryslâns en Nederlâns wei taliet. Sa kaem Piebenga, einliken frijhwat tsjin syn natuer, der ta, gjin radikale, mar in wize, foarsichtige hâlding oan to nimmen en de biweging to rieden, dat hja om 'e wille fan Fryslân net mear weagje soe as hwat neffens eask en oertsjûging fan prinsipe weage wurde moast. Mar dêrta brocht him ek syn stân ûnder it probleem, dat him al fan jongereinsjierren ôf dwaende hâlden, om net to sizzen forfolge hie. In âld probleem, sa âld as it útinoarfallen fan Europa's geastlik-tsjerklike ienheit en it forfal fan it corpus christianum: de forhâlding fan ienheit en frijheit. Dat net to min kaem yn 1940 skerprjocht op Piebenga oan, en it snie skerper as ea. Der wie nou gjin histoaryske distânsje mear tusken, it liet gjin ynklaeide Frysk-tradisionéle ûnderskieding fan ienheit en forskaet langer ta, it stie op 'e bleate sneed fan 'e twingende, direkte fraech: Kin ienheit yn frijheit bistean en frijheit yn ienheit? Of binne hja elkoarren fijân en moatte hja dat wêze? Dêroer mei himsels en mei Fryslân klearrichheit to krijen, is Piebenga swier fallen. Dit probleem - it tredde yn ús bisykjen om Omgong en Trochtocht ûnderskiedend gear to fetsjen - hie syn bilangstelling djipper as gjin oar, en as Frysk strider, as histoarikus, as man fan 'e (herfoarme) tsjerke wist er, hoefolle der fan it antwurd ôfhingje koe, net allinne foar de takomst, mar yn 'e ûre fan bisetting en oarloch ek fuort al. It hoecht dan ek gjin nij to dwaen, dat er doe bigoun is mei to stean dêr't er fóár 1940 stien hie. It like him dwaenlik en forantwurde ta, noch safolle mûglik frijheit of alteast kâns dêrop to bihâlden, mei yn alle gefallen yn 'e biweging sa goed en lang mûglik wie it gjin ienheit, dan dochs de ienriedichheit to biwarjen. Heech sil er dy rekken foar it neist sels net hawn hawwe, mar wol achte er it muoite en argewaesje wurdich, him stûf to meitsjen. En langer as oaren hat er wurk hawn om to konstatearjen, dat it mei gauwens bliken dien hie in misrekken to wêzen en dêr de konsekwinsje út to lûken. In nuodlik forsin, dêr't Friezen dochs mei har swak bigryp, foar de needsaek, dat men yn in politike situaesje - en bisetting wie en is in politike situaesje - gjin literator, kronikeur of oernimmer en trochdogger fan fersen, mar fóár alle dingen politikus hat to wêzen, sa licht ta forfalle. Dêrtroch koe Piebenga noch in skoft miene, dat it útinoar fallen fan it trije- | |
[pagina 157]
| |
manskip net definityf hoegde to wêzen, en ûntkaem him, oars as biweging en folk, yn it earst oan de biskiedende bitsjutting derfan. Of leaver, it foel him swier, dy biskieding deryn fuort to erkennen. Langer tiid moast er hawwe om ôfskie to nimmen fan syn hope, hoe swak dan ek, dat ienheit of tominsten ienriedichheit yn 'e biweging in middel wêze koe om fan folksfrijheit yn Fryslân noch to rêdden hwat der fan to rêdden wêze mocht. Mar der wie neat to rêdden, waerd ek hy hoe langer hoe klearder oertsjûge, net mear as de bisetter hage en haegje soe. In bisetter mei in oar bigryp fan ienheit en frijheit as it Fryske: in ienheit en in frijheit, gearsmeid allinnich yn twang, lykskeakeling, slavernij. En sa gau't Piebenga bigrepen hie, dat it nasionael-soasialistysk Dútsklân ek Fryslân dêryn gjin romte litte soe, koe noch woe er langer foar de radikale kar wei en keas er tsjin sa'n ienheit resolút foar de frijheit, keas er mei syn folk de striid foar frijheit ta ienheit en ienheit yn frijheit.
(Wurdt noch ienris forfette) |
|